Skouder

(Trochferwiisd fan Lofterskouder)

It skouder is yn 'e minsklike anatomy it diel fan it lichem dat de hals en de boarst ferbynt mei de boppe-earm. It wurdt opmakke troch trije bonken: de skouderbonke (Nederlânsk: sleutelbeen, Latyn: clavicula), it skouderblêd (scapula) en de kop fan 'e boppe-earmbonke (humerus), mei dêropta ferskate spieren en sinen (pezen). It gearkommen fan 'e trije neamde bonken foarmet it skoudergewricht (articulus humeri of articulus glenohumeralis), al wurdt mei dy oantsjutting yn 'e regel inkeld ferwiisd nei it gearkommen fan 'e kop fan 'e boppe-earmbonke (caput humeri) mei it potsje dat fêstsit oan it skouderblêd (cavitas glenoides of fossa glenoides).

It skoudergewricht fan in minske.

Dit gewricht hat de foarm en funksje fan in kûgelgewricht, wat sizze wol dat de earm om trije ferskillende draai-assen beweegd wurde kin. Dy bewegingsmooglikheden wurde noch fergrutte troch de skoudergurdle, dy't bestiet út 'e ferbining tusken it skouderblêd en de skouderbonke. De skoudergurdle rêst fia it gewricht tusken dy beide bonken (sternum) op it boarst (thorax). De grutte beweeglikheid fan it skoudergewricht wurket lykwols yn it neidiel fan 'e saneamde gewrichtsstabiliteit, en wat yn it medysk jargon "skouderlúksaasjes" neamd wurde (it út it potsje of út it lid reitsjen fan it skouder) komt dan ek frij faak foar. De meast algemiene lúksaasje is dy nei foarren ta, om't it skoudergewricht oan 'e foarkant mar kwealk troch gewrichtsbannen ûnderstipe wurdt. It wichtichste lichemsdiel dat derfoar soargje moat dat de kop en it potsje byinoar bliuwe, is by it skoudergewricht it saneamde "spier-sinemansjet", better bekend as de rotatorcuffspieren.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.