St Paul's Cathedral (Londen)

De Sint-Pauluskatedraal (Ingelsk: St Paul's Cathedral) is in katedraal yn de City, de binnenstêd fan 'e Ingelske haadstêd Londen. De katedraal is de biskopstsjerke fan it Anglikaanske bisdom Londen.

Pauluskatedraal

St Paul's Cathedral

Lokaasje
lân Ingelân
plak Londen EC4M 8AD
adres St. Paul's Churchyard
koördinaten 51° 30' N 0° 05' W
Tsjerklike gegevens
bisdom Londen (sûnt 604)
Arsjitektuer
arsjitekt Christopher Wren
boujier 1675–1710
boustyl barok
hichte 111 m
monumintale status Grade I listed building
monumintnûmer 1079157
Webside
www.stpauls.co.uk
Kaart
St Paul's Cathedral (Londen)
St Paul's Cathedral

De Pauluskatedraal is in drokke tsjerke mei alle dagen wol fjouwer oant fiif tsjerketsjinsten. Dêrnjonken wurde der in soad bysûndere tsjinsten fierd, dy't yn ferbân stean mei de City en syn ferienings en organisaasjes. De katedraal is de grutste tsjerke fan Londen en jout ek ûnderdak foar de fiering fan saken dy't de steat oangeane, lykas bygelyks de doedestiidske fiering fan it diamanten jubileum fan keninginne Elizabeth. Fierder is de katedraal alle dagen iepen foar toeristen en wurde der regelmjittich oargelkonserten holden.

Iere skiednis

bewurkje seksje

Neffens in 12e-iuwske list fan 'e sistersjinzer muonts Jocelyn fan Furness oer sechtjin Londense aartsbiskoppen soe de kristlike mienskip fan Londen yn 'e 2e iuw stifte wêze ûnder de legindaryske kening Lucius en syn hillige misjonarissen Faganus, Deruvianus, Elvanus en Medwinus. Dat wol tsjintwurdich in soad skiedkundigen lykwols net oan. Dêrfoaroer is de bewarre tekst problematysk, want ien fan 'e biskoppen dy't oanwêzich wie op it konsylje fan Arles yn 314, of biskop Restitutus of biskop Adelfius, soe ôfkomstich west ha út Londinium. De lokaasje fan 'e oarspronklike katedraal fan Londinium is net bekend.

Beda skriuwt yn syn Historia ecclesiastica gentis Anglorum dat Augustinus fan Canterbury yn augustus 604 Mellitus as earste biskop ynwijde fan it Angelsaksyske keninkryk fan de Eastsaksen. De omke fan kening Sæberht, Æthelberht, kening fan Kent, boude foar de nije biskop in nije tsjerke yn Londen, dy't oan de apostel Paulus wijd waard. Der wurdt oannommen, al wurdt dat net mei bewiis ûnderboud, dat dy earste Angelsaksyske katedraal op itselde plak stien hat as de lettere midsiuwske en hjoeddeiske katedraal.

Nei de dea fan Sæberht yn 616 waard biskop Mellitus troch syn heidenske soannen ferballe en de Eastsaksen ferfoelen wer yn it âlde heidendom. Wat der doe mei de katedraal barde is net bekend, mar oan 'e ein fan 'e 7e iuw krige it Kristendom op 'e nij foet oan 'e grûn. Mooglik waard doe de âlde katedraal restaurearre, mar it soe ek bêst kinne dat der in hiele nije katedraal boud waard. Dy katedraal, of in opfolger dêrfan, waard yn it jier 962 troch brân ferneatige, mar yn itselde jier wer opboud.

Neffens de Angelsaksyske Kronyk gyng de katedraal mei in grut part fan 'e stêd ferlern by de grutte stedsbrân fan 1087.

 
De katedraal en de omjouwing yn 'e 16e iuw

De bou fan de foargonger fan 'e Pauluskatedraal, ornaris de Old St Pauls neamd, sette nei de brân fan 1087 útein. In oare brân yn 1136 soarge foar opûnthâld en it duorre dêrfandinne noch oant 1240, ear't de nijbou konsekrearre wurde koe. Wylst de katedraal boud waard feroare ek de styl fan 'e oarspronklik romaanske styl nei de goatyske yn 'e lettere boudielen.

Net sa lang nei de foltôging fan 'e katedraal fûn der wer in útwreiding plak. Dy nijbou kaam ree yn 1314, mar waard al earder yn 1300 konsekrearre. De tsjerke wie yn 'e lette iuwen ien fan 'e grutste tsjerken op 'e wrâld en waard wat de lingte fan it tsjerkeskip oanbelanget allinne oertroffen troch de abdijtsjerke fan Cluny en wat de hichte fan de spits oanbelanget troch de katedraal fan Lincoln en Stralsund's Marijetsjerke. Boaiemûndersyk yn 1878 wiisde in totale lingte fan 178 meter út, in breedte fan 30 meter en mei it transept en de fiering in breedte fan 87 meter. De spits wie 149 meter heech.

Yn 'e 16e iuw begûn it ferfal fan 'e tsjerke. By de ynfiering fan 'e reformaasje ûnder Hindrik VIII en Edward VI waarden de kleasters ûntbûn. De brek fan de monargy mei de Roomsk Katolike Tsjerke late ta it ferneatigjen fan in diel fan it ynterieur, de kleastergong, kapellen en hillichdommen. In soad katolike gebouwen op it hôf fan 'e katedraal waarden troch de Kroan yn beslach nommen en ferkocht as winkels en wenten, benammen oan printers en boekhannels, dy't faak yn 'e hannen fan puriteinen wiene. Yn 1561 sloech de bliksem yn 'e toer yn. De ferneatiging fan 'e toer waard troch sawol protestanten as katoliken útlein as in fingerwizing fan God, dy't ûntefreden wie oer inoars tsjinstanner.

De tsjintwurdige katedraal

bewurkje seksje

Nei de grutte stedbrân fan 1666 krige arsjitekt Christopher Wren de opdracht om de stêd wer op te bouwen. Njonken nochris 50 tsjerken levere er ek de tekenings foar in nije katedraal. Alhoewol't it fjoer de âlde katedraal slim oantaast hie, hie it faaks noch wol mooglik west om de goatyske tsjerke te restaurearjen. Foar de brân wie der al in útstel west om de goatyske tsjerke te ferfangen, en nei de brân waard der trochpakt en keazen foar in folsleine nijbou yn 'e styl dy't doe yn 'e moade wie, de barok. Oan it begjin fan 'e jierren 1670 waard de âlde katedraal hielendal ôfbrutsen.

 
Oersjoch ynterieur.
 
De katedraal nei de Blitz.

Wren hie mei de nijbou in sintraalbou yn gedachten mei in grûnplan yn 'e foarm fan in Gryksk krús, mar it plan waard ôfwiisd as te radikaal en djoer en sa ek mei de dêr op folgjende feroarings yn it ûntwerp, dy't laten ta in grut model dat hjoeddedei yn de katedraal te sjen is.

Net earder as yn 1675 waard foar it earst in ûntwerp fan Wren goedkard. Der waard útein set mei de bou, mar fan it oarspronklike plan bleaune troch it grutte tal feroarings allinne mar de ôfmjittings fan 'e plattegrûn oer. Ynstee fan in krusingstoer te bouwen waard der in koepel op 'e tsjerke boud, sa't dat neffens Wren's earste plannen it doel wie. De westlike portikus, de haadyngong fan 'e katedraal, waard pas yn 1703 ûntwurpen en oant de foltôging yn 1708 mei twa tuorren bekroand.

Alhoewol't de katedraal by bombardeminten op 10 oktober 1940 en 17 april 1941 rekke waard, bleau de katedraal sparre foar ferneatiging. De earste oanslach fernielde it heechalter, wylst in twadde oanfal it noardlike transept rekke en in gat yn 'e flier boppe de krypte efterliet. Op 12 septimber 1940 waard in bom mei súkses ûnskealik makke en ferwidere troch meiwurkers fan de Royal Engineers ûnder lieding fan luitenant Robert Davies. As dy bom ûntploft wie, dan soe de hiele katedraal de loft yngien wêze. De bom koe nei in feilich plak brocht wurde en liet dêr nei ûntploffing in krater fan 30 meter achter. Foar it krewearjen fan Davies waard er eart mei it George Cross.

Op 29 july 1981 fûn yn de katedraal de ynseiniging fan it houlik fan prins Charles en prinsesse Diana plak.

Arsjitektuer en ynterieur

bewurkje seksje

De barokke katedraal is 158 meter lang en hat in krúsfoarmich oerflak mei in eastlike oriïntaasje. Ynstee fan in toer boppe de krusing hat de tsjerke in 111 meter hege koepel, dy't mei in lantearne einiget.

It grutste monumint yn 'e katedraal is dat fan de hartoch fan Wellington. It stiet oan 'e noardlike kant fan it middenskip en wurdt mei in byld fan Wellington op syn hynder 'Copenhagen' bekroand. It hynder op it monumint yn 'e tsjerke soarge foar in soad krityk en it duorre noch oant 1912 ear't it byld, dat ta it oarspronklike ûntwerp fan it monumint hearde, syn plak krige. De hartoch is yn 'e krypte begroeven.

Yn 'e súdlike sydbeuk hinget in kopy fan William Holman Hunt's ferneamde skilderij "It Ljocht fan 'e Wrâld" (The Light of the World), wêrfan't it orizjineel yn it Keble College yn Oxford hinget. It skilderij fan 'e katedraal waard oanfolle mei in wichtige tafoeging fan Edward Robert Hughes, om't Hunt it skilderij fanwegen in eachsykte net ôfmeitsje koe. Noardlik fan it koer stiet in byld fan in Madonna mei Bern fan Henry Moore út 1943.

 
Koepel

Om de basis fan 'e koepel is op in hichte fan likernôch 30 meter in ringfoarmige omgong mei in trochsneed fan 34 meter, de saneamde Whispering Gallery. Troch de echo binne flústere wurden oan 'e oare kant te hearren. De beskildere dekoraasjes fan 'e koepel troch James Thornhill litte yn in yllusjonistyske arsjitektuer acht foarstellings út it libben fan Paulus sjen.

Yn it koer steane de koerbanken en it oargel. It fykwurk oan it hout dêrfan ynklusyf dat fan de preekstoel stamme fan Grinling Gibbons, de smei-izeren koerhekken fan de Frânske hugenoat Jean Tijou. De glêsmozaïken oan it plafond boppe it koer waarden troch William Blake Richmond makke.

De eastlike apsis is like breed as it koer en op 'e selde hicht brocht as de bôgen fan it koer en it skip en fersierd mei mozaïken. It oarspronklike heechalter waard yn 1940 fernield by de bombardeminten. It hjoeddeiske heechalter en it baldakyn binne neffens it ûntwerp fan Wren makke troch Stephen Dykes Bower en Godfrey Allan, dy't it yn 1958 foltôgen. Yn 1958 waard mei donaasjes fan it Britske folk de apsis as de American Memorial Chapel wijd. Op de Roll of Honour wurde de nammen fan mear as 28.000 Amerikanen neamd, dy't harren libben joegen wylst hja op wei wiene nei it Feriene Keninkryk yn 'e Twadde Wrâldkriich. De trije ramen fan 'e apsis stamme út 1960 en stelle tema's lykas tsjinst en opoffering foar, mei op 'e rânen ynsynjes fan 'e Amearikaanske steaten en striidkrêften.

 
Kapel fan de Order of the British Empire.

Under de tsjerke is in krypte, dy't ûnder de folle lingte fan it haadskip rint. Yn it eastlike diel is sûnt 1960 ûnder it koer de kapel fan 'e Order of the British Empire. Yn 'e westlike ein is in museum ûnderbrocht. Dêrtusken binne mear as 200 grêven en monuminten fan persoanen dy't bydroegen oan 'e Britske skiednis. De arsjitekt Christopher Wren wie de earste persoan dy't dêr yn 1723 begroeven waard. Op 'e muorre boppe syn tombe yn 'e krypte stiet yn it Latyn: Lector, si monumentum requisis, circumspice (oers.: Lêzer, as jo syn monumint sykje, sjoch dan om jo hinne).

 
Koerbanken en oargel.

It earste oargel fan 'e katedraal waard yn 1697 troch Bernard Smith boud, in ymmigrant út Dútslân. It front datearret fan Wren, mei wa't de oargelbouwer jierrenlang spul hie om it plak fan it oargel en hoe grut oft it oargel wurde moast. Lang om let wûn Wren de striid, sadat it op de grins tusken it skip en it koer as in soarte fan doksaal opsteld waard. Oant 1830 waard der net in soad feroare oan it oargel en ferneamde komponisten lykas Georg Friedrich Händel en Felix Mendelssohn Bartholdy spilen der op. Yn 1859 ferhûze it oargel nei de kant fan it koer om sa frij sicht op it koer te realisearjen.

Yn 1872 boude Henry Willis in nij ynstrumint, wêrby't likernôch 200 pipen fan it Smith-oargel op 'e nij brûkt waarden dy't oant hjoeddedei bewarre bleaun binne. It oargelfront waard ferdield en útwreide. It nije ynstrumint hie no fjouwer manualen en in pedaal, de traktueren wiene pneumatysk. Yn 'e rin fan 'e tiid waard it oargel ferskate kearen fergrutte en reorganisearre en mei elektryske traktueren útrêst.

Mander Organs restaurearre en fergrutte it oargel sûnt 1972. Om it oargel better yn 'e tsjerke ta syn rjocht komme te litten waarden der trompetten oan it westwurk tafoege, dy't benammen by keninklike oangelegenheden brûkt wurde. It wurk waard yn 1977 foltôge, op 'e tiid foar it sulveren kroaningsjubileum fan Elizabeth II en bestiet út trije seksjes: in diel yn it koer, in diel ûnder de koepel en in westlik diel. Alle trije dielen binne fanôf de haadspyltafel oan te spyljen. It eigentlike oargel, it oargel yn it koer, stiet lofts en rjochts fan 'e alterromte. Under de koepel stiet it diel fan it oargel dat krekt as it westlike diel it sjongen fan it tsjerkefolk ûnderstipet. It oargel besit 105 registers.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:St Paul's Cathedral