Lantearne (boukunde)
In lantearne is in iepenwurke bekroaning fan in grutte koepel of in toer en hat faak in achthoekige foarm.
In kape fan glês yn/op it dak fan in wenhûs as op it dek fan in skip wurdt ek 'lantearne' neamd.
Troch de lantearne falt deiljocht yn in gebou. Dêrom kriget in lantearne yn de wenningbou faak in prominint plak: boppe de trep of it atrium, of yn in spesjaal oanbrochte fide om ljocht yn te litten.
-
Klassike lantearne fan San Luigi dei Francesi
-
Moderne en klassike lantearne op Sweedske gebouwen