London Has Fallen

London Has Fallen is in Amerikaanske aksjefilm út 2016 ûnder rezjy fan Babak Najafi, mei yn 'e haadrollen Gerard Butler en Aaron Eckhart. De titel betsjut: "Londen is Fallen". De film is it twadde diel fan 'e Fallen-searje en as sadanich it ferfolch op Olympus Has Fallen, út 2013. It ferhaal giet oer in terroristysk komplot om alle wichtige wrâldlieders út te skeakeljen op 'e begraffenis fan 'e Britske premier. Londen Has Fallen krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar woeks yn 'e bioskopen út ta in kommersjeel súkses. Yn 2019 ferskynde in trêde film yn 'e rige, Angel Has Fallen.

London Has Fallen
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Babak Najafi
produsint Gerard Butler
Alan Siegel
Mark Gill
John Thompson
Matt O'Toole
Les Weldon
senario Creighton Rothenberger
Katrin Benedikt
Christian Gudegast
Chad St. John
kamerarezjy Ed Wild
muzyk Trevor Morris
filmstudio Gramercy Pictures
Millennium Films
G-BASE
Lionsgate Films
distribúsje Focus Features
spilers
haadrollen Gerard Butler
Aaron Eckhart
byrollen Alon Moni Aboutboul
Angela Bassett
Charlotte Riley
Morgan Freeman
Waleed Zuaiter
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 1 maart 2016
foarm langspylfilm
sjenre aksjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 99 minuten
budget en resultaten
budget $60 miljoen
opbringst $205,8 miljoen
filmsearje
filmsearje Fallen
● foarich diel Olympus Has Fallen
● folgjend diel Angel Has Fallen

Westerske ynljochtingetsjinsten stelle fêst dat de Pakistaanske wapenhanneler Aamir Barkawi de wapens levere hat dy't brûkt binne by ferskate terroristyske oanslaggen. De Amerikaanske oerheid autorisearret in oanfal mei in drone op Barkawi syn wente, net wittend dat dêr op dat stuit de brulloft fan syn dochter oan 'e gong is. Neitiid giet men derfan út dat Barkawi en syn hiele famylje omkommen binne; de ûnskuldige slachtoffers wurde weiset foar njonkenskea.

Twa jier letter komt James Wilson, de premier fan it Feriene Keninkryk, hommels te ferstjerren, nei't it liket yn syn sliep, oan in hertoanfal. Der wurdt halje-trawalje in steatsbegraffenis organisearre, dêr't de oare wrâldlieders foar útnûge wurde, ûnder wa presidint fan 'e Feriene Steaten Benjamin Asher. Lynne Jacobs, de direktrise fan 'e Secret Service, stelt har bêste agint Mike Banning oan om lieding te jaan oan 'e befeiliging fan Asher by dizze ûnferwachtse reis. Dat komt Banning min út, om't syn frou Leah op alle dagen rint, en hysels mei it idee boartet om ûntslach te nimmen, sadat er mear thús wêze kin. Presidint Asher en syn entoeraazje arrivearje betider as ôfpraat mei Air Force One op 'e Lofthaven Stansted yn 'e Britske haadstêd Londen, om't Banning út feilichheidsomtinkens mei opsetsin it tiidskema feroare hat sûnder oaren dêroer yn te ljochtsjen. Sadwaande arrivearret de presidint ek earder mei de helikopter Marine One op it binnenplak fan Somerset House, dêr't er oerstapt yn 'e Presidinsjele Steatsauto, byneamd The Beast, om nei St Paul's Cathedral te riden, dêr't er ek betider oankomt.

