Earmtakke
In earmtakke (Latyn: articulus cubiti) is it gewricht dat yn 'e anatomy fan minsken, apen en beskate oare bistesoarten de ferbining foarmet trusken de boppe-earm en de ûnderearm. It is in bysûnder gewricht, mei't der út 'e boppe-earm ien bonke, de boppe-earmbonke, en út 'e ûnderearm twa bonken, de speakbonke en de piipbonke, gearkomme. It is in kniergewricht, dat mar oer ien inkele as bûgd wurde kin. Behalven dat de earmtakke it bûgen fan 'e ûnderearm foar de boppe-earm oer fersoargje moat, bewurkmasteret dit gewricht ek de draaiïng fan 'e beide bonken yn 'e ûnderearm foarinoar oer. Dêrby draait de speakbonke (radius) om 'e piipbonke (ulna) hinne.
De stevichheid fan it earmtakkegewricht by de minske komt fuort út bynweefselbannen dy't oan 'e binnenkant en de bûtenkant fan it gewricht rinne. De earmtakke is ien fan 'e gewrichten dy't geregeldwei oanhelle rekket mei rimmetyk. As it nedich is, bygelyks fanwegen reumatoïde artritis of om't it by in fal of oar ûngemak brutsen is, kin it earmtakkegewricht tsjintwurdich ferfongen wurde troch in proteze. Yn 'e minsklik anatomy ferfollet de knibbel by de skonken in funksje dy't fierhinne ekwivalint is oan dy fan 'e earmtakke by de earms.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.
|