Star Trek V: The Final Frontier

Star Trek V: The Final Frontier is in Amerikaanske science fiction-film út 1989 ûnder rezjy fan William Shatner, mei yn 'e haadrollen Shatner sels, Leonard Nimoy en DeForest Kelley. De ûndertitel betsjut "De Lêste Grins", en ferwiist nei lêste foargrins fan 'e beskaving, d.w.s. de romte. It ferhaal folget de bemanning fan it romteskip de USS Enterprise as se te meitsjen krije mei de Vulcaanske renegaat Sybok, dy't God siket yn it sintrum fan 'e Molkewei. Star Trek V: The Final Frontier wie de fyfde en foarlêste film yn 'e Star Trek-filmrige dy't basearre wie op 'e tillefyzjesearje Star Trek: The Original Series, út 'e 1960-er jierren. De filmkritisy moasten net folle fan 'e film hawwe en ek yn 'e bioskopen prestearre Star Trek V: The Final Frontier teloarstellend.

Star Trek V: The Final Frontier
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur William Shatner
produsint Harve Bennett
senario David Loughery
basearre op Star Trek: The Original Series
   fan Gene Roddenberry
kamerarezjy Andrew Laszlo
muzyk Jerry Goldsmith
filmstudio Paramount Pictures
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen William Shatner
Leonard Nimoy
DeForest Kelley
byrollen James Doohan
Nichelle Nichols
George Takei
Walter Koenig
Laurence Luckinbill
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 9 juny 1989
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-film
taal Ingelsk
spyltiid 106 minuten
budget en resultaten
budget $33 miljoen
opbringst $63 miljoen
filmsearje
filmsearje Star Trek
● foarich diel Star Trek IV: The Voyage Home
● folgjend diel Star Trek VI: The Undiscovered
   Country

De measte bemanningsleden fan 'e nije USS Enterprise (NCC-1701-A), dy't troch de Stjerrefloat fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten krekt yn 'e feart nommen is, genietsje nei de earste testreis mei it romteskip fan in wolfertsjinne rêst. Yn it Nasjonaal Park Yosemite is kaptein James T. Kirk mei syn earste ofsier, de Vulcaniër Spock, en de skipsdokter, Leonard McCoy, te kampearjen gien. Kirk giet te berchbeklimmen en besiket mei McCoy om Spock kampfjoerferskes te learen. Piloat Hikaru Sulu en syn maat, navigator Pavel Chekov, ûndernimme in kuiertocht troch de wyldernis. Masinist Montgomery Scott is mei luitenant Uhura efterbleaun oan board fan 'e Enterprise, dy't ûnder de testreis in ferrassend oantal defekten bliek te hawwen. Scott hat der hiel wat mei te stellen om it skip op 'e tiid foar in nije misje farklear te hawwen.

Underwilens dûkt op Nimbus III in Sybok op, in nuveraardich soarte fan profeet. Nimbus III is in planeet yn 'e Neutrale Sône, dy't bestjoert wurdt troch in kondominium besteande út 'e Feriene Federaasje fan Planeten, it Klingon-Ryk en it Romulaanske Stjerreryk. It is de saneamde "Planeet fan 'e Yntergalaktyske Frede", dy't in blinkend foarbyld fan gearwurking tusken de trije tradisjonele fijannen wurde moatten hie, mar dat projekt is jammerdearlik mislearre. Sybok, in Vulcaniër dy't him net hâldt en draacht as in Vulcaniër, wit grutte oanhing ûnder de ferearmoede befolking fan 'e planeet te krijen. Mei syn oanhingers kringt er it plakje binnen dat trochgiet foar de planetêre haadstêd, en nimt dêr de konsuls fan 'e Federaasje, it Klingon-Ryk en it Romulaanske Stjerreryk yn gizeling.