Op dat stuit fynt der in rige koördinearre terroristyske oanslaggen plak, wêrby't op ferskate manearen de Dútske bûnskânselier Agnes Brückner, de Frânske presidint Jacques Mainard, premier Antonio Gusto fan Itaalje, premier Robert Bowman fan Kanada en premier Tsutomu Nakushima fan Japan fermoarde wurde, wylst tagelyk ferneamde bouwurken as London Bridge en Westminster Abbey opblaasd wurde. De dieders binne ferklaaid as leden fan 'e Londenske Metropolitan Police Service, militêren en ambulânsepersoneel. De terroristen hacke ek it elektrisiteitsnetwurk en snije sa yn 'e hiele stêd de stroom ôf. Fan gefolgen brekt der yn Londen massale panyk út. Presidint Asher is ek ien fan 'e doelwiten fan 'e oanslaggen, mar trochdat Banning it tiidskema foarútskood hat, moatte de terroristen ymprovisearje om him te pakken te nimmen. It selskip fan 'e presidint wurdt op 'e treppen fan 'e katedraal oanfallen, wêrby't alle Secret Service-aginten útsein Jacobs en Banning omkomme. The Beast rekket fernield en in oare Secret Service-agint, Voight komt te help mei in oare auto, wêryn't Banning en Jacobs mei de presidint útnaaie.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Der ûntstiet in wylde efterfolging dwers troch Londen, wêrby't Banning-en-dy neisitten wurde troch terroristen op motors. Voight komt om, en se ferûngelokje op in hier nei ear't se Somerset House wer berikke. Yn Marine One giet it werom nei Stansted, mar de presidinsjele helikopter wurdt troch de terroristen mei Stinger-loftdoelraketten delsketten en stoart del yn Hyde Park. Banning en presidint Asher komme mei de skrik frij, mar Lynne Jacobs rekket deadlik ferwûne. Banning en Asher ûntkomme oan 'e terroristen, dy't nei it plak fan 'e delstoarte helikopter gearstreame, troch beskûl te sykjen yn it metrosysteem, de London Underground.

Underwilens wurkje fanút Washington, D.C. de Amerikaanske autoriteiten ûnder lieding fan fise-presidint Allan Trumbull nau gear mei harren Britske wjergaders om 'e fermiste presidint Asher op te spoaren en út te sykjen wa't der efter de oanslaggen sit. Dat lêste wurdt lykwols maklik makke as Trumbull opskille wurdt troch Barkawi, dy't de drone-oanfal op syn hûs dochs oerlibbe blykt te hawwen en no operearret út Jemen wei. Hy is it dy't de oanslaggen pland hat, en de direkte útfierder, dy't oan it haad fan 'e terroristen yn Londen stiet, is syn soan Kamran. It docht bliken dat de dea fan premier Wilson gjin hertoanfal wie, mar in gefal fan fergiftiging yn opdracht fan Barkawi, mei as doel om alle wrâldlieders foar de begraffenis nei Londen ta te lokjen. Barkawi wit dat Asher noch yn libben is, en hy ûnthjit Trumbull dat er de eksekúsje fan 'e Amerikaanske presidint live oer it ynternet útstjoere sil as er him te pakken kriget.

Trumbull jout de Amerikaanske ynljochtingetsjinsten opdracht om Barkawi syn bekende kontakten nei te rinnen, om in konneksje mei de oanslaggen te finen. Underwilens jout Kevin Hazard, de kommissaris fan 'e Metropolitan Police Service, alle plysjes, ambulânsepersoniel en brânspuitlju opdracht om harren út Londen werom te lûken. Al dyjingen dy't dan noch oerbliuwe, moatte terroristen wêze en kinne útskeakele wurde troch de kommando-ienheden fan 'e SAS dy't it Britske Leger de stêd ynstjoert.

Nei't er in teken foar Trumbull efterlit dat inkeld troch spionaazjesatelliten oppikt wurde kin, nimt Banning Asher mei nei in ûnderdûkadres fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6, dêr't aginte Jacqueline "Jax" Marshall harren bypraat oer wat der ûnderwilens oer de oanslaggen en de dieders bekend is. Jax fermoedet dat der sprake is fan in ferrieder yn 'e eigen gelederen; oars hiene terroristen nea witte kinnen wat se blykber allegear wisten. Asher ûntfangt op it ûnderdûkadres in berjocht fan Trumbull dat dy in Amerikaanske kommando-ienheid fan 'e Delta Force fan in basis op Sisylje stjoerd hat om 'e presidint op te heljen. As op bylden fan befeiligingskamera's om it hûs hinne de oankomst fan dy ienheid te sjen is, fertrout Banning de saak lykwols net, om't se der nea sa gau wêze kinne. Hy kriget gelyk as bliken docht dat it op 'e nij terroristen binne, dy't Trumbull syn berjocht opfongen hawwe. Banning deadet ferskaten fan harren en wit mei Asher te ûntkommen yn in auto út 'e parkearkelder.

