Alternate history
Alternate history (Ingelsk foar "oare skiednis" of "feroare skiednis"), ek wol alternate reality neamd ("oare" of "feroare wurklikheid"), is in subsjenre fan science fiction dat bestiet út ferhalen dy't yn it ferline spylje, mar wêrby't ien of mear krúsjale histoaryske foarfallen feroare is, sadat de hiele fierdere skiednis oars útpakt. Ornaris wurdt dit sjenre ta de science fiction rekkene, mar it soe ek sjoen wurde kinne as hearrend ta literêre fiksje of ta histoaryske fiksje. De namme alternate history wurdt soms ek wol ôfkoarte ta AH. De Frânske namme foar dit subsjenre is uchronie (fan it Grykske ου-, ou-, "gjin", en χρόνος, chronos, "tiid"), wat yn it Ingelsk oernommen is as uchronia.
Tradisjoneel feroaret de auteur yn alternate history-ferhalen in histoarysk elemint, wêrnei't er ekstrapolearret wat dat foar konsekwinsjes hawwe soe foar it fierdere ferrin fan 'e skiednis. Foarbylden fan dizze oarspronklike foarm fan alternate history binne de Small Change-trilogy fan Jo Walton (wêryn't Winston Churchill yn 1940 ôfset wurdt troch Britske faksisten); de novelle The Last Full Measure, fan Jack Campbell (wêryn't de Súdlike plantaazje-eigners it al foar de Amerikaanske Boargeroarloch yn 'e Feriene Steaten foar it sizzen krije en Abraham Lincoln en Joshua Chamberlain yn it tichthús smiten wurde); en it rûnom priizge The Years of Rice and Salt, fan Kim Stanley Robinson (wêryn't de pest net in trêde fan 'e befolking fan Midsiuwsk Jeropa útrûget, mar 99%, sadat de hiele fierdere skiednis fan it wrâlddiel útwiske wurdt).
Sûnt de 1950-er jierren is it alternate history-sjenre lykwols fierhinne fermongen rekke mei oare science fiction-subsjenres, wêryn't dwersoer troch de tiid reizge wurdt tusken ferskillende skiednislinen of "diminsjes"; of wêryn't men fanút it hjoed de tiid op (it ferline yn) of de tiid del (de takomst yn) reizget en dêrby in spjalting yn 'e tiid feroarsaket dy't ta it ûntstean fan ûnderskate skiednislinen liedt. Sokke tema's binne no sa nau ferweven rekke mei alternate history, dat it frijwol ûndwaanlik is om se noch te ûnttiizjen of om se los faninoar te besprekken.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side. |