Regio's fan Ingelân
Regio's fan Ingelân | |
De regio's fan Ingelân binne de heechste bestjoerlike laach yn Ingelân.
Ingelân is ferparte yn njoggen regio's dy't elk út ien of mear counties (greefskippen) bestean. Dy ûnderferdieling waard yn 1994 ûnder it regear fan John Major ynfierd. De regio's binne sûnt 1999 statistyske NUTS level 1 regio's.
Yn 1998 waard de regio Merseyside by de regio Noardwest-Ingelân foege.
De macht fan in regio is beheind, en regionale bestjoerders wurde der net keazen, útsein dy fan Grut-Londen.