Kirk-en-dy wurde weromroppen fan ferlof, en de USS Enterprise wurdt nei Nimbus III stjoerd om regaad te meitsjen. Hoewol't de lieding fan 'e Stjerrefloat wit dat de helte fan 'e technology oan board fan it skip net funksjonearret, wol men in man mei ûnderfining oan it haad fan dizze misje hawwe, en Kirk is dy man. Berjochten fan 'e Stjerrefloat wurde lykwols opfongen troch de Klingon-kaptein Klaa, dy't sawol ambisjeus is as net folle om hannen hat. Hy beslút ek nei Nimbus III ôf te setten, mei de bedoeling om dêr de Enterprise oan te fallen en Kirk te deadzjen ta gruttere gloarje fan himsels.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As de USS Enterprise by Nimbus III arrivearret, sette Kirk-en-dy útein mei in dryst plan om 'e konsuls te rêden. It slagget harren ek noch op in hier nei, mar de rêdingsoperaasje rint op 'e non as bliken docht dat Sybok de konsuls ûnderwilens ûnder syn macht brocht hat. Spock, dy't al bang wie dat Sybok de lieder fan 'e oproerlingen wie, mar dêr net wis fan wêze koe omreden fan 'e minne byldkwaliteit fan it berjocht dat de Stjerrefloat tastjoerd wie, moat dan oan Kirk en McCoy útlizze dat Sybok syn healbroer is. Dyselde is ferskate desennia lyn fan syn thúsplaneet Vulcanus ferballe, om't er him tsjin 'e Vulcanyske libbensregels keard hie dy't de ûnderdrukking fan emoasjes easkje. It docht ek bliken dat de gizeling fan 'e konsuls in mûklist is om in romteskip nei Nimbus III te lokjen, dat Sybok brûke wol om mei syn folgelingen nei de mytyske planeet Sha Ka Ree te reizgjen, dy't him efter de Grutte Barriêre yn it sintrum fan 'e Molkewei befine soe. Hy is derfan oertsjûge dat er dêre God fine sil.

Sybok hat de technyk fan 'e Vulcaanske ferstânsferraning ûntwikkele ta in unyk fermogen om 'e ferburgen ynderlike pine fan oaren bleat te lizzen en te genêzen. Dêrtroch kin er dy oaren syn wil oplizze. Soks hat er dien mei al syn folgelingen op Nimbus III, en ek mei de konsuls. Hy twingt Kirk om him en syn folgelingen mei te nimmen nei de Enterprise, wêrby't se tanksij it taktysk ynsjoch fan Kirk op snoade wize oan in oanfal fan Klaa ûntkomme. Ienris oan board brûkt Sybok syn fermogen om 'e bemanning fan it skip, ûnder wa Sulu, Chekov en Uhura, oan him te binen. Kirk, Spock en McCoy wegerje harren meiwurking en wurde opsletten yn it kasjot, dêr't se lykwols útbrutsen wurde troch Scott. Kirk wit in needoprop út te stjoeren, mar dy wurdt inkeld opfongen troch it skip fan Klaa, dy't sa wittenskip kriget oer de bestimming fan 'e USS Enterprise en ek koers set nei it sintrum fan 'e Molkewei.

Kirk-en-dy wurde op 'e nij finzennommen, en Sybok brûkt syn fermogen om McCoy te helpen. Inkeld Spock en Kirk blike ûnoantaastber: Spock wurdt net oars fan 'e ûnderfining en Kirk fertelt Sybok dat syn pine in ûnmisber ûnderdiel útmakket fan syn identiteit, en dat er opsokkebalje moat mei syn genêzing. Dêrnei ûntskuldiget McCoy him foar Sybok oer, en leit út dat er syn freonen net yn 'e steek litte kin. Mei tsjinnichheid slút Sybok dan in soarte fan kompromis mei Kirk, om't er ferlet hat fan Kirk syn kennis en ûnderfining. Nei't de Enterprise mei súkses troch de Grutte Barriêre hinne brutsen is, ûntdekke de opfarrenden in iensume, ûnbewenne planeet. Sybok is derfan oertsjûge dat it Sha Ka Ree wêze moat. Kirk bepaalt dat hysels, Sybok, Spock en McCoy mei in shuttle nei it planeetoerflak gean sille, mei't de transporter fan 'e Enterprise, (in apparaat dat direkte teleportaasje mooglik meitsje soe) noch altyd net funksjoneel is. Underwilens is eltsenien sa op 'e planeet fokust dat nimmen it neieroankommen fan it Klingon-oarlochsskip fan Klaa opmerkt, dêr't de ynstruminten op 'e brêge dúdlik foar warskôgje.

