Star Trek: Generations

Star Trek: Generations is in Amerikaanske science fiction-film út 1994 ûnder rezjy fan David Carson, mei yn 'e haadrollen Patrick Stewart, William Shatner en Malcolm McDowell. It wie de sânde film út 'e Star Trek-filmsearje, mar de earste dy't basearre wie op 'e tillefyzjesearje Star Trek: The Next Generation. De titel betsjut "Stjerretocht: Generaasjes". It ferhaal giet oer de psychopatyske wittenskipper Tolian Soran dy't genoside begean wol om himsels werom te bringen yn in steat fan ivige loksilligens. Om dat tsjin te kearen smyt kaptein Jean-Luc Picard fan 'e USS Enterprise-D de lapen gear mei kaptein James T. Kirk fan 'e USS Enterprise-A. Star Trek: Generations krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar prestearre ridlik yn 'e bioskopen.

Star Trek: Generations
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur David Carson
produsint Rick Berman
senario Ronald D. Moore
Brannon Braga
basearre op Star Trek: The Next Generation
   fan Gene Roddenberry
kamerarezjy John A. Alonzo
muzyk Dennis McCarthy
filmstudio Paramount Pictures
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Patrick Stewart
William Shatner
Malcolm McDowell
byrollen Jonathan Frakes
Brent Spiner
LeVar Burton
Michael Dorn
Marina Sirtis
Gates McFadden
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 18 novimber 1994
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-film
taal Ingelsk
spyltiid 118 minuten
budget en resultaten
budget $35 miljoen
opbringst $118,1 miljoen
filmsearje
filmsearje Star Trek (filmsearje)
● foarich diel Star Trek VI: The
   Undiscovered Country
● folgjend diel Star Trek: First Contact

Yn it jier 2293 wenje kaptein b.tsj. James T. Kirk en syn âlde bemanningsleden Montgomery Scott en Pavel Chekov as earegasten de earste reis fan in nij romteskip fan 'e Stjerrefloat fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten by. It is de USS Enterprise-B, de opfolger fan harren eigen skippen, de Enterprise en letter de Enterprise-A. Gesachfierder is de griene kaptein John Harriman. It skip is kwealk ûnderweis as der in alaarmsinjaal opfongen wurdt fan twa El-Auriaanske romteskippen fol flechtlingen foar de Borg-ynvaazje fan harren thúswrâld, dy't bestrûpt rekke binne yn in nuver en reuseftich enerzjylint.

Nettsjinsteande de breklike tarissing fan it nije Stjerrefloat-skip wit Harriman mei Kirk as adviseur in diel fan 'e flechtlingen te rêden troch se oan board te strieljen foar't de beide El-Auriaanske skippen troch it enerzjylint ferneatige wurde. Dêrby komt de Enterprise lykwols sels yn it lint fêst te sitten. Scotty tinkt dat it skip los komme kin troch mei de deflektorskûtel in antymatearje-ûntploffing foar de boech te simulearjen. Kirk set dêrop nei it deflektorskûtelkontrôlesintrum, dêr't er de hardware oanpast om sa'n eksploazje mooglik te meitsjen. Op dy manear wit de Enterprise yndie los te kommen, mar net foar't it enezjylint in gat yn 'e romp fan it skip klaut, mei as gefolch dat ferskate seksjes bleatsteld wurde oan 'e romte, wêrûnder it deflektorskûtelkontrôlesintrum. Fan Kirk wurdt neat mear fernommen en men nimt oan dat er omkommen is.

Achtensantich jier letter, yn 2371, fiert de bemanning fan 'e USS Enterprise-D mei in tradisjonele seremoanje op in op it holodek simulearre santjinde-iuwsk sylskip de befoardering fan 'e Klingon Worf ta luitenant 1e klasse fan 'e Stjerrefloat. Midden ûnder de feestlikheden kriget kaptein Jean-Luc Picard berjocht dat syn broer en omkesizzer omkommen binne by in brân. Mei't Picard sels gjin bern hat, betsjut dat dat it âlde, romrofte laach Picard mei harren einige is. It nijs stoart him yn in klinyske depresje dy't er mar dreech ôfskodzje kin. Underwilens ûntfangt de Enterprise in alaarmsinjaal fan in observatoarium dat yn in baan om 'e stjer Amargosa sirkelet, dêr't de bemanning ûnder lieding fan earste ofsier William T. Riker de El-Auriaanske wittenskipper dr. Tolian Soran rêdt nei't it romtestasjon oanfallen is troch Romulanen.

