Lambda Literary Award

De Lambda Literary Awards ("Lambda Literatuerprizen"), ek wol bekend as de Lammys, binne in groep Amerikaanske literatuerprizen dy't ienris yn 't jier útrikt wurde troch de Lambda Literary Foundation, foar literêre wurken wêryn't homo-, bi- en/of transseksualiteit op in positive wize op 'e foargrûn helle wurdt. (De Grykske letter lambda (λ) is, alteast yn 'e Feriene Steaten, in symboal fan 'e homorjochtebeweging.) De Lambda Literary Awards waard ynsteld yn 1988, en de oarspronklike 14 kategoryen binne ûnderwilens útgroeid ta 22. Iere kategoryen, lykas foar literatuer dy't spesifyk oer HIV/AIDS gie, binne opdoekt doe't de AIDS-krisis geandewei de tiid in minder driuwend karakter krige, wylst nije kategoryen oangeande bi- en transseksualiteit letter tafoege binne ûnder druk fan harren respektivelike belange-organisaasjes en aktivisten.

Lambda Literary Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar homoseksualiteit yn literatuer
útrikt troch Lambda Literary Foundation
frekwinsje 1x jiers
ynsteld 1988
offisjele webside
www.lambdaliterary.org/awards/

Njonken de primêre prizen rikt de Lambda Literary Foundation ek in stikmannich spesjale prizen út. De Pioneer Award ("Pionierspriis") is in priis dy't útrikt wurdt oan in foaroansteand persoan út 'e homorjochtebeweging foar syn of har libbenslang krewearjen. De Bridge Builder Award ("Brêgebouwerspriis") giet nei in persoan, lykfol hokker seksuële oriïntaasje oft dy ek hawwe mei, dy't him ynset hat foar de homo-, bi- en transmienskip. En de Trustee Award ("Folmachtspriis") is foar in skriuwer dy't yn hege mjitte bydroegen hat ta in better begryp fan en foar de homo-, bi- en transmienskip yn 'e bredere maatskippij. Begjin 2011 naam de Lambda Literary Foundation ek de útrikking oer fan 'e Jim Duggins Outstanding Mid-Career Novelists' Prize ("Jim Duggins Bûtengewoane Midskarriêre-romanskriuwerspriis"), in oeuvrepriis dy't elts jier takend wurdt oan twa homo-, bi- of transseksuële skriuwers, in man en in frou. En ta einbeslút stelde de Foundation yn 2013 de Dr. Betty Berzon Emerging Writer Award ("Dr. Betty Berzonpriis foar Oankommende Skriuwers") yn, om jonge skriuwers te earjen dy't teminsten ien boek publisearre hawwe.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.