Nei op it planeetoerflak lange tiid omdôch nei lykfol hokker libben wêzen socht te hawwen, is Sybok op 't langelêst hast ree om it op te jaan, mar dan ferskynt ynienen in wêzen oan him en de oaren, dat de foarm oannimt fan in reusteftige minsklik gesicht. Sybok en McCoy ferkeare daliks yn 'e oertsjûging dat it om God giet. Spock en Kirk hâlde harren stil. As it wêzen fan Sybok oan 'e weet komt dat se mei in romteskip troch de Grutte Barriêre hinne brutsen binne, wol it dat it skip tichter by de planeet brocht wurde sil, sadat it wêzen oan board gean kin en syn macht nei de fierste fierten fan it hielal bringe kin. As in skeptyske Kirk freget wêrom't God dêrfoar ferlet hat fan in romteskip, falt it wêzen him by wize fan ferjilding oan. Sybok en de oaren ûntdekke dan dat it wêzen harren besiket te bedragen en dat Sha Ka Ree en de Grutte Barriêre eins in finzenis foarmje dy't ûntwurpen is om dit wêzen hjirre fêst te hâlden.

Ut ôfgriis oer syn naïviteit offeret Sybok himsels op om Kirk, Spock en McCoy in kâns te jaan om te ûntkommen. Kirk oarderet de Enterprise om in fotontorpedo ôf te fjurren op syn lokaasje fan dat stuit, foar't er mei Spock en McCoy útnaait. It wêzen liket troch de ynslach ferwûne te reitsjen, mar dat hâldt it net lang tsjin. Werom by de shuttle lit Kirk Spock en McCoy troch Scott, dy't einlings en te'n lêsten de transporter oan 'e praat krigen hat, nei de Enterprise strielje. Ear't dat ek mei himsels dien wurde kin, wurdt it skip oanfallen troch Klaa, wêrby't de transporters wer averij oprinne. Spock ropt dêrop de help fan generaal Korrd yn, de Klingon-konsul op Nimbus III.

Op 'e planeet flechtet Kirk geandefoets by de shuttle wei nei in hichte ta, mar it wraaksuchtige wêzen dûkt op om him te deadzjen. Foar't dat barre kin, ferskynt fan oare kant de hichte it Klingon-oarlochsskip fan Klaa, dat it wêzen op 'e nij ferwûnet mei in salvo disruptorfjoer út syn boardkanonnen. Kirk wurdt oan board fan it Klingon-skip striele, dêr't bliken docht dat de no tige foarkommende kaptein Klaa raar troch generaal Korrd te plak set is. Klaa biedt oan Kirk syn ûntskuldigings oan foar syn oanfallen op 'e Enterprise. Dêrnei wurdt Kirk troch Korrd foarstelt oan 'e nije boardskutter fan it Klingon-skip, dat nimmen oars as Spock blykt te wêzen. Neitiid fiere de bemannings fan 'e beide skippen in nije détente foar't se ôfsette by Sha Ka Ree wei. Werom by de Ierde ferfetsje Kirk, Spock en McCoy harren ferlof yn it Nasjonaal Park Yosemite, dêr't Spock him einlings ta it sjongen fan in ferske ferliede lit.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
William Shatner.
 
Leonard Nimoy.
 
DeForest Kelley.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
kaptein James T. Kirk William Shatner
Spock Leonard Nimoy
dokter Leonard McCoy DeForest Kelley


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Montgomery Scott James Doohan
luitenant Uhura Nichelle Nichols
Hikaru Sulu George Takei
Pavel Chekov Walter Koenig
Sybok Laurence Luckinbill
kaptein Klaa Todd Bryant
Vixis Spice Williams-Crosby
St. John Talbot, konsul fan 'e Federaasje op Nimbus III David Warner
generaal Korrd, konsul fan it Klingon-Ryk op Nimbus III Charles Cooper
Caithlin Dar, konsul fan it Romulaanske Stjerreryk op Nimbus III Cynthia Gouw
de "God"-entiteit George Murdock
heit fan McCoy Bill Quinn

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Preproduksje

bewurkje seksje

De beide foargeande films yn Star Trek-filmrige, Star Trek III: The Search for Spock (1984) en Star Trek IV: The Voyage Home (1986), wiene regissearre troch Leonard Nimoy, de akteur dy't ferklibbe rekke wie mei de rol fan Spock. Foar't William Shatner, de akteur dy't al fan 'e 1960-er jierren ôf de rol fan James T. Kirk spile, akkoart gie mei it meitsjen fan Star Trek IV: The Voyage Home, betong er njonken in ferheging fan syn salaris ek de tasizzing dat hysels dan de folgjende film regissearje mocht.