De androïde Data en de bline masinist Geordi La Forge ûntdekke yn in ferburgen romte yn it observatoarium in stof dy't 'trilitium' hjit, en dêr't de Romulanen blykber nei op 'e siik wiene. Op dat stuit komt Soran harren oer it mad en slacht La Forge bewusteleas. Data soe syn maat rêde kinne, mar hy hat koartby in emoasjechip by himsels ynstallearre, en in him folslein ûnbekend gefoel fan eangst wurdt him oermânsk, sadat er yn in hoekje yninoar krimpt. Soran sjit in romtesonde mei in lading trilitium ôf op Amargosa, mei as gefolch dat alle kearnfúzje ophâldt en de stjer ymplodearret. Soran wurdt dêrnei fuortstriele nei in Klingon-romteskip en nimt La Forge mei. It blykt it skip fan 'e ferriedlike susters Duras te wêzen, Lursa en B'Etor, dy't it trilitium fan 'e Romulanen stellen hiene en fan doel binne om Soran syn trilitium-wapen te brûken om 'e macht yn it Klingonryk yn 'e hannen te krijen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Riker en Worf rêde Data krekt foar't it observatoarium ferwoastge wurdt troch de skokweach fan 'e ymplodearre stjer, en de Enterprise kin mar kwealk op 'e tiid fuortkomme. As Riker neitiid yn it ferline fan Soran begjint te dollen, ûntdekt er dat de man ien fan 'e flechtlingen wie dy't yn 2293 troch de Enterprise-B rêden is fan it enerzjylint. It tafal wol dat in oarenien fan dy flechtlingen oan board fan 'e Enterprise-D is: de barkeepster Guinan. Picard ûnderstiet Guinan oer wat se fan Soran wit. Hja fertelt him dat de man syn frou en bern ferlern hat by de Borg-ynvaazje fan harren thúsplaneet. Op 'e flecht yn in âld frachtskip rekken se bestrûpt yn it nuvere enerzjylint, dat Guinan de 'Nexus' neamd en omskriuwt as in bûtendiminsjonaal plak dêr't de tiid gjin betsjutting hat en eltsenien ûnderfine kin wat er mar wol. Foar Soran, dy't dêr wer mei syn deade frou en bern libje koe, wie dat it paradys. Doe't Scotty harren oan board fan 'e Enterprise-B striele, ûntskuorde er harren dêr oan. Normale persoanen, lykas Guinan, hawwe besocht har by de sitewaasje del te lizzen en in nij libben op te bouwen, mar Soran, dy't psychopatyske trekjes hat, is obsedearre rekke troch syn wil om werom te kearen nei de Nexus.

Picard en Data riddenearje út dat Soran, dy't net mei in romteskip it enerzjylint ynfleane kin om't er der net wis fan wêze kin dat it skip langernôch yntakt bliuwe sil, in plan makke hat om it paad fan it enerzjylint te feroarjen, sadat it nei him ta komme sil. De ferwoastging fan Amargosa hat de swiertekrêft yn dit diel fan it hielal sadanich feroare, dat it enerzjylint no yn 'e neie takomst deunby de planeet Veridian III lâns komme sil. Mar as er ek de stjer Veridian ymplodearje lit, sil it lint dwers troch dy planeet hinne gean. No wie Amargosa in ûnbewenne stjerrestelsel, mar op 'e planeet Veridian IV bestiet in pre-yndustriële bûtenierdske beskaving fan 230 miljoen lju. Soran is lykwols net fan doel om him troch wat ûnbelangryks as genoside fan syn doel ôfbringe te litten.

