Eddie Murphy
Eddie Murphy (folút: Edward Regan Murphy; New York, 3 april 1961) is in Amerikaansk akteur, komyk, regisseur, senarioskriuwer, filmprodusint en sjonger fan Afro-Amerikaansk komôf. Hy waard bekend as in lid fan 'e fêste cast fan it komyske tillefyzjeprogramma Saturday Night Live, dêr't er fan 1980 oant 1984 oan meiwurke. Ek los dêrfan wurke er yn 'e earste helte fan 'e 1980-er jierren in protte as komyk. Letter lei er him lykwols fral ta op syn aktearkarriêre, wêrby't er yn 't earstoan spile yn kaskreakers as 48 Hrs., de Beverly Hills Cop-trilogy en Coming to America, mar letter bravere rollen spile yn films as The Nutty Professor en Dr. Dolittle, dy't lykwols yn finansjeel opsjoch ek in grut súkses waarden. Ek as stimakteur is Murphy tige aktyf, mei as bekendste optreden de ezel Donkey yn 'e Shrek-tekenfilmsearje. Murphy waard yn 2006 nominearre foar in Oscar en wûn in Golden Globe foar syn rol yn 'e film Dreamgirls. Yn 2020 wûn er ek in Emmy Award foar syn presintaasje fan Saturday Night Live. Mei al syn films byinoar is er de op fiif nei meast opbringende akteur yn 'e Feriene Steaten.
Eddie Murphy | ||
akteur | ||
Eddie Murphy yn 2010. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Edward Regan Murphy | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 3 april 1961 | |
berteplak | New York (New York) | |
etnisiteit | Afro-Amerikaansk | |
jierren aktyf | 1980 – no | |
prizen | Golden Globe 2006 Emmy Award 2020 Cecil B. DeMille Award 2023 | |
offisjele webside | ||
Eddie Murphy yn 'e IMDb |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid
bewurkje seksjeEddie Murphy waard yn 1961 berne yn 'e New Yorkske borough Brooklyn, yn 'e buert Bushwick, as de soan fan Charles Edward Murphy en dy syn frou Lillian Laney. Syn mem wurke by in tillefoanmaatskippij, en syn heit wie by de ferkearsplysje. Yn syn frije tiid wie Charles Murphy ek aktyf as amateur-komyk en -akteur, mar hy kaam te ferstjerren doe't syn soan noch hiel jong wie. Letter, doe't syn mem siik waard, brochten de achtjierrige Eddie en syn âldere broer Charlie in jier yn in pleechgesin troch. (Charlie soe yn 2017 komme te ferstjerren oan leukemy.) Neitiid waarden se roomsk grutbrocht yn Roosevelt, troch harren mem en styfheit Vernon Lynch, dy't foarman by in iiskofabryk wie. Mei fyftjin jier trede Murphy al op mei syn eigenskreaune grappen, wêrby't er sterk beynfloede wie troch Bill Cosby en Richard Pryor.
Karriêre as komyk
bewurkje seksjeMurphy syn iere komeedzjestyl waard karakterisearre troch it oates en toates foarkommen fan flokwurden en it gebrûk fan stopwurden as fuck en motherfucker. Dêrby naam er mei treffende imitaasjes, net inkeld oangeande aksint en spraakgebrûk, mar ek wat lichemstaal oanbelange, ferskate etnisiteiten en oare maatskiplike groepen yn 'e Feriene Steaten op 'e hak, lykas rike blanke Amerikanen, Afro-Amerikanen, Italjaanske Amerikanen, Joadske Amerikanen, korpulinte lju en homo's. Hy brocht trije stand-up comedy-fideo's út: Eddie Murphy (1982), Delirious (1983) en Raw (1987).
Aktearkarriêre
bewurkje seksjeBy it bredere publyk krige Murphy foar it earst bekendheid as akteur mei syn sketches yn it langrinnende komyske tillefyzjeprogramma Saturday Night Live, dêr't er fan 1980 oant 1984 by de fêste cast hearde. Syn ynternasjonale trochbraak makke er yn 1982, mei syn rol yn 'e aksjefilm 48 Hrs., mei Nick Nolte. It jiers dêrop spile er mei Dan Aykroyd yn 'e komeedzjefilm Trading Places. Syn trêde film, Best Defense (1984), in komeedzje mei Dudley Moore, waard in finansjeel fiasko, mar mei't datselde jiers noch Beverly Hills Cop útkaam, ien fan Murphy syn grutste súksessen, rûn syn karriêre gjin bliuwende skea op. Beverly Hills Cop, wêryn't er de glêde plysjeresjersjeur Axel Foley spile, die it sa goed, dat der yn it ramt fan 'e filmtrilogy mei deselde namme noch twa ferfolchfilms op makke waarden: Beverly Hills Cop II (1987) en Beverly Hills Cop III (1994). Tsjin 'e tiid dat it lêste diel fan 'e trilogy útkaam, begûn de magyske formule dúdlik útwurke te reitsjen.