Foar syn film liet Shatner him yn it foarste plak ynspirearje troch it ferskynsel fan tillefyzjedûmnys, oar wa't er sei: "Se wiene ôfwearzich, op in nuvere manear ôfgryslik, mar dochs rekke ik folslein troch harren fassinearre." Dat lêste hie benammen te krijen mei de macht dy't sokken oer harren folgelingen lieken út te oefenjen en de grutte kâns dat dêrby bedroch in beskate rol spile. Fierders hied er niget oan it fermogen fan tillefyzjedûmnys om oaren derfan te oertsjûgjen dat God streekrjocht mei harrensels kommunisearre. It personaazje fan Sybok, dat yn 'e earste kladferzje fan it senario noch Zar hiet, wie basearre op sa'n tillefyzjedûmny.

De namme fan it mytyske paradys, Sha Ka Ree, wie in ferbastering fan 'e namme Sean Connery, de akteur dy't Shatner oarspronklik foar de rol fan Sybok yn gedachten hie. De titel fan 'e earste ferzje fan it skript wie An Act of Love ("In Die fan Leafde"). Ferskate wichtige eleminten út dy ferzje, lykas de fakânsje yn it Nasjonaal Park Yosemite en de gizeling fan 'e konsuls op in mislearre paradysplaneet, oerlibben de lettere werskriuwings en kamen úteinlik yn 'e film telâne. By oare eleminten wie dat lykwols net sa. Oarspronklik soene Spock en McCoy yn 'e godlike konneksje fan Zar komme te leauwen. Fierders wie de ynfloed fan religy op it oarspronklike ferhaal folle grutter: Zar socht God, mar fûn de duvel, dy't him, Spock en McCoy mei besocht te slepen nei de hel.

It skript waard ferskate kearen werskreaun troch senarioskriuwer David Loughery, mei't in protte lju dy't by de produksje belutsen wiene, der problemen mei hiene. Sa moast Gene Roddenberry, de betinker fan Star Trek, net folle hawwe fan 'e religiositeit yn it ferhaal, wylst Leonard Nimoy en DeForest Kelley protest oantekenen tsjin it idee dat harren personaazjes Kirk ferriede soene. De produksje rûn fertraging op doe't Loughery syn wurk dellizze moast fanwegen de staking fan 1988 fan it Writers Guild of America, it Amerikaanske fakbûn fan senarioskriuwers. Dat Nimoy doe ûnderwilens mei in oar projekt oan 'e gong gie, soarge nei ôfrin fan 'e staking foar noch mear opûnthâld. Shatner brûkte de tiid om syn ferhaal op 'e nij te besjen. Hy makke fan Sybok in sêfter, sympatiker figuer.

Opnamen en postproduksje

bewurkje seksje

Tsjin it neijier fan 1988 wiene Shatner, Loughery, Nimoy, Kelley, Roddenberry en produsint Harve Bennett, dy't de úteinlike lieding oer it hiele projekt hie, einlings akkoart op it mêd fan it senario. Filmstudio Paramount Pictures siet yn noed oer it budget, dat úteinlik $33 miljoen bedrage soe, en besunige op 'e kosten troch Shatner strange regels op te lizzen oangeande wat er wol en net dwaan mocht as it gie om 'e tafoeging fan djoere special effects. Ek waard gjin gebrûk makke fan 'e earsteklas effekten fan Industrial Light & Magic (ILM) fan George Lucas, mar sette men ynstee it folle goedkeapere bedriuw fan Bran Ferren yn. Tagelyk siet men der by de studio ek oer yn dat de feart út 'e filmsearje drige te reitsjen, dat Star Trek V: The Final Frontier waard halje-trawalje yn produksje nommen.

 
El Capitan, de rots yn it Nasjonaal Park Yosemite yn Kalifornje dy't Kirk yn 'e film besiket te beklimmen. (Eins waard foar de opnamen in model fan glêsfezel brûkt.)

De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Andrew Laszlo, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Jerry Goldsmith. De opnamen setten yn oktober 1988 útein yn en om Los Angeles hinne. De film waard pleage troch swierrichheden. Krekt foar't de opnamen op lokaasje begjinne soene, gie it fakbûn fan frachtweinsjauffeurs yn staking. Mei deadlines op kommendeweis waarden sjauffeurs ynset dy't gjin fakbûnslid wiene. Dat late ta in bomoanslach op ien fan 'e kamerafrachtweinen op it parkearterrein fan Paramount Pictures, wêrnei't de hiele produksje temûk ûnder dekking fan it nachtlik tsjuster en mei plysjebeskerming ôfsette nei it Nasjonaal Park Yosemite foar it opnimmen fan 'e fakânsjesênes. Letter waarden yn 'e Mojavewoastyn yn in hjitte fan 43 °C de sênes op Nimbus III filme. (De sjokkende gong fan 'e figuranten yn 'e Nimbus III-sênes wie net ynstudearre, mar it gefolch fan útdrûgingsferskynsels.)

