Elizabeth II fan it Feriene Keninkryk

(Trochferwiisd fan Elizabeth II fan Ingelân)

Elizabeth Alexandra Mary (Londen, 21 april 1926 - Kastiel Balmoral, 8 septimber 2022) wie fan 1952 oant 2022 keninginne fan it Feriene Keninkryk en steatshaad fan de lannen yn it Britske Mienebest. Fan de Windsor-dynasty wie hja de fjirde monarch. Elizabeth II is mei 70 jier de monarch dy't it langst op de troan sitten hat fan it Feriene Keninkryk. Elizabeth II ferstoar op 8 septimber 2022 yn 'e âldens fan 96 jier.

Elizabeth II fan it Feriene Keninkryk
aadlik persoan en/of hearsker
Elizabeth II (2011)
Elizabeth II (2011)
echte namme Elizabeth Alexandra Mary
nasjonaliteit Britsk
bertedatum 21 april 1926
berteplak Londen
stjerdatum 8 septimber 2022
stjerplak Kastiel Balmoral
dynasty Windsor
Keninginne fan it Feriene Keninkryk
amtsperioade 1952-2022
foargonger George VI
opfolger Charles III

Elisabeth makke as keniginne 15 premiers mei, wêrûnder Winston Churchill, Margaret Thatcher en resinter Boris Johnson. Yn de tiid fan har regear foel it Britske koloniale ryk út inoar, naam de macht fan de Britske aristokrasy ôf en de ynfloed fan de massamedia op de byldfoarming rûn it keningshûs ta.

Berte en jongerein

bewurkje seksje

Elizabeth waard op om 2.40 oere op 21 april 1926 berne, doe't har pake, kening George V, op de troan siet. Har heit, prins Albert, hartoch fan York (letter kening George VI), wie de op ien nei âldste soan fan de kening. Har mem wie Elizabeth, hartochinne fan York (letter keninginne Elizabeth, dy't de jongste dochter wie fan de Skotske edelman Claude Bowes-Lyon, 14e greve fan Strathmore en Kingshorne, en syn frou Nina Cecilia Cavendish-Bendtinck. Hja waard mei de keizersneed op de wrâld brocht yn it hearehûs fan har pake yn Londen, 17 Bruton Street yn Mayfair.[1] Op 29 maaie waard Elizabeth troch de aartsbiskop fan York doopt. Hja krige de namme fan har mem, har twadde namme fan har oerbeppe, keninginne Alexandra en Mary nei har beppe, keninginne Mary. Har gewoane namme wie Elizabeth en hja waard yn de famylje Lilibet neamd. Elizabeth's iennige suster wie Margaret, dy't op 21 augustus 1930 berne wie. De twa prinsessen krigen altiten thús ûnderwiis.

Yn 1936 waard har heit kroand ta George VI fan Grut-Brittanje, nei't syn broer Edward VIII ôfstân die fan de troan om te trouwen mei de skieden Amerikaanske Wallis Warfield Simpson, dat yn dy tiid net koe. As âldste bern fan kening George VI waard hja op dat stuit troanopfolgster en om 't de kening fierder gjin soannen mear krige bleau dat sa.

Twadde Wrâldkriich

bewurkje seksje
 
Prinses Elizabeth yn tsjinst, april 1945

Yn 1940 doe't de Dútske bombardeminten op Grut-Brittanje (The Blitz) op syn slimst wiene, waarden Elizabeth en Margareth nei it Kastiel fan Windsor brocht, dat feiliger achte waard. Dêr brochten hja it grutste part fan de oarlochsjierren troch.

Yn de Twadde Wrâldkriich begûn hja iepenbiere taken te dwaan en hja tsjinne yn de Auxiliary Territorial Service fan it Britske leger.[2]

Op befel fan kening George VI waard ek in grut tal Britske kroanjuwielen bewarre op it Kastiel fan Windsor. De juwielen waarden ferside stoppe yn in koekblik ûnder it kastiel sels, sadat de nazy's dy net fine koene as hja it lân ynfalle soene. De kriichsjierren wiene in ûnwisse tiid foar it hiele keninkryk en ek foar de keninklike famylje. Mar de krystdagen wie in tiid fan ljocht en ferdivedaasje en de jonge prinsessen spilen dan de krystavontoerenkomeedzje (yn it Ingelsk pantomime neamd) foar en mei de bern fan de meiwurkers fan it kastiel.[3]

Houlik en bern

bewurkje seksje
 
Prinses Elizabeth mei har ferloofde Philip fan Grikelân en Denemark

Elizabeth troude mei prins Philip fan Grikelân en Denemark. Foar it earste seach Elizabeth prins Philip yn 1934 en by in twadde moeting yn 1939 rekke de doe 13-jierrige Elizabeth fereale op Philip en setten hja útein om inoar brieven te skriuwen. Hja ferloofden op 9 july 1947 doe't Elizabeth 21 jier wie.

