Cecil B. DeMille Award
De Cecil B. DeMille Award (eins de Cecil B. DeMille Award for Lifetime Achievement in Motion Pictures) is de oeuvrepriis fan 'e Golden Globes, dat nei de Oscars de wichtichste Amerikaanske prizen binne op it mêd fan 'e filmyndustry. Krekt as de oare Golden Globes wurdt de priis elts jier yn jannewaris yn it Beverly Hilton yn Beverly Hills útrikt troch de Hollywood Foreign Press Association (HFPA). Foar de Cecil B. DeMille Award komme yn oanmerking akteurs, regisseurs, filmprodusinten, senarioskriuwers en oaren dy't troch de jierren hinne mei harren karriêre in wichtige bydrage levere hawwe oan 'e filmyndustry fan Hollywood.
Cecil B. DeMille Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | "treflike bydragen oan 'e wrâld fan entertainment" | |
útrikt troch | HFPA | |
frekwinsje | 1x yn 't jier | |
datum | jannewaris | |
plak | Beverly Hills (Kalifornje) | |
1e útrikking | 1952 | |
offisjele webside | ||
cdn.goldenglobes.org |
De Cecil B. DeMille Award waard foar it earst ferjûn op 'e njoggende útrikking fan 'e Golden Globes yn 1952. Hy is ferneamd nei de earste winner, regisseur en produsint Cecil B. DeMille. Sûnt is de Cecil B. DeMille Award elts jier oan ien persoan taparte, útsein yn 1976, doe't men ornearre dat der gjin gadingmakkers wiene, en yn 2008, fanwegen de doetiidske staking fan it Writers Guild of America, it fakbûn fan 'e senarioskriuwers, dy't dat jiers hiel Hollywood platlei.
Winners
bewurkje seksje- 1952: Cecil B. DeMille, regisseur en filmprodusint
- 1953: Walt Disney, animator, produsint en ien fan 'e oprjochters fan The Walt Disney Company
- 1954: Darryl F. Zanuck, akteur, bokser, senarioskriuwer, produsint en ien fan 'e oprjochters fan 20th Century Fox
- 1955: Jean Hersholt, akteur
- 1956: Jack L. Warner, produsint, ien fan 'e oprjochters fan Warner Bros.
- 1957: Mervyn LeRoy, akteur, regisseur en produsint
- 1958: Buddy Adler, senarioskriuwer en produsint
- 1959: Maurice Chevalier, akteur en sjonger
- 1960: Bing Crosby, sjonger, muzikant en akteur
- 1961: Fred Astaire, akteur, sjonger en dûnser
- 1962: Judy Garland, aktrise
- 1963: Bob Hope, komyk en akteur
- 1964: Joseph E. Levine, produsint en oprjochter fan Embassy Pictures
- 1965: Jimmy Stewart, akteur
- 1966: John Wayne, akteur
- 1967: Charlton Heston, akteur
- 1968: Kirk Douglas, akteur
- 1969: Gregory Peck, akteur
- 1970: Joan Crawford, aktrise
- 1971: Frank Sinatra, sjonger en akteur
- 1972: Alfred Hitchcock, regisseur
- 1973: Samuel Goldwyn, produsint en ien fan 'e oprjochters fan Metro-Goldwyn-Mayer (MGM)
- 1974: Bette Davis, aktrise
- 1975: Hal B. Wallis, produsint
- 1976: net útrikt
- 1977: Walter Mirisch, produsint en ien fan 'e oprjochters fan The Mirisch Company
- 1978: Red Skelton, akteur
- 1979: Lucille Ball, aktrise
- 1980: Henry Fonda, akteur
- 1981: Gene Kelly, akteur, sjonger en dûnser
- 1982: Sidney Poitier, akteur en regisseur
- 1983: Laurence Olivier, akteur
- 1984: Paul Newman, akteur en regisseur
- 1985: Elizabeth Taylor, aktrise
- 1986: Barbara Stanwyck, aktrise
- 1987: Anthony Quinn, akteur en keunstner
- 1988: Clint Eastwood, akteur, regisseur en produsint
- 1989: Doris Day, aktrise
- 1990: Audrey Hepburn, aktrise
- 1991: Jack Lemmon, akteur
- 1992: Robert Mitchum, akteur
- 1993: Lauren Bacall, aktrise
- 1994: Robert Redford, akteur, regisseur en produsint
- 1995: Sophia Loren, aktrise
- 1996: Sean Connery, akteur
- 1997: Dustin Hoffman, akteur
- 1998: Shirley MacLaine, aktrise
- 1999: Jack Nicholson, akteur
- 2000: Barbra Streisand, sjongster, aktrise, regisseur, produsinte, senarioskriuwster en komponiste
- 2001: Al Pacino, akteur
- 2002: Harrison Ford, akteur
- 2003: Gene Hackman, akteur
- 2004: Michael Douglas, akteur
- 2005: Robin Williams, akteur en komyk
- 2006: Anthony Hopkins, akteur
- 2007: Warren Beatty, akteur en regisseur
- 2008: net útrikt
- 2009: Steven Spielberg, regisseur, produsint en oprjochter fan DreamWorks Pictures
- 2010: Martin Scorsese, regisseur
- 2011: Robert De Niro, akteur
- 2012: Morgan Freeman, akteur
- 2013: Jodie Foster, aktrise, regisseur en produsinte
- 2014: Woody Allen, regisseur, akteur, komyk, senarioskriuwer en produsint
- 2015: George Clooney, akteur, senarioskriuwer, regisseur en produsint
- 2016: Denzel Washington, akteur, regisseur en produsint
- 2017: Meryl Streep, aktrise
- 2018: Oprah Winfrey, presintatrise, aktrise en produsinte
- 2019: Jeff Bridges, akteur, sjonger en produsint
- 2020: Tom Hanks, akteur, regisseur, produsint en senarioskriuwer
- 2021: Jane Fonda, aktrise, regisseur en senarioskriuwster
- 2022: net útrikt
- 2023: Eddie Murphy, akteur en komyk
Keppelings om utens
bewurkje seksjeSjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |