Morgan Freeman (Memphis, 1 juny 1937) is in Amerikaansk akteur, regisseur en filmprodusint fan Afro-Amerikaansk komôf. Hy briek yn 1989 troch mei syn rol as de swarte sjauffeur fan in âldere blanke dame yn it rasistyske Amerikaanske Suden yn 'e film Driving Miss Daisy. Dêrfoar waard er nominearre foar in Oscar yn 'e kategory bêste akteur, krekt as foar syn rollen as finzene yn The Shawshank Redemption en as Nelson Mandela yn Invictus. Yn 2004 wûn Freeman de Oscar yn 'e kategory bêste manlike byrol foar syn optreden as assistint-bokstrainer yn Million Dollar Baby.

Morgan Freeman
akteur
Morgan Freeman yn 2006.
Morgan Freeman yn 2006.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Morgan Freeman
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1 juny 1937
berteplak Memphis (Tennessee)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
jierren aktyf 1965 – no
prizen Obie Award 1980, 1984, 1987
Golden Globe 1989
Empire Award 1995
Oscar 2004
SAG Award 2004, 2018
Cecil B. DeMille Award 2012
offisjele webside
Morgan Freeman op Facebook
De stim fan Morgan Freeman yn in BBC-radioprogramma yn 2008, dêr't er yn ferteld dat er, fral yn Jeropa, as in toanbyld fan earnst sjoen wurdt, wylst er yn wurklikheid hielendal net in earnstich man is.

Dêrnjonken hat Freeman noch in ferskaat oan oare prizen wûn, wêrûnder twa Golden Globes, in Empire Award en twa Screen Actors Guild Awards. Hy spile fierders yn films as Robin Hood: Prince of Thieves, Unforgiven, Seven, Amistad, Kiss the Girls, Deep Impact, Along Came a Spider, An Unfinished Life, The Dark Knight-trilogy, The Bucket List, Invictus, Olympus Has Fallen, Now You See Me en de remake fan Ben-Hur. Freeman stiet bekend om syn oangename, djippe stim, en hat as kommentator, ferteller of stimakteur meiwurke oan in grut tal tillefyzjeprogramma's en dokumintêres, wêrûnder it bekroande March of the Penguins.

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Freeman waard yn 1937 berne yn Memphis, yn 'e Amerikaanske steat Tennessee, as de soan fan Morgan Porterfield Freeman, in hierknipper, en dy syn frou Mayme Edna Revere, in skoaljuffer. Hy groeide op yn in húshâlding mei trije âldere bern. Doe't er yn 2008 oan it tillefyzjeprogramma African American Lives 2 meidie, kaam út in DNA-ûndersyk nei foarren dat (guon fan) Freeman syn foarâlden etnyske Songhai en Tûareks wiene út wat no Niger is. Hy ûntdiek ek dat syn betoerpakes en -beppes slaven wiene dy't út Noard-Karolina nei Mississippy ta oerbrocht wiene. Fierders die bliken dat syn blanke betoerpake oan memmekant as man en wiif gearlibbe hie mei, en begroeven lei njonken, syn swarte betoerbeppe oan memmekant, in tige opsjenjaand feit, de doetiidske maatskiplike ferhâldings yn acht nimmend.

As bern waard Freeman nei syn beppe oan heitekant ta stjoerd, yn Charleston, yn 'e steat Mississippy, dy't him foar in part grutbrocht. Hy ferhuze yn syn bernetiid gauris, en wenne yn Greenwood (Mississippy), yn Gary (Indiana) en úteinlik yn Chicago (Illinois). Yn Greenwood genoat Freeman middelber ûnderwiis oan 'e Broad Street High School, dy't fêstige wie yn it gebou dêr't tsjintwurdich in basisskoalle húsfêste is.

Doe't er njoggen jier wie, makke Freeman syn debút as akteur mei in rol by it skoalletoaniel. Mei tolve jier wûn er in aktearwedstryd foar de steat Mississippy, en as beleanning mocht er doe meidwaan oan in harkspul op 'e radio, dat opnommen waard yn Nashville. Doe't er sechstjin jier wie, rekke er oanhelle mei in slim gefal fan longûntstekking, dêr't er op in hier nei oan stoar. Nei't er yn 1955 slagge wie foar syn eineksamens, sloech er in stúdzjebeurs ôf en naam er ynstee tsjinst by de Amerikaanske Loftmacht, dêr't er as radartechnikus wurke oant er yn 1959 ôfswaaide. Nei syn tsjinsttiid sette Freeman nei Los Angeles ta, dêr't er aktearlessen naam, en letter nei San Fransisko, dêr't er dûnslessen folge, wylst er himsels ûnderhold mei ferskate kantoarbaantsjes.

 
Morgan Freeman en syn dochter Morgana yn 1990 by de útrikking fan 'e Oscars.

Iere jierren

bewurkje seksje

Yn 'e earste helte fan 'e 1960-er jierren wurke Freeman as in dûnser op ferskate eveneminten, wêrûnder de World's Fair fan 1964. Ek wied er in lid fan 'e Opera Ring, in musical-toanielselskip út San Francisco. Fierders gied er op toernee as akteur yn in produksje fan it toanielstik The Royal Hunt of the Sun. Syn debút op it wite doek makke er yn 1965 as figurant yn 'e film The Pawnbroker. Yn 1967 wie Freeman de tsjinspiler fan Viveca Lindfors yn it off-Broadway-toanielstik The Nigger Lovers, dat draaide om 'e Freedom Riders, swarte buspassazjiers yn 'e tiid fan 'e Amerikaanske boargerrjochtebeweging. Yn 1968 stied er foar it earst op Broadway, mei in rol yn 'e musical Hello Dolly!, dêr't ek Pearl Bailey en Cab Calloway yn meispilen.

Yn 'e 1970-er jierren lei Freeman him fral ta op toaniel. Yn 1980 wûn er in Obie Award foar syn fertolking fan 'e titelrol yn Shakespeare syn toanielstik Koriolanus. In twadde Obie Award wûn er yn 1984 foar syn rol as de predikant yn it stik The Gospel at Colonus. In trêde Obie Award folge yn 1987 foar syn rol as sjauffeur yn it stik Driving Miss Daisy, dat letter adaptearre wurde soe ta in film. Freeman wûn fierders yn 1978 in Drama Desk Award en in Clarence Derwent Award foar syn rol as dronkelap yn The Mighty Gents.

Hoewol't Freeman yn 1971 syn earste wichtige filmrol hie yn Who Says I Can't Ride a Rainbow!, krige er by it Amerikaanske publyk benammen bekendheid trochdat er fan 1971 oant 1977 belutsen wie by it berneprogramma The Electric Company. Hy spile dêryn ferskate personaazjes, wêrûnder Easy Reader, Mel Mounds the DJ en Vincent the Vegetable Vampire. Neffens tillefyzjeprodusinte Joan Ganz Cooney hie Freeman in grouwéligen hekel oan syn wurk foar The Electric Company. Yn in fraachpetear joech Freeman ta dat hy nea oan dy tiid weromtinkt, mar dêr foege er oan ta dat er der ek gjin spyt fan hie.

Fan likernôch 1980 ôf wie Freeman mear op 'e tillefyzje en op it wite doek te sjen. Hy spile yn films as Attica (1980), Eyewitness (1981), Teachers (1984) en Marie (1985). Yn deselde tiid hied er ek rollen yn ferskate tillefyzjefilms, wêrûnder Death of a Prophet (1981), wêryn't er de fermoarde swarte aktivist Malcolm X spile. Yn 1983 wie Freeman as dokter Roy Bingham te sjen yn in weromkearende rol yn fiif ôfleverings fan 'e soapsearje Another World. Hy hie ek gastrollen yn inkele oare tillefyzjesearjes, lykas Ryan's Hope en The Twilight Zone. Yn 1987 spile er Fast Black yn 'e film Street Smart, in rol dêr't er foar nominearre waard foar sawol in Golden Globe as in Oscar yn 'e kategory bêste manlike byrol. Freeman beskôget dat as syn grutte trochbraak, mar dat gou inkeld foar de Feriene Steaten; dêrbûten bleau er ûnbekend.

 
Morgan Freeman yn 1998.

De ynternasjonale trochbraak kaam foar Freeman yn 1989, mei syn haadrol 'e film Driving Miss Daisy. Hy spile Hoke Colburn, de swarte sjauffeur fan in blanke (Joadske) dame op jierren (spile troch Jessica Tandy) yn it rasistyske Amerikaanske Suden. It wie in rol dy't Freeman earder mei grut súkses op it toaniel fertolke hie. Hy wûn der in Golden Globe mei yn 'e kategory bêste akteur, en waard dêrnjonken nominearre foar in Oscar foar bêste akteur. Tegearre mei Tandy wûn er fierders op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn in Sulveren Bear yn 'e kategory bêste akteursteam.

Yn 1989 kaam ek de oarlochsfilm Glory út, wêryn't Freeman in swarte sersjant-majoar yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch spile. Neitiid wied er te sjen as de strange en ûnkonvinsjonele ûnderwizer Joe Louis Clark yn Lean on Me (1989), as in resjersjeur yn Johnny Handsome (1989) en as in rjochter yn Bonfire of the Vanities (1990). Yn 1990 wurke er as stimakteur mei oan The Civil War, wêrfoar't er de tekst fan minskerjochte-aktivist Frederick Douglass ynspriek. Mei Kevin Costner en Mary Elizabeth Mastrantonio spile Freeman yn 1991 yn 'e Midsiuwske aventoerefilm Robin Hood: Prince of Thieves, as de Arabier Azeem, en mei Clint Eastwood en Gene Hackman spile er yn 1992 yn 'e mei in Oscar foar bêste film bekroande western Unforgiven, as de âlde bandyt Ned Logan. Yn 1993 regissearre er foar de filmstudio Paramount Pictures de dramafilm Bopha!, oer in swarte plysjeman (spile troch Danny Glover) yn Súd-Afrika ûnder it Apartheidsrezjym.

Foar syn rol fan 'e berêstende finzene Ellis Boyd "Red" Redding, as tsjinspiler fan Tim Robbins yn it finzenisdrama The Shawshank Redemption, út 1994, waard Freeman jitris nominearre foar in Golden Globe, in Oscar en diskear ek in Screen Actors Guild Award foar bêste akteur. Yn 1994 siet er yn 'e sjuery fan it 44e Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn. Yn 'e midden fan 'e jierren '90 fertolke er as tsjinspiler fan Dustin Hoffman en Rene Russo in ûnmeilydsume generaal yn 'e film Outbreak (1995), as tsjinspiler fan Brad Pitt en Gwyneth Paltrow in betochtsume plysjeresjersjeur yn Seven, en as tsjinspiler fan Matthew McConaughey en sir Anthony Hopkins in fjurrige abolisjonist yn it histoaryske rjochtbankdrama Amistad. Foar syn rol yn Seven waard er nominearre foar in Saturn Award yn 'e kategory bêste akteur, en wûn er in Britske Empire Award yn deselde kategory.

 
Morgan Freeman yn 2005 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes.

Yn 1997 rjochte Freeman mei Lori McCreary de filmstudio Revelations Entertainment op. Tegearre steane se sûnt ek oan it haad fan it susterbedriuw dêrfan, ClickStar, dat him taleit op online-filmdistribúsje. Op 'e webside fan ClickStar presintearret Freeman it kanaal Our Space, dêr't fideo's op te sjen binne wêryn't er syn leafde foar de wittenskippen, en yn 't bysûnder foar romtefeart, mei it publyk dielt. Yn 1997 spile Freeman ek foar it earst de rol fan 'e profiler fan searjemoardners Alex Cross, yn 'e skriller Kiss the Girls, mei Ashley Judd. Yn 2001 kroep er nochris yn 'e hûd fan Cross foar de film Along Came a Spider, mei Monica Potter. Freeman wie te sjen as de presidint fan 'e Feriene Steaten yn 'e rampefilm Deep Impact (1998), mei Téa Leoni en Robert Duvall, as in yn it kwea behurde krimineel yn 'e aksjeskriller Hard Rain (1998), mei Christian Slater en Minnie Driver, en as in hiermoardner yn 'e swarte komeedzje Nurse Betty (2000), mei Renée Zellweger en Chris Rock. Foar de skriller Under Suspicion, mei Gene Hackman en Monica Bellucci, wied er njonken syn rol as akteur foar it earst ek útfierend produsint, in funksje dy't er neitiid foar ferskate films beklaaide.

Nei de iuwwiksel fertolke Freeman de rol fan CIA-direkteur William Cabot yn 'e spionaazjefilm The Sum of All Fears (2002), mei Ben Affleck. Hy spile God yn 'e komeedzjefilm Bruce Almighty (2003), mei Jim Carrey en Jennifer Aniston. Fierders wied er te sjen yn films as Dreamcatcher (2003), Levity (2003) en The Big Bounce (2004). Foar syn rol as de âlde assistint-bokstrainer Eddie Dupris, yn it sportdrama Million Dollar Baby, mei Clint Eastwood en Hilary Swank, wûn Freeman in stikmannich prizen, wêrûnder de Oscar en de Screen Actors Guild Award foar bêste manlike byrol. Ek waard er nominearre foar in Golden Globe yn dyselde kategory.

Lettere jierren

bewurkje seksje

Njonken syn aktearwurk brûkte Freeman ek geregeldwei syn oangenaam leechtoanige en tige werkenbere stim foar it dwaan fan voice-overs, benammen by dokumintêrefilms en -tillefyzjesearjes. Sa wurke er yn 2005 as ferteller mei oan 'e spylfilm War of the Worlds en de mei in Oscar bekroande natoerdokumintêre March of the Penguins. Datselde jiers hie Freeman in byrol as de by in oanfal fan in bear lichaamlik beheind rekke Mitch yn 'e dramafilm An Unfinished Life, mei Robert Redford en Jennifer Lopez. Fierders wied er yn 2005 ek te sjen yn Batman Begins, de earste film fan The Dark Knight-trilogy fan regisseur Christopher Nolan. Dat wie in superheldefilm wêryn't Freeman de rol fan Lucius Fox fertolke, in wittenskipper dy't Batman fan al syn technysk gerei foarsjocht. Deselde rol soe Freeman ek yn 'e beide ferfolchfilms spylje: The Dark Knight (2008) en The Dark Knight Rises (2012).

Yn 2005 spile Freeman fierders yn 'e films Unleashed en Edison, wylst er yn 'e dokumintêre Magnificent Desolation: Walking on the Moon 3D de rol fan astronaut Neil Armstrong op him naam. Yn 2006 spile er himsels yn 'e film 10 Items or Less, mei de Spaanske aktrise Paz Vega. Yn 2007 kroep er jitris yn 'e hûd fan God foar Evan Almighty, it ferfolch op it eardere Bruce Almighty. Oare films dêr't er yn 'e midden fan 'e 2000-er jierren yn spile, wiene The Contract en Lucky Number Slevin (beide út 2006), en Feast of Love en Gone Baby Gone (beide út 2007). Yn 2007 wie Freeman mei Jack Nicholson te sjen yn 'e komeedzjedramafilm The Bucket List, fan regisseur Rob Reiner, oer in pear terminaal sike âlde mannen dy't noch in listke mei spektakulêre dingen ôfwurkje wolle ear't se stjerre. Yn 2008 kamen trije films mei Freeman út: Wanted, Thick as Thieves (ek bekend as The Code), en The Love Guru, wêrfoar't er de voice-over die. Datselde jiers kearde er foar in skoftke werom nei Broadway om, ûnder rezjy fan Mike Nichols, mei Frances McDormand en Peter Gallagher yn it toanielstik The Country Girl, fan Clifford Odet, te spyljen.

 
Morgan Freeman mei syn tsjinspylster Paz Vega yn 2006 yn Madrid, by de premiêre fan harren film 10 Items or Less.

Freeman wurke yn 2009 gear mei syn kollega's Christopher Walken en William H. Macy yn 'e komeedzjefilm The Maiden Heist, dy't lykwols omreden fan finansjele swierrichheden fan 'e filmdistributeur direkt op fideo útbrocht waard. Yn 2009 spile er ek de rol fan presidint Nelson Mandela yn 'e sportfilm Invictus, oer de oerwinning fan it Súdafrikaanske rugbyteam op it WK fan 1995. Freeman hie al langer de ambysje om Mandela te spyljen. Earder hied er besocht om 'e autobiografy fan Mandela, Long Walk to Freedom, adaptearre te krijen ta in wurkber senario, mar dat wie net slagge. Yn 2007 kocht er de filmrjochten op it boek Playing the Enemy: Nelson Mandela and the Game That Made a Nation, fan John Carlin, dêr't Invictus op basearre wie. Behalven dat er ien fan 'e haadrollen fertolke (de oare, fan oanfierder fan it nasjonaal rugbyteam François Pienaar waard spile troch Matt Damon), wie Freeman ek útfierend produsint. Hy krige syn freon Clint Eastwood safier dat dy de rezjy fan 'e film op him naam. Foar syn rol yn Invictus waard Freeman nominearre foar sawol de Golden Globe, de Screen Actors Guild Award as de Oscar foar bêste akteur.

Yn 2010 spile Freeman mei Bruce Willis, John Malkovich en dame Helen Mirren yn 'e aksjefilm Red. Hy ferskynde dat jiers ek yn in cameoroltsje yn in ôflevering fan 'e komyske tillefyzjesearje Saturday Night Live. Fierders sette er útein mei de presintaasje fan 'e populêr-wittenskiplike dokumintêresearje Through the Wormhole (2010-2017). Yn 2011 died er de voice-over foar de remake fan 'e film Conan the Barbarian, en wied er ek te sjen yn 'e famyljefilm Dolphin Tale, mei û.o. Ashley Judd en Kris Kristofferson. As ferteller wied er belutsen by de natoerdokumintêre Born to Be Wild. Fierders spile er mei John Lithgow yn it Broadway-debút fan it toanielstik 8 fan Dustin Lance Black, dat de rjochtsaak Perry v. Brown neispilet, dy't einige mei de neatichferklearring fan Proposition 8, it ferbod op it homohoulik yn Kalifornje. Freeman spile yn it stik de rol fan abbekaat David Boies. Yn 2012 waard Freeman de Cecil B. DeMille Award takend, de oeuvrepriis fan 'e Golden Globes.

Nei't er yn 2012 yn 'e dramafilm The Magic of Belle Isle te sjen west hie, spile Freeman yn 2013 yn 'e aksjefilm Olympus Has Fallen, de science fiction-film Oblivion en de komeedzjefilm Last Vegas. Yn Olympus Has Fallen spile er Allan Trumbull, de foarsitter fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, in rol dy't er op 'e nij op him naam yn 'e ferfolchfilms London Has Fallen (2016), as fise-presidint, en Angel Has Fallen (2019), as presidint. Yn 2013 spile Freeman ek foar it earst de rol fan Thaddeus Bradley yn 'e heistfilm Now You See Me, dy't er fannijs spile yn it ferfolch Now You See Me 2 (2016). Foar The Lego Movie liende Freeman yn 2014 syn stim oan it personaazje Vitruvius. Hy spile dat jiers ek yn 'e aksjefilm Lucy, mei Scarlett Johansson, en wie fierders te sjen yn Transcendence, Dolphin Tale 2 en 5 Flights Up. Dêrnjonken died er de voice-over fan 'e natoerdokumintêre Island of Lemurs: Madagascar.

 
Freeman yn 2016 by de iepening fan 'e Invictus Games yn Orlando.

Yn 2015 spile Freeman yn 'e ridderfilm Last Knights, de komeedzjefilm Ted 2 en de aksjeskriller Momentum. Fierders wie Freeman yn 2014 en 2015 te sjen yn 'e rol fan opperrjochter Frawley yn trije ôfleverings fan 'e dramasearje Madam Secretary, mei Téa Leoni yn 'e haadrol, dêr't er ek ien fan 'e útfierende produsinten fan wie. Hy regissearre boppedat de earste ôflevering fan seizoen 2 fan dy searje. Yn 2016 fertolke er de rol fan sjeik Ilderim yn 'e flopte remake fan 'e swurd-en-sandalefilm Ben-Hur, en presintearre er de dokumintêresearje The Story of God. Yn 'e mande mei Michael Caine en Alan Arkin spile Freeman yn 2017 yn 'e komeedzje Going in Style in trio âlde knarren dy't út jildneed beslute in bank te oerfallen. Datselde jiers presintearre er de dokumintêrerige The Story of Us. Fierdere films dêr't Freeman yn spile, binne Just Getting Started (2017), The Nutcracker and the Four Realms (2018), en The Poison Rose (2019). Ein 2019 wiene The Hitman's Wife's Bodyguard en The Comeback Trail yn 'e postproduksjefaze oanbelâne. Yn 2018 krige Freeman de Life Achievement Award (oeuvrepriis) fan 'e Screen Actors Guild Awards takend.

Priveelibben

bewurkje seksje

Ut syn iere libben hat Freeman twa bern fan memmen mei wa't er nea troud wie, wêrûnder de akteur Alfonso Freeman. Freeman wie fan 1967 oant 1979 troud mei Jeanette Adair Bradshaw. Yn juny 1984 wertroude er mei Myrna Colley-Lee, fan wa't er yn 2010 skiede, nei't se yn 2007 al útinoar gien wiene. Tegearre mei syn twadde frou naam er syn styfpakesizzer út syn earste houlik, E'dena Hines, oan en brocht har grut. Hines waard op 16 augustus 2015 yn New York fermoarde doe't se 33 jier wie.

Yn 'e nacht fan 3 augustus 2008 krige Freeman by Ruleville (Mississippy) in auto-ûngemak wêrby't syn auto fan 'e wei ôf rekke en ferskate kearen oer de kop sloech. Hy en syn froulike passazjier, in Demaris Meyer, moasten troch de brânwacht út 'e slim skansearre auto seage wurde. Freeman hie syn lofterskouder, -earm en -earmtakke brutsen, en hy waard twa dagen letter fjouwer oeren efterinoar operearre om 'e skea oan 'e senuwen nei syn lofterhân te reparearjen. De plysje sleat út dat Freeman mei alkohol op efter it stjoer sitten hie, hoewol't Meyer him dêr al foar oanklage. De rjochtsaak waard neitiid skikt foar in net bekend makke bedrach.

Aktiviteiten

bewurkje seksje

Freeman wennet yn Charleston, yn 'e Amerikaanske steat Mississippy. Hy hat in fleanbrevet en besit no of besiet yn it ferline teminsten trije priveefleantugen tagelyk. Ek is er eigner fan Ground Zero, in bluesklub yn Clarksdale (Mississippy), itselde plak dêr't er foarhinne ek it restaurant Madidi eksploitearre. Yn 2014 begûn er mei ymkerij, om't er yn noed siet oer de delgong fan 'e hunichbij.

 
Morgan Freeman yn 2018 op it Festival foar Amerikaanske Films fan Deauville.

Religieuze en politike mienings

bewurkje seksje

Op religieus mêd beskôget Freeman himsels as in agnost. Op polityk mêd is er in fûleindich oanhinger fan 'e Demokratyske Partij. Hy stipe de Demokratyske presidintskandidaat Barack Obama by de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2008, hoewol't er wegere om foar Obama kampanje te fieren. Yn 2011 soargen syn útspraken yn it CNN-praatprogramma Piers Morgan Tonight foar grutte opskuor, doe't er de Republikeinske Tea Party-beweging beskuldige fan rasisme. By de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2016 stipe Freeman de Demokratyske presidintskandidate Hillary Clinton. Hy spriek de voice-over yn foar har yntroduksjefideo op 'e Demokratyske Nasjonale Konvinsje. op 19 septimber 2017 ferklearre Freeman yn in fideo yn it ramt fan it ûndersyk nei de Russyske ynminging yn de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2016 dat "we yn oarloch binne" mei Ruslân.

Goeddiedichheid

bewurkje seksje

Troch de jierren hinne hat Freeman him ek ynset foar ferskate goede doelen, lykas de weropbou fan it Karibyske eilânsteatsje Grenada nei't dat yn 2004 troffen wie troch de orkaan Ivan. Hy wie ien fan 'e oprjochters fan it Grenada Relief Fund, dêr't neitiid PlanIt Now út ûntstien is, in organisaasje dy't minsken besiket te helpen út alle gebieten op 'e wrâld dy't troffen wurde troch orkanen of swiere stoarmen.

Beskuldigings fan ûnwinske yntimiteiten

bewurkje seksje

Op 24 maaie 2018 brocht de Amerikaanske nijsstjoerder CNN nei bûten ta dat der acht froulju wiene dy't Freeman der yn it ramt fan it #MeToo-skandaal fan beskuldigen dat er harren lestich fallen hie mei ûnwinske yntimiteiten. Acht oare lju seine dat se tsjûge west hiene fan ûnbetamsum hâlden en dragen fan Freeman foar froulju oer op 'e sets fan ferskate films, wylst er syn films promoate of yn it ramt fan syn aktiviteiten foar syn eigen filmstudio. Freeman reägearre op 'e beskuldigings mei in ferklearring wêryn't er sei: "Eltsenien dy't my ken of mei my wurke hat, wit dat ik net immen bin dy't wa dan ek mei opsetsin op it sear komme of bewust oplitten fiele litte soe. Ik ûntskuldigje my foar eltsenien oer dy't him- of harsels ûnnoflik of respektleas behannele field hat – dat hat nea myn bedoeling west."

Nei't de beskuldigings yn 'e iepenbierheid brocht waarden, beoardiele it Screen Actors Guild (SAG), dat Freeman yn 2018 in oeuvrepriis taparte hie, oft dy takenning skrast wurde moast. Yn septimber 2018 kaam it SAG ta de konklúzje dat Freeman de priis hâlde mocht. Creditcardbedriuw Visa, dat yn 'e Feriene Steaten jierrenlang reklamespotsjes útstjoerd hie mei in voice-over fan Freeman, besleat nei oanlieding fan 'e beskuldigings lykwols de gearwurking mei Freeman te beëinigjen. De besteande spotsjes waarden boppedat fan 'e tillefyzje helle.

Filmografy as akteur en regisseur
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1971–1977 The Electric Company Mel Mounds
Easy Reader
ferskate personaazjes
780 ôfleverings
1978 Roll of Thunder, Hear My Cry omke Hammer Logan tillefyzjefilm
1979 Hollow Image Ralph "Sweet Talk" Simmons tillefyzjefilm
1981 Ryan's Hope Cicero Murphy 2 ôfleverings
1981 The Marva Collins Story Clarence Collins tillefyzjefilm
1981 Death of a Prophet Malcolm X tillefyzjefilm
1983 Another World dokter Roy Bingham 5 ôfleverings
1985 The Atlanta Child Murders Ben Shelter minysearje
1985 The Twilight Zone Marty ôfl. Dealer's Choice
1986 Resting Place Luther Johnson tillefyzjefilm
1987 Fight for Life dokter Sherard tillefyzjefilm
1988 Clinton and Nadine Dorsey Pratt tillefyzjefilm
2010 Saturday Night Live himsels cameo; ôflevering Bryan Cranston/Kanye West
2014–2015 Madam Secretary opperrjochter Frawley 3 ôfleverings; ek útfierend produsint
films
1964 The Pawnbroker man op 'e strjitte net neamd op 'e ôftiteling
1966 A Man Called Adam man net neamd op 'e ôftiteling
1968 Where Were You When the Lights Went Out? forins yn it Grand Central Station net neamd op 'e ôftiteling
1971 Who Says I Can't Ride a Rainbow! Afro
1980 Brubaker Walter
1980 Attica Hap Richards
1981 Eyewitness resjersjeur Black
1984 Teachers Lewis
1984 Harry & Son Siemanowski
1985 Marie Charles Traughber
1985 That Was Then… This Is Now Charlie
1987 Street Smart Fast Black nom. foar in Oscar en in Golden Globe foar bêste manlike byrol
1988 Clean and Sober Craig
1989 Glory sersjant-majoar John Rawlins
1989 Driving Miss Daisy Hoke Colburn nom. foar in Oscar foar bêste akteur; wûn Golden Globe foar bêste akteur
1989 Lean on Me Joe Louis Clark
1989 Johnny Handsome resjersjeur Drones
1990 The Civil War Frederick Douglass as stimakteur
1990 The Bonfire of the Vanities rjochter White
1991 Robin Hood: Prince of Thieves Azeem
1992 Unforgiven Ned Logan
1992 The Power of One Geel Piet
1993 Bopha! n.f.t. regisseur
1994 The Shawshank Redemption Ellis Boyd "Red" Redding/voice-over nom. foar in Golden Globe, in Oscar en in SAG Award foar bêste akteur
1995 Outbreak generaal Billy Ford
1995 Seven resjersjeur Somerset nom. foar in Saturn Award foar bêste akteur; wûn in Empire Award foar bêste akteur
1996 Chain Reaction Paul Shannon
1996 Moll Flanders Hibble
1997 Amistad Theodore Joadson
1997 Kiss the Girls Alex Cross
1998 Deep Impact presidint Tim Beck
1998 Hard Rain Jim
2000 Nurse Betty Charlie
2000 Under Suspicion Victor Benezet ek útfierend produsint
2001 Along Came a Spider Alex Cross ek útfierend produsint
2002 The Sum of All Fears direkteur fan 'e CIA William Cabot
2002 High Crimes Charlie Grimes
2003 Bruce Almighty God
2003 Dreamcatcher kolonel Abraham Curtis
2003 Levity pastoar Miles Evans ek útfierend produsint
2003 Guilty by Association resjersjeur Redding
2004 The Big Bounce Walter Crewes
2004 Million Dollar Baby Eddie "Scrap Iron" Dupris nom. foar in Golden Globe foar bêste manlike byrol, wûn de Oscar en de SAG Award foar bêste manlike byrol
2004 A Remarkable Promise voice-over koarte film
2005 An Unfinished Life Mitch
2005 War of the Worlds voice-over
2005 Batman Begins Lucius Fox
2005 Unleashed Sam
2005 Edison Ashford
2005 Magnificent Desolation: Walking on the Moon 3D Neil Armstrong dokumintêre
2006 The Contract Frank Carden
2006 Lucky Number Slevin de baas
2006 10 Items or Less himsels ek útfierend produsint
2007 Evan Almighty God
2007 Feast of Love Harry Stevenson
2007 Gone Baby Gone Jack Doyle
2007 The Bucket List Carter Chambers
2008 Wanted Sloan
2008 The Love Guru voice-over
2008 The Dark Knight Lucius Fox
2009 Thick as Thieves Keith Ripley ek bekend ûnder de titel The Code
2009 The Maiden Heist Charles Peterson
2009 Invictus Nelson Mandela ek útfierend produsint; nom. foar in Golden Globe, in Oscar en in SAG Award foar bêste akteur
2010 Red Joe Matheson
2011 Conan the Barbarian voice-over
2011 Dolphin Tale dokter Cameron McCarthy
2012 The Magic of Belle Isle Monte Wildhorn
2012 The Dark Knight Rises Lucius Fox
2013 Olympus Has Fallen Allan Trumbull
2013 Oblivion Beech
2013 Now You See Me Thaddeus Bradley
2013 Last Vegas Archie
2014 The Lego Movie Vitruvius as stimakteur
2014 Transcendence Joseph Tagger
2014 Lucy perfester Samuel Norman
2014 Dolphin Tale 2 dokter Cameron McCarthy
2014 5 Flights Up Alex ek útfierend produsint
2015 Last Knights Bartok
2015 Ted 2 Patrick Meighan
2015 Momentum senator
2016 London Has Fallen fise-presidint Allan Trumbull
2016 Now You See Me 2 Thaddeus Bradley
2016 Ben-Hur sjeik Ilderim/voice-over
2017 Going in Style Willie
2017 Just Getting Started Duke Driver
2018 Alpha voice-over allinne yn 'e Britske en Ierske ferzjes fan 'e film
2018 The Nutcracker and the Four Realms Drosselmeyer
2018 Brian Banks ûnbekend cameo; net neamd op 'e ôftiteling
2019 The Poison Rose Doc
2019 Angel Has Fallen presidint Allan Trumbull
2020 The Hitman's Wife's Bodyguard yn postproduksjefaze
2020 The Comeback Trail yn postproduksjefaze
fideoklips
2002 Waitin’ on Joe voice-over artyst: Steve Azar
fideospultsjes
2004 Grand Theft Auto: San Andreas Old Reece as stimakteur
2005 Batman Begins Lucius Fox as stimakteur
2009 Wanted: Weapons of Fate Sloan as stimakteur
Filmografy as ferteller/voice-over en presintator
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
2008 Smithsonian Channel's Sound Revolution himsels presintator
2008 Stephen Fry in America himsels ôfl. Mississippi
2010–2017 Through the Wormhole himsels presintator en voice-over
2011 Curiosity himsels ôfl. Is There a Parallel Universe?; presintator
2016 2017 Breakthrough Prize Ceremony himsels tillefyzjespecial; presintator
2016–2017 The Story of God with Morgan Freeman himsels presintator en voice-over; ek útfierend produsint
2017 The Age of Spin: Dave Chappelle Live at the Hollywood Palladium himsels stand-upspecial; presintator
2017 2018 Breakthrough Prize Ceremony himsels tillefyzjespecial; presintator
2017 Deep in the Heart of Texas: Dave Chappelle Live at Austin City Limits himsels stand-upspecial; presintator
2017–2018 The Story of Us with Morgan Freeman himsels presintator en voice-over; ek útfierend produsint
films
1996 Cosmic Voyage himsels dokumintêre; voice-over
1997 The Long Way Home himsels dokumintêre; voice-over
2004 The Hunting of the President himsels dokumintêre; voice-over
2004 Slavery and the Making of America himsels dokumintêre; voice-over
2005 March of the Penguins himsels dokumintêre; voice-over
2009 Prom Night in Mississippi himsels dokumintêre; voice-over
2011 Born to Be Wild himsels dokumintêre; voice-over
2011 Breaking the Taboo himsels dokumintêre; voice-over
2014 Island of Lemurs: Madagascar himsels dokumintêre; voice-over
2014 Lennon or McCartney himsels koarte dokumintêre; ynterview

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.