Dat, de USS Enterprise set koers nei it Veridian-stelsel. As it skip dêr arrivearret, wol Soran dat de susters Duras it ferneatigje, mar Lursa en B'Etor lizze him út dat harren ferâldere Klingon-skip lang net op kin tsjin it Stjerrefloatskip. De Enterprise makket kontakt mei it Klingon-skip. Data, dy't no fertard wurdt troch skuldgefoelens oer syn eardere leffens, biedt himsels oan yn ruil foar de frijlitting fan La Forge, mar kaptein Picard leit dêr it near op en biedt ynstee oan om La Forge foar hìm te ruiljen, op betingst dat er earst nei de geheime lokaasje op Veridian III striele wurdt dêr't Soran no is. Lursa en B'Etor geane op dat foarstel yn. Picard wurdt nei it Klingon-skip striele en dêrwei nei de planeet, wylst La Forge frijlitten en nei de Enterprise striele wurdt. Wat bemanning fan it Stjerrefloatskip lykwols net wit, is dat Soran it fizier der't de bline La Forge mei sjocht, oanpast hat om 'e bylden troch te stjoeren nei it Klingon-skip.

Wylst Picard op Veridian III om 'e nocht op Soran ynpraat om 'e man op oare gedachten te bringen, folgje de susters Duras op 'e brêge fan harren skip mei oanboazjend ûngeduld de ferrjochtings fan La Forge oan board fan 'e Enterprise. As de masinist him einlings en te'n lêsten nei de masinekeamer bejout, wurde de Klingons dêr op in display de modulaasje fan it enerzjyskyld fan 'e Enterprise gewaar. Troch harren torpedo's deselde modulaasje te jaan, kinne dy sûnder swierrichheden troch it enerzjyskyld hinne komme. Sa bringe de susters Duras kritike skea oan 'e Enterprise ta. Riker, dy't yn 'e ôfwêzichheid fan Picard it befel oer it skip fiert, wit lykwols gebrûk te meitsjen fan in ûntwerpflater yn it type skip dat de susters Duras hawwe, troch it ynwurkingstellen fan it kamûflaazjeskerm te feroarsaakjen. Om't dêrfoar it enerzjyskyld útset wurde moat, is it Klingon-skip in pear tellen kwetsber. Riker makket dêrfan gebrûk om it te ferneatigjen, wêrby't de susters Duras en alle oare opfarrenden omkomme.

Troch de oanfal fan 'e Klingons hat de USS Enterprise lykwols net mear goed te meitsjen skea oprûn oan 'e bôgekearn, de wichtichste oandriuwingsfoarm. Dêrom lit Riker de oandriuwingsseksje fan it skip ûntromje en de skûtelseksje fan 'e oandriuwingsseksje loskeppelje. De skokweach fan 'e ûntploffing fan 'e oandriuwingsseksje makket lykwols de bestjoering fan 'e skûtelseksje, dy't him op dat stuit noch te tichtby befynt, ûnklear. De skûtelseksje rekket dêrnei fêst yn 'e swiertekrêft fan Veridian III en stoart op it oerflak fan 'e planeet del.

Hoewol't Picard alle war docht om Soran syn plan, om in raket mei trilitium op 'e stjer fan Veridian ôf te sjitten, te sabotearjen, slagget dat him net. Hy moetet Soran op it metalene fuotbrechje nei it lansearringsplatfoarm, mar Soran wurdt him yn in gefjocht oermânsk en slacht him fan it brechje ôf. Picard syn hoop is der dan op fêstige dat de Enterprise de raket delsjitte sil, mar hy wit net dat it skip al fier by him wei op 'e planeet delstoart is. Sadwaande kin Soran sûnder swierrichheden syn raket yn 'e stjer fan Veridian sjitte, dy't dêrtroch ymplodearret, wat de swiertekrêft yn it planetestelsel sadanich feroaret dat it enerzjylint dwers troch de planeet Veridian III hinne giet. Soran en Picard wurde troch it enerzjylint opnommen inkele mominten foar't de skokweach fan 'e ymplodearre stjer de hiele planeet oan grom bûket, de delstoarte Enterprise en syn bemanning ynbegrepen.