Se besykje by de Amerikaanske ambassade te kommen, mar wurde krekt foar't se dy berikke kinne, oanriden troch in terrorist yn in frachtwein. Wylst Banning eefkes út 'e tiid rekket, nimme de terroristen Asher finzen. Banning weeft ôf mei de terrorist dy't efterbliuwt om him te deadzjen, en jout him dan by in ienheid fan 'e SAS, dy't krekt te let arrivearret om Asher te rêden. Underwilens hawwe de Amerikaanske ynljochtingetsjinsten in gebou yn 'e binnenstêd fan Londen identifisearre dat eigendom is fan ien fan 'e bedriuwen fan Barkawi. It hjit in bouput te wêzen dêr't inkeld boufakkers oan it wurk binne, mar it blykt in enerzjyferbrûk te hawwen dat reuseftige heech is. Derfan útgeand dat se it haadkertier fan Kamran Barkawi fûn hawwe, sette Banning en de SAS-ienheid dêrhinne. Wylst de kommando's de terroristen ôfliede, kringt Banning allinne it gebou yn, dêr't Kamran-en-dy krekt risselwearje om 'e eksekúsje fan Asher oer it ynternet út te stjoeren. Banning wit Asher te rêden, en tegearre sykje se beskûl yn in liftskacht wylst kaptein Davies, de befelhawwer fan 'e SAS-ienheid, op befel fan Banning it gebou opblaast.

Kamran en de oare noch libbene terroristen komme om, mar Banning en Asher oerlibje de ûntploffing en de fjoersee yn 'e ôfsletten skacht, dêr't se neitiid troch de SAS-kommando's fûn wurde. Underwilens hat Jax Marshall ûntdutsen wa't de ferrieder oan Britske kant is. Se konfrontearret John Lancaster, it haad kontraspionaazje fan ynljochtingetsjinst MI5, yn in parkeargaraazje dêr't er in auto oan it ynladen is om mei út te naaien. As er wegeret him oer te jaan, sjit se him dea. Yn Jemen ûntfangt Barkawi ûnderwilens in tillefoantsje fan Trumbull. Barkawi warskôget de fise-presidint dat de Amerikanen noch net fan him ôf binne, mar Trumbull riedt him oan om ris út it rút te sjen. As Barkawi dat docht, sjocht er de Amerikaanske drone-oanfal oankommen dy't him it libben kostet.

Twa wiken letter hat Banning frij om in skoft mei syn frou Leah en harren nij berne poppe troch te bringen. It is in famke, dat se Lynne neamd hawwe, nei syn omkommen baas Lynne Jacobs. Banning pakt op 'e nij om mei it idee om syn ûntslach yn te tsjinjen en hat dêrta al in e-mailberjocht opsteld. Hy hoecht it inkeld noch te ferstjoeren. Op 'e tillefyzje, dy't oanstiet, heart er in taspraak fan fise-presidint Trumbull wêryn't dy seit dat de Feriene Steaten alle swierrichheden te boppe komme sille, salang't eltsenien syn stientsje mar bydraacht. Banning kiest der dan foar om it e-mailberjocht te deleten.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Gerard Butler.
 
Aaron Eckhart.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Secret Service-agint Mike Banning Gerard Butler
presidint fan 'e Feriene Steaten Benjamin Asher Aaron Eckhart


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Aamir Barkawi Alon Moni Aboutboul
direktrise fan 'e Secret Service Lynne Jacobs Angela Basett
MI6-aginte Jacqueline "Jax" Marshall Charlotte Riley
fise-presidint fan 'e Feriene Steaten Allan Trumbull Morgan Freeman
Kamran Barkawi Waleed Zuaiter
generaal Edward Clegg, foarsitter fan 'e feriene stêfsjefs fan 'e Amerikaanske Striidkrêften Robert Forster
minister fan Bûtenlânske Saken fan 'e Feriene Steaten Ruth McMillan Melissa Leo
Leah Banning Radha Mitchell
stêfsjef fan it Wite Hûs D.C. Mason Jackie Earle Haley
adjunkt-direkteur fan 'e NSA Ray Monroe Sean O'Bryan
Sultan Mansoor Mehdi Dehbi
kommissaris fan 'e Londenske Metropolitan Police Service Kevin Hazard Colin Salmon
haad kontraspionaazje fan MI5 John Lacaster Patrick Kennedy
SAS-kaptein Will Davies Bryan Larkin
Raza Mansoor Adel Bencherif
Secret Service-agint Voight Michael Wildman
Secret Service-agint Bronson Andrew Pleavin
Doris, Banning syn skoanmem Deborah Grant
premier fan it Feriene Keninkryk Leighton Clarkson Clarkson Guy Williams
minister fan Bûtenlânske Saken fan it Feriene Keninkryk Rose Kenter Penny Downie
presidint fan Frankryk Jacques Mainard Philip Delancy
premier fan Itaalje Antonio Gusto Alix Giannini
Viviana Gusto Elsa Mollien
bûnskânselier fan Dútslân Agnes Brückner Nancy Baldwin
premier fan Kanada Robert Bowman Nigel Whitmey
frou Bowman Julia Montgomery
premier fan Japan Tsutomu Nakushima Tswuwayuki Saotome