In oar grut súkses wie de komeedzjefilm Coming to America, út 1988, oer in wrâldfrjemde Afrikaanske prins dy't himsels steande sjen moat te hâlden yn 'e rûge New Yorkske borough Queens. Yn dy film fertolken Murphy en syn tsjinspiler Arsenio Hall allebeide ferskate rollen (wêrûnder Murphy syn memorabele optreden as in âlde blanke Joadske man). Letter soe Murphy dat trúkje nochris yn ferskillende oare films werhelje. Tsjin it begjin fan 'e 1990-er jierren wie Murphy ien fan 'e grutte Hollywood-stjerren wurden, en spile er û.m. yn 'e aksjefilm Another 48 Hrs. (1990), wêrfoar't er sels it senario skreau, de fermaaklike komeedzje The Distinguished Gentleman (1992), wêryn't er de Amerikaanske polityk op 'e hak naam, en de aksjefilm Metro (1997).
Fan 'e midden fan 'e jierren njoggentich ôf begûn Murphy lykwols yn in hiel oar slach films te spyljen. Hy sensurearre syn eigen taalgebrûk sadat him gjin ûnfoech wurd mear oer de lippen kaam en makke himsels op dy manear tagonklik foar in jonger (Amerikaansk) publyk. In grut diel fan syn âlde fans heakke lykwols teloarsteld ôf. Mei komeedzjes as The Nutty Professor (1996), Dr. Dolittle (1998) en Daddy Day Care (2003) belibbe er op 'e nij grutte súksessen. Dat joech oanlieding ta twa nije ferfolchfilms: Nutty Professor II: The Klumps (2000) en Dr. Dolittle 2 (2001). Underwilens liende Murphy ek gauris as stimakteur syn stim oan tekenfilmfigueren. Sa wurke er û.m. mei oan 'e Disney-film Mulan, út 1998, mar syn bekendste rol op dit mêd wie sûnder mis dy fan Donkey, de eigensinnige ezel út 'e Shrek-filmsearje. Dy rol fertolke er yn 'e films Shrek (2001), Shrek 2 (2004), Shrek the Third (2007), Shrek Forever After (2010) en dêropta yn ferskate tillefyzjeprogramma's.
Yn 2006 spile Murphy de serieuze rol fan James "Thunder" Early yn 'e film Dreamgirls, oer de opkomst en ûndergong fan in jierren-sechstichfammegroep dy't basearre is op The Supremes. Foar dy rol waard er nominearre foar in Oscar foar bêste byrol fan in akteur en wûn er de Golden Globe yn deselde kategory. Yn 2007 wie Murphy behalven as akteur ek as senarioskriuwer en filmprodusint belutsen by de komeedzjefilm Norbit. Nei 2010 lei Murphy him mear ta op films dy't har op in publyk fan folwoeksenen rjochten, mei rollen as in dief yn 'e heistfilm Tower Heist (2011), en de komyk Rudy Ray Moore yn 'e biografyske film Dolemite is My Name (2019). Yn desimber fan dat jier kearde er foar in kear werom yn Saturday Night Live om dy film te promoatsjen. Mei syn optreden yn dat programma wûn er syn earste Emmy Award yn 'e kategory bêste gastrol fan in akteur yn in komeedzjesearje.
Yn 2021 makke Murphy mei Coming 2 Amearica in ferfolchfilm op ien fan syn grutste súksessen, Coming to America. In weromkear fan Murphy as Axel Foley yn in fjirde Beverly Hills Cop-film is (anno 2021) yn preproduksje. Yn jannewaris 2023 waard oan Murphy by de útrikking fan 'e Golden Globes de Cecil B. DeMille Award takend, in oeuvrepriis.
Oare wurkmêden
bewurkje seksjeNjonken syn wurk as akteur en komyk is Murphy ek al sûnt de 1980-er jierren aktyf as senarioskriuwer, en letter ek as regisseur. Fierders is Eddie Murphy ek in sjonger. Yn 'e iere jierren tachtich, foar't er súkses krige as akteur, besocht er om in karriêre as sjonger fan 'e grûn te krijen, mar dat slagge net. Hy brocht ferskate albums mei R&B-muzyk út. Letter brûkte er syn sjongen benammen yn it ferlingde fan syn aktearkarriêre, lykas yn 'e Shrek-films, dêr't er op 'e soundtrack te hearren is, û.m. as de sjonger fan it nûmer I'm a Believer. Yn 2013 brocht Murphy foar it earst yn jierren wer in single út, in reggaeliet mei de titel Red Light, dat er tegearre mei rapper Snoop Dogg song.