Yn 'e Nexus komt Picard thús yn in eigen hûs dat him ûnbekend is, by in húshâlding mei syn frou en syn fjouwer bern dy't er nea hân hat. Hy wurdt in koart skoftke ferlaat om him oan dy fantasij oer te jaan, mar beseft al rillegau dat it allegear mar in yllúzje is. Yn 'e Nexus moetet er Guinan, dy't him útleit dat sy hjir mar in echo fan 'e wiere Guinan is, dy't efterbleaun is doe't de wiere Guinan 78 jier lyn troch Scotty weromskuord waard it echte hielal. De echo fan Guinan leit Picard út dat er yn 'e Nexus alles wêze kin en alles hawwe kin dat er wol en dat dat oant yn ivichheid trochgean kin, om't tiid yn dat plak net bestiet. Hy hat it dêr lykwols no al besjoen en wol werom nei it echte hielal. De echo fan Guinan fertelt him dat er, om't tiid yn 'e Nexus net bestiet, nei elts mooglik tiidstip en plak yn it wiere hielal gean kin, simpelwei troch dat te wollen. Picard ornearret dat er nei Veridian III gean wol, krekt foar't Soran de trilitiumraket op 'e stjer ôfskeat. Om foar te kommen dat de skiednis him werhellet, wol Picard lykwols dat Guinan mei him giet om him te helpen. Sy leit him lykwols út dat se net út 'e Nexus wei kin, om't se ommers al yn it wiere hielal bestiet. Se wit lykwols wol in oarenien dy't him wol helpe kin.

Dy oare is James T. Kirk, dy't út syn eigen perspektyf wei ek noch mar krekt yn 'e Nexus arrivearre is. Picard sprekt him oan en freget om syn help, mar Kirk is yn 't earstoan tsjinnich om dy te jaan. Hy fynt dat it hielal him wol wat skuldich is, en dat in bestean yn 'e Nexus in moaie werombetelling wêze kin. Oars as Picard, dy't in libben byinoar fantasearre dat nea wier bestien hie, giet Kirk werom yn 'e tiid, nei de deis dat er op it boerespultsje fan syn omke yn Idaho in frommeske mette dat Antonia hiet. Hy pykt op it hynder út om 'e moeting op 'e nij te belibjen, wylst de yrritearre Picard him efternei komt. As er mei syn hynder in pear kear oer in smelle, mar djippe kleau hinne springt, jout Kirk it lykwols oer. Hy fertelt Picard dat er yn it echt wol tritich kear oer dy kleau hinne sprongen is, en dat er eltse kear dea-eangst fielde, mar dat it him no folslein kâld lit. In dreambestean dat him neat fiele lit, hat gjin oantrekking foar Kirk, dat tegearre mei Picard reizget er yn tiid werom nei Veridian III, krekt foar't Soran syn raket op 'e stjer ôfskeat.

Diskear is it Kirk dy't Soran op it metalene fuotbrechje opwachtet, ta betizing en argewaasje fan 'e wittenskipper. Wylst Kirk Soran ôfliedt, wit Picard de raket mei it trilitium oan it lansearringsplatfoarm fêst te setten. Dêrtroch ûntploft de raket as er opstiigje sil en Soran komt by de ekploazje om it libben. By it gefjocht mei Soran is Kirk mei brechje en al yn 'e djipte klettere, en Picard fynt syn foargonger fataal ferwûne werom op 'e boaiem fan 'e kleau. Hy bewissiget him derfan dat syn oanwêzigens it ferskil makke hat, wêrnei't Kirk ferstjert. Picard begraaft him op dat plak. Tsjin 'e tiid dat er dêrmei klear is, komt der in shuttle fan 'e delstoarte skûtelseksje fan 'e Enterprise oan om him op te heljen. De ferliezen mank de bemanning binne licht, mar de Enterprise-D is wolfergoed nei gychem. Net folle letter arrivearje trije romteskippen fan 'e Stjerrefloat by Veridian III, dy't de strâne bemanning opstrielje. Picard en Riker binne de lêsten dy't noch yn it wrak fan harren âlde skip omstippe. As Riker him deroer beklaget dat er no nea yn 'e kapteinsstoel sitte sil, bewissiget Picard him derfan dat dit grif net it lêste skip wie dat Enterprise hjitte sil.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Sir Patrick Stewart.
 
William Shatner.
 
Malcolm McDowell.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
kaptein Jean-Luc Picard Patrick Stewart
kaptein James T. Kirk William Shatner
dr. Tolian Soran Malcolm McDowell


byrollen
personaazje akteur/aktrise
kaptein-luitenant William T. Riker Jonathan Frakes
luitenant 1e klasse Data Brent Spiner
luitenant 1e klasse Geordi La Forge LeVar Burton
luitenant 1e klasse Worf Michael Dorn
kaptein-luitenant adviseur Deanna Troi Marina Sirtis
kaptein-luitenant dokter Beverly Crusher Gates McFadden
kaptein-luitenant Montgomery Scott James Doohan
kaptein-luitenant Pavel Chekov Walter Koenig
Guinan Whoopi Goldberg
Lursa Barbara March
B'Etor Gwynyth Walsh
kaptein John Harriman Alan Ruck
faandrich Demora Sulu Jacqueline Kim
wittenskipsofsier USS Enterprise-B Jenette Goldstein
luitenant USS Enterprise-B Tim Russ
kommunikaasje-ofsier USS Enterprise-B Thomas Kopache
navigator USS Enterprise-B Glenn Morshower
ferpleechkundige Alyssa Ogawa Patti Yasutake
faandrich Hayes Michael Mack
kompjûterstim Majel Barrett
frou fan Picard yn Nexus Kim Braden

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Star Trek: Generations waard regissearre troch David Carson nei in senario fan Ronald D. Moore en Brannon Braga. As produsint wie Rick Berman by it projekt belutsen foar filmstudio Paramount Pictures. Der wie in budget fan $35 miljoen foar de film beskikber. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan John A. Alonzo, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Dennis McCarthy.

Star Trek: Generations wie de sânde film út 'e Star Trek-filmsearje, mar de earste dy't basearre wie op 'e tillefyzjesearje Star Trek: The Next Generation (de foargeande seis wiene basearre op Star Trek: The Original Series). De hiele fêste cast fan The Next Generation die oan 'e film mei, útsein Wil Wheaton, dy't yn 'e searje de jonge Wesley Crusher spile. Michael Dorn, dy't de Klingoneeske Stjerrefloatofsier Worf spile, wie de iennichste fan harren dy't alris earder yn in Star Trek-film te sjen west hie; yn Star Trek VI: The Undiscovered Country hied er nammentlik Worf syn pake spile, dy't ek Worf hiet, en dy't yn dy film de abbekaat is fan kaptein James T. Kirk en dokter Leonard McCoy by it showproses dat de Klingons tsjin harren hâlde.

 
De Lady Washington gie troch foar de holodekskepping fan in sylskip mei de namme Enterprise.

Oarspronklik wie it de bedoeling dat ek de hiele rolbesetting fan Star Trek: The Original Series yn Star Trek: Generations figurearje soe, mar úteinlik waard dat werombrocht ta inkeld William Shatner as kaptein James T. Kirk, mei James Doohan as Scotty en Walter Koenig as Chekov. Leonard Nimoy (dy't yn The Original Series Spock spile) en DeForest Kelley (dokter Leonard McCoy) wegeren op te draven foar de nije film. Nimoy, dy't ek it oanbod om 'e rezjy te fieren ôfslein hie om't er fûn dat der problemen wiene mei it skript, sei dêroer: "[…] as je de tsien of fyftjin regels dialooch fan Spock namen en ienfâldichwei de namme fan it personaazje feroaren, soe net ien it ferskil merke." Produsint Rick Berman geat de ôfstegering yn 'e posityfste foarm troch te stellen: "Sawol Leonard Nimoy as DeForest Kelley fûnen dat der yn 'e lêste film al passend ôfskie nommen wie."

De opnamen setten útein op 28 maart 1994. In diel fan 'e sênes (benammen dy oan board fan 'e romteskippen) fûn plak yn 'e Paramount Studios yn Hollywood. In grut diel fan 'e rest waard, nettsjinsteande besunigings op it budget, op lokaasje opnommen. Sa waard de sêne op it holodek oan board fan in sylskip filme op see foar de Kalifornyske kust by Marina del Rey, oan board fan 'e Lady Washington, in replika op wiere grutte fan it earste Amerikaanske skip dat nei Japan fear. De klimaktyske sênes mei Picard, Soran en letter ek Kirk tusken de rotsen op 'e planeet Veridian III waarden eins opnommen yn it Steatspark Valley of Fire, noardlik fan Las Vegas, yn 'e Amerikaanske steat Nevada. De wente fan Picard yn 'e Nexus stie eins yn Pasadena (Kalifornje), en dy fan Kirk yn 'e Nexus stie yn Lone Pine (Kalifornje).