London Has Fallen waard regissearre troch Babak Najafi nei in senario fan Creighton Rothenberger, Katrin Benedikt, Christian Gudegast en Chad St. John. As produsinten wiene Alan Siegel, Mark Gill, John Thompson, Matt O'Toole, Les Weldon en haadrolspiler Gerard Butler by it projekt belutsen foar de filmstudio's Gramercy Pictures, Millennium Films, G-BASE en Lionsgate Films. Der wie in budget fan $60 miljoen beskikber foar London Has Fallen.

De opnamen setten op 24 oktober 2014 op lokaasje yn Londen útein, en duorren oant april 2015. De binnendoarsênes waarden fierhinne opnommen yn 'e Pinewood Studios, yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire. Butler, Aaron Eckhart, Morgan Freeman, Angela Bassett, Melissa Leo, Robert Forster en Radha Mitchell fertolken deselde rollen dy't se ek spile hiene yn Olympus Has Fallen, út 2013. De kamerarezjy waard fierd troch Ed Wild, wylst Trevor Morris de filmmuzyk fersoarge.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan London Has Fallen wie yn 'e hannen fan Focus Features, de memme-ûndernimming fan Gramercy Pictures. It wie oarspronklik de bedoeling dat de film op 2 oktober útkomme soe, mar troch fertragings yn 'e postproduksje moast dy datum opskood wurde. Uteinlik gie de film op 1 maart 2016 yn Hollywood yn premiêre, wêrnei't er op 4 maart fan dat jier iepene yn 'e Amerikaanske bioskopen. Dyselde deis kaam ek it soundtrackalbum út. London Has Fallen waard op 14 juny 2016 útbrocht op dvd en blu-ray.

London Has Fallen krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy. Yn The A.V. Club neamde Ignatiy Vishnevetsky de film "in troebele, harsensdeade stek-mar-raak, grôtfol mei safolle ûnsinnige efterfolgings, bespotlike special effects en net byinoar hearrende argyfbylden, dat er derom smeket om ta drinkspul makke te wurden". Hy konkludearre dat London Has Fallen "ien fan dy seldsume films is dy't nearne goed yn is." The A.V. Club rôp London Has Fallen letter út ta de minste film fan it jier.

It Amerikaanske tydskrift Variety omskreau de film as "rasistysk sûnder dat er der muoite foar hoecht te dwaan" troch it oproppen fan "de bekende islamofoby". Deselde resinsje neamde Londen Has Fallen ek "in terreurspoitaasje-fantasij" bedoeld om eangst te fersprieden nei de oanslaggen yn Parys fan novimber 2015. (Dy lêste oantiging wie dúdlik net wier, mei't de film al tusken oktober 2014 en april 2015 opnommen wie, doe't dy oanslaggen noch barre moasten.) The Hollywood Reporter omskreau London Has Fallen as in film fan it "haadstêde-ferneatigings-subsjenre fan 'e pornografy".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie London Has Fallen in leech goedkarringspersintaazje fan 25%, basearre op 181 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] set in talintearre cast – en eltsenien dy't him doar te sjen – fêst yn in […] nachtmerje fan in film dy't wol út 'e midden fan 'e 1990-er jierren liket te kommen, fol mei ksenofoby en fersliten aksjeskriller-klisjees." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle London Has Fallen in goedkarringspersintaazje fan 28%, basearre op 35 resinsjes. Amerikaanske bioskoopgongers dy't nei ôfrin fan it bioskoopbesyk befrege waarden, joegen London Has Fallen lykwols in 9 op in skaal fan 1 oant en mei 10.

London Has Fallen brocht yn 'e Feriene Steaten en Kanada yn 'e bioskopen $62,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $143,2 miljoen. Dêrmei kaam de wrâldwide opbringst út op $205,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $60 miljoen betsjutte dat in winst fan $145,8 miljoen (minus marketingkosten). Opmerklik wie dat London Has Fallen mear opbrocht as syn foargonger Olympus Has Fallen ($170 miljoen), wat ornaris mei ferfolchfilms net sa is.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Fallen (filmsearje)
Olympus Has Fallen (2013) • London Has Fallen (2016) • Angel Has Fallen (2019)