Priveelibben
bewurkje seksjeMurphy hat twa soannen út iere relaasjes: Eric (1989), by Paulette McNeely, en Christian (1990), by Tamara Hood. Letter begûn er in jierrenlange relaasje mei Nicole Mitchell (1968) mei wa't er yn 1988 by in priisútrikking yn 'e kunde kommen wie. Hja wennen twa jier gear foar't hja op 18 maart 1993 yn New York trouden. Mei Mitchell krige Murphy fiif bern: Bria (1989), Myles Mitchell (1992), Shayne Audra (1994), Zola Ivy (1999) en Bella Zahra (2002). Yn augustus 2005 fregen Murphy en Mitchell lykwols in skieding oan, en dy waard op 17 april 2006 definityf.
Dêrnei begûn Murphy om te gean mei de eardere Spice Girl Mel B, dy't yn ferwachting rekke en sei dat it bern fan Murphy wie. Tsjin RTL Boulevard-korrespondint Matthijs Kleyn sei Murphy lykwols yn desimber 2006: "Ik wit net waans bern oft dat is, oant it derút komt en in bloedtest ûndergiet. Jo moatte gjin foarbarige konklúzjes lûke, menear." Nei de berte fan Angel Iris Murphy Brown, op Eddie Murphy syn jierdei yn april 2007, die lykwols bliken dat it yndie syn bern wie. Mel B sei letter yn in fraachpetear dat Murphy net nei it bern omseach, mar yn 2010 kaam nei bûten dat der dochs kontakt tusken him en syn dochter wie.
Op 1 jannewaris 2008 wikselen Murphy en filmprodusinte Tracey Edmonds by in religieuze seremoanje op in lyts eilantsje foar de kust fan Bora Bora trou-ûnthjitten út, mar se besleaten harren houlik net wetlik fêst te lizzen en wiene dus nea offisjeel troud. It moat oannommen wurde dat se op in stuit útinoar gien binne (al is dêr neat oer bekend), om't Murphy yn 2012 in relaasje oangie mei it Australyske model Paige Butcher, dy't yn maaie 2016 in dochter fan him krige en yn novimber 2018 in soan. Hja hiene har ferloofd om yn septimber 2018 te trouwen.
Diskografy
bewurkje seksjeAlbums
bewurkje seksje- Studio-albums
jier | titel | resultaat |
---|---|---|
1982 | Eddie Murphy | (platina) |
1983 | Comedian | (2 × platina) |
1985 | How Could It Be | (goud) |
1989 | So Happy | |
1993 | Love's Alright |
- Kompilaasje-albums
jier | titel | resultaat |
---|---|---|
1987 | Greatest Comedy Hits | |
1998 | All I Fuckin' Know |
Singles
bewurkje seksjejier | titel | resultaat |
---|---|---|
1982 | Boogie in Your Butt | |
1985 | Party All the Time | (platina) |
How Could It Be (mei Crystal Blake) |
||
1989 | Put Your Mouth on Me | |
Til the Money's Gone | ||
1993 | I Was a King | |
Whatzupwitu (mei Michael Jackson) |
||
Desdamona | ||
2013 | Red Light (mei Snoop Dogg) |
|
Promise (You Won't Break My Heart) | ||
2014 | Temporary | |
2015 | Oh Jah Jah |
Filmografy
bewurkje seksjeFilmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1980–1984 | Saturday Night Live | himsels / ferskaat | fêste rol; 65 ôfl.; ek senarioskriuwer nom. Emmy Award foar bêste byrol fan in akteur yn in komeedzjesearje (1983) nom. Emmy Award foar bêste yndividuele optreden yn in revu- of muzykprogramma (1984) nom. Emmy Award foar bêste skriuwwurk foar in revuprogramma (1984) |
1982 | Saturday Night Live | himsels | as presintator, 1 ôfl. |
1983 | Eddie Murphy: Delirious | himsels | stand-up comedy-optreden |
1983 | The 14th Annual NAACP Image Awards | himsels | as presintator fan in priisútrikking; tillefyzjespecial |
1983 | The 35th Annual Primetime Emmy Awards | himsels | as presintator fan in priisútrikking; tillefyzjespecial |
1984 | Saturday Night Live | himsels | as presintator, 1 ôfl. |
1985 | 1985 MTV Video Music Awards | himsels | as presintator fan in priisútrikking; tillefyzjespecial |
1987 | Eddie Murphy: Raw | himsels | stand-up comedy-optreden |
1989 | What's Alan Watching? | demonstrant / James Brown | tillefyzjespecial |
1991 | The Royal Family | n.f.t. | betinker en útfierend produsint |
1999–2001 | The PJs | Thurgood Stubbs | as stimakteur; fêste rol; 31 ôfl.; ek betinker en útfierend produsint nom. Emmy Award foar bêste tekenfilmsearje nom. Annie Award foar bêste stimakteur yn in animearre tillefyzjeprogramma |