 
De kliffen fan it Steatspark Valley of Fire giene troch foar de planeet Veridian III.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Star Trek: Generations waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 18 novimber 1994 yn 'e bioskopen yn 'e Noard-Amearika yn premiêre.

Fan 'e filmkritisy krige Star Trek: Generations mingde resinsjes. James Berardinelli parte film 21/2 fan 4 stjerren ta, en skreau: "Nettsjinsteande in ridlik orizjinele ferhaalline, bekende personaazjes, earsteklas special effects en de garânsje fan in moeting tusken de kapteins Kirk en Picard is der wat fûneminteel ûnbefredigjends oan [de film]. It probleem is dat […] it te faak net folle mear liket te wêzen as in oerbegrutte, dûbellange ôflevering fan 'e tillefyzjesearje Star Trek: The Next Generation."

Yn The New York Times skreau Janet Maslin: "[De film] is op plakken foarsisber swak en amper nei te kommen, mar hat genôch pracht en preal, spektakel en hich-tech-praat om 'e franchise driuwende te hâlden." Jeremy Conrad fan IGN joech de film in 7 op in skaal fan 1 oant 10 en sei dat er "in bytsje tahastige en forsearre oanfielt", mar hy neamde it ek "ien fan 'e bettere ûneven-nûmere Star Trek-films", wêrmei't er ferwiisde nei in teory ûnder Star Trek-fans en guon filmkritisy dat even-nûmere Star Trek-films altyd stikken better binne as ûneven-nûmere.

Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times skreau yn in negative resinsje dat Star Trek: Generations "ûnderút helle [waard] troch syn eigen narsisme." Dat soe neffens him feroarsake wurde trochdat de klam yn 'e film tefolle lein waard op inside jokes fan 'e franchise en ek troch it "oergebrûk fan mearwurdliddige pseudowittenskiplike kletskoek" yn 'e dialooch fan 'e personaazjes. Ebert beklage him fierders oer it neffens him "fantasijleaze" skript en skreau dat hoewol't "it romteskip drystmoedich gean kin dêr't noch nimmen gien is, de senarioskriuwers inkeld it tsjinstelde dwaan kinne."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Star Trek: Generations in tuskenbeiden goedkarringspersintaazje fan 49%, basearre op 49 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is in midsmjittige wikseling fan 'e wacht foar de bemanning fan 'e Enterprise, mei in saaie plot dy't soms wol in útwreide ôflevering fan 'e tillefyzjesearje liket." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Star Trek: Generations in goedkarringspersintaazje fan 55%, basearre op 22 resinsjes.

Star Trek: Generations brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $75,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $42,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $118,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $35 miljoen betsjut dat in winst fan $83,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Trek
 
tillefyzjesearjes
live-actionsearjes Star Trek:  The Original Series (1966–1969) • Star Trek: The Next Generation (1987–1994) • Star Trek: Deep Space Nine (1993–1999) • Star Trek: Voyager (1995–2001) • Star Trek: Enterprise (2001–2005) • Star Trek: Discovery (2017–20??) • Star Trek: Short Treks (2018–20??) • Star Trek: Picard (2020–20??) • Star Trek: Strange New Worlds (2022–20??)
tekenfilmsearjes Star Trek: The Animated Series (1973–1974) • Star Trek: Lower Decks (2020–20??) • Star Trek: Prodigy (2021–20??)
 
filmsearje
op basis fan Star Trek: The Original Series Star Trek: The Motion Picture (1979) • Star Trek II: The Wrath of Khan (1982) • Star Trek III: The Search for Spock (1984) • Star Trek IV: The Voyage Home (1986) • Star Trek V: The Final Frontier (1989) • Star Trek VI: The Undiscovered Country (1991)
op basis fan Star Trek: The Next Generation Star Trek: Generations (1994) • Star Trek: First Contact (1996) • Star Trek: Insurrection (1998) • Star Trek: Nemesis (2002)
reboot-filmsearje Star Trek (2009) • Star Trek: Into Darkness (2013) • Star Trek: Beyond (2016)