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Star Trek V: The Final Frontier waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie yn 'e Amerikaanske bioskopen op 9 juny 1989 yn premiêre, dêr't er konkurrinsje ûnderfûn fan 'e aventoerefilm Indiana Jones and the Last Crusade, de fantasykomeedzje Ghostbusters II en de superheldefilm Batman. Op 21 desimber 1989 waard Star Trek V: The Final Frontier as VHS-keapfideo útbrocht. Op 20 april 1999 kaam de film foar it earst út op dvd en yn maaie 2009 foar it earst op blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Star Trek V: The Final Frontier oer it algemien lauwe oant negative resinsjes. Fral it senario, de rezjy fan William Shatner en de minne special effects krigen in protte krityk. Yn 'e Sun Herald, in krante út Biloxi (Mississippy), kwalifisearre Rob Lowing de film as "ynnimlik, mar midsmjittich". Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times wie minder posityf en neamde Star Trek V: The Final Frontier "in rommeltsje". Yn The Washington Post omskreau Rita Kempley de film as "in púnfal". Caryn James fan The New York Times beskôge Star Trek V: The Final Frontier as in teloarstelling foar sawol Star Trek-fans as it bredere bioskooppublyk.

Yn it tydskrift Newsweek bekritisearre David Ansen de rezjy fan William Shatner as "swak" en de twadde helte fan 'e film as "rjochtingsleas". Nettsjinsteande dat fûn er de aktearprestaasjes fan 'e fêste Star Trek-akteurs fan hege kwaliteit: "dizze feteranen kenne inoar sa goed, dat se in kreaze komyske geheimtaal ûntwikkele hawwe, dy't mear humor út 'e dialooch hellet as [it senario] fertsjinnet." Yn 'e krante USA Today priizge Mike Clark it aktearjen fan Laurence Luckinbill yn 'e rol fan 'e antagonist Sybok. Caryn James fan The New York Times sleat har dêrby oan en neamde Sybok de "meast opfallende, oansprekkende smjunt" fan 'e searje sûnt Khan Noonien Singh yn Star Trek II: The Wrath of Khan.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Star Trek V: The Final Frontier in leech goedkarringspersintaazje fan 21%, basearre op 48 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Folle mei saaie aksjesênes en in ûnderûntwikkele ferhaalline is dizze fyfde Star Trek-film wierskynlik de minste fan 'e searje." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Star Trek V: The Final Frontier in goedkarringspersintaazje fan 43%, basearre op 16 resinsjes.

Star Trek V: The Final Frontier brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $49,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $13,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op in teloarstellende $63 miljoen, fier ûnder de $200 miljoen dy't yn 't foar ferwachte wie. Ofset tsjin it budget betsjut dy opbringst in winst fan $30 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. De film makke dêrmei netto in bytsje winst, mar wie nettsjinsteande dat foar de studio in bittere ûntgûcheling. Neffens produsint Harve Bennett soe Star Trek V: The Final Frontier "de franchise hast de nekke omdraaid hawwe".

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Trek
 
tillefyzjesearjes
live-actionsearjes Star Trek:  The Original Series (1966–1969) • Star Trek: The Next Generation (1987–1994) • Star Trek: Deep Space Nine (1993–1999) • Star Trek: Voyager (1995–2001) • Star Trek: Enterprise (2001–2005) • Star Trek: Discovery (2017–20??) • Star Trek: Short Treks (2018–20??) • Star Trek: Picard (2020–20??) • Star Trek: Strange New Worlds (2022–20??)
tekenfilmsearjes Star Trek: The Animated Series (1973–1974) • Star Trek: Lower Decks (2020–20??) • Star Trek: Prodigy (2021–20??)
 
filmsearje
op basis fan Star Trek: The Original Series Star Trek: The Motion Picture (1979) • Star Trek II: The Wrath of Khan (1982) • Star Trek III: The Search for Spock (1984) • Star Trek IV: The Voyage Home (1986) • Star Trek V: The Final Frontier (1989) • Star Trek VI: The Undiscovered Country (1991)
op basis fan Star Trek: The Next Generation Star Trek: Generations (1994) • Star Trek: First Contact (1996) • Star Trek: Insurrection (1998) • Star Trek: Nemesis (2002)
reboot-filmsearje Star Trek (2009) • Star Trek: Into Darkness (2013) • Star Trek: Beyond (2016)