2004 | Father of the Pride | Donkey | as stimakteur; ôfl. Donkey |
2007 | Shrek the Halls | Donkey | as stimakteur; tillefyzjespecial nom. Annie Award foar bêste stimakteur yn in animearre tillefyzjeprogramma |
2010 | Donkey's Christmas Shrektacular | Donkey | as stimakteur; tillefyzjespecial y.f.m. kryst |
2012 | Eddie Murphy: One Night Only | himsels | tillefyzjespecial |
2019 | Comedians in Cars Getting Coffee | himsels | gastrol; ôfl. Eddie Murphy |
2019 | Saturday Night Live | himsels | as presintator, 1 ôfl. Emmy Award foar bêste gastrol fan in akteur yn in komeedzjesearje |
films | |||
1982 | 48 Hrs. | Reggie Hammond | nom. Golden Globe foar bêste nije stjer fan it jier (akteur) |
1983 | Trading Places | Billy Ray Valentine | nom. Golden Globe foar bêste filmakteur yn in musical of komeedzje |
1984 | Best Defense | luitenant T.M. Landry | |
1984 | Beverly Hills Cop | resjersjeur Axel Foley | nom. Golden Globe foar bêste filmakteur yn in musical of komeedzje |
1986 | The Golden Child | Chandler Jarrell | |
1987 | Beverly Hills Cop II | resjersjeur Axel Foley | ek senarioskriuwer |
1988 | Coming to America | prins Akeem Joffer Clarence Randy Watson Saul |
ek senarioskriuwer |
1989 | Harlem Nights | Vernest "Quick" Brown | ek senarioskriuwer |
1990 | Another 48 Hrs. | Reggie Hammond | ek senarioskriuwer |
1992 | Boomerang | Marcus Graham | ek senarioskriuwer |
1992 | The Distinguished Gentleman | Thomas Jefferson Johnson | |
1994 | Beverly Hills Cop III | resjersjeur Axel Foley | |
1995 | Vampire in Brooklyn | Maximillian Preacher Pauly Guido |
ek senarioskriuwer en filmprodusint |
1996 | The Nutty Professor | prof. Sherman Klump Buddy Love Lance Perkins heit Cletus Klump mem Anna Pearl Jensen Klump beppe Ida Mae Jensen Ernie Klump sr. |
nom. Golden Globe foar bêste filmakteur yn in musical of komeedzje |
1997 | Metro | ynspekteur Scott Roper | |
1998 | Mulan | Mushu | as stimakteur |
1998 | Dr. Dolittle | bistedokter John Dolittle | |
1998 | Holy Man | G | |
1999 | Life | Ray Gibson | ek senarioskriuwer en filmprodusint |
1999 | Bowfinger | Kit Ramsey Jiff Ramsey |
ek senarioskriuwer en filmprodusint |
2000 | Nutty Professor II: The Klumps | prof. Sherman Klump Buddy Love Lance Perkins heit Cletus Klump mem Anna Pearl Jensen Klump beppe Ida Mae Jensen Ernie Klump sr. |
ek útfierend produsint |
2001 | Shrek | Donkey | as stimakteur Annie Award foar bêste stimakteur yn in spylfilm nom. BAFTA foar bêste byrol fan in akteur |
2001 | Dr. Dolittle 2 | bistedokter John Dolittle | |
2002 | Showtime | plysje Trey Sellers | |
2002 | The Adventures of Pluto Nash | Pluto Nash Rex Crater |
|
2002 | I Spy | Kelly Robinson | |
2003 | Daddy Day Care | Charlie Hinton | |
2003 | The Haunted Mansion | Jim Evers | |
2004 | Shrek 2 | Donkey | as stimakteur |
2006 | Dreamgirls | James "Thunder" Early | Golden Globe foar bêste byrol fan in akteur Screen Actors Guild Award foar bêste byrol fan in akteur nom. Oscar foar bêste byrol fan in akteur nom. Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in spylfilm |
2007 | Norbit | Norbit Rasputia menear Wong |
ek senarioskriuwer en filmprodusint |
2007 | Shrek the Third | Donkey | as stimakteur |
2008 | Meet Dave | Dave kaptein |
|
2009 | Imagine That | Evan Danielson | |
2010 | Shrek Forever After | Donkey | as stimakteur |
2011 | Tower Heist | Darnell "Slide" Davis | |
2012 | A Thousand Words | Jack McCall | |
2016 | Mr. Church | Henry Joseph Church | |
2019 | Dolemite is My Name | Rudy Ray Moore | ek filmprodusint nom. Golden Globe foar bêste filmakteur yn in musical of komeedzje |
2021 | Coming 2 America | prins Akeem Joffer Clarence Randy Watson Saul |
ek senarioskriuwer |
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|