De ferloving wie in kwestje fan striid om't Philip yn it bûtenlân berne wie en om 't guon fan syn susters troud wiene mei Dútske prinsen, dy't konneksjes hiene mei it nazisme. Ek de nasjonaliteit fan Philip bleau lang ûndúdlik en in kwestje fan fûle striid, ek al hie Philip sûnt 1939 tsjinne yn de Royal Navy. Op grûn fan in wet út 1705 dy't bepaald dat alle ôfstammelingen fan karfoarstinne Sophie fan Hannover Britske ûnderdanen binne, koe lykwols yn 1972, 25 jier nei syn naturalisaasje, fêststeld wurde dat Philip, as ôfstammeling fan keninginne Fiktoaria, altiten al in Britsk ûnderdaan west hat.[4]

Foar de brulloft die Philip ôfstân fan syn Grykske en Deenske titels, hy gyng oer fan de Gryksk-otterdokse Tsjerke nei de Anglikaanske Tsjerke en krige de efternamme Mountbatten, de famyljenamme fan de Britske famylje fan syn mem. Flak foar de trouwerij waard Philip beneamd ta hartoch fan Edinburgh en tenei soed er oansprutsen wurde as Keninklike Heechheid.

Elizabeth en Philip trouden op 20 novimber 1947 yn de Westminster Abbey yn Londen. Tegearre krigen hja fjouwer bern:

  • Prins Charles, Prins fan Wales (berne yn 1948).
  • Prinses Anne, de Princess Royal (berne yn 1950).
  • Prins Andrew, hartoch van York (berne yn 1960).
  • Prins Edward, greve fan Wessex (berne yn 1964).

Tegearre joegen de bern Elizabeth acht beppesizzers en tolve oerbeppesizzers.

 
Elizabeth op de kroaningsdei

Prinses Elizabeth wie yn 1952 yn Kenia om har sike heit te fertsjintwurdigjen. Har man Philip fertelde Elizabeth dêr dat har heit ferstoarn wie. Hja kaam fuortendaliks werom nei Londen as de nije keninginne.

Nei de dea fan har heit op 6 febrewaris 1952 waard Elizabeth it haad fan it Mienebest en regint fan sân ûnôfhinklike lannen fan it Mienebest: it Feriene Keninkryk, Kanada, Austraalje, Nij-Seelân, Súd-Afrika, Pakistan en Seylon. Op 2 juny 1953 waard Elizabeth kroand yn de Westminster Abbey, de earste kroaning fan in foarst dy't op de tillevyzje útstjoerd waard.

 
Gebieten mei Elizabeth II as keninginne (donkere gebieten oant har dea)

Yn de tiid fan Elizabeth as konstitúsjoneel haad hie Grut-Brittanje te meitsjen mei grutte politike feroarings, lykas de swierrichheden yn Noard-Ierlân, de desintralisaasje fan it Feriene Keninkryk, de dekolonisaasje fan mear as 20 lannen yn Afrika en it Karibysk gebiet, de tatreding fan it keninkryk ta de Europeeske Ekonomyske Mienskip en de Brexit. It oantal lannen ûnder lieding fan keninginne Elizabeth ferskilde yn de tiid fan har 70-jierrich jubileum. Meiïnoar hat hja yn dy tiid monarch fan 32 ûnôfhinklike lannen west. It regear fan it net erkende Rodeezje ferklearre him trou oan Elizabeth as keninginne fan it lân, mar Elizabeth akseptearre de titel net. Fidzjy waard mei in militêre steatsgreep yn 1987 in republyk, wêrnei't de Grutte Ried fan Lieders Elizabeth as keninginne bleau erkennen, oant de Ried yn 2012 opheft waard. Dat wie lykwols allinne in seremoaniële titel sûnder rol yn it regear.

Elizabeth neamd it jier 1992 har annus horribilis (in ôfgryslik jier). Yn dat jier gyngen harren soannen Charles en Andrew by de frou wei, gyng har dochter Anne by de man wei en ferneatige in brân in diel fan it Kastiel fan Windsor. De offisjele skieding fan prins Charles en prinses Diana wie yn 1996. In jier letter ferstoar Diana by in ûngemak yn in Paryske tunnel. Yn dy tiid sakke de populêriteit fan Elizabeth bot. De Britske parse joech krityk op de keninklike famylje om't hja harren ôfsûnderen yn de dagen flak foar de begraffenis fan Diana. Sûnt dy tiid ferskynde Elizabeth mear yn it iepenbier en is har populêriteit wer tanommen.

Yn novimber 1999 waard yn Austraalje in referindum holden oer it ynruiljen fan de monarchy en de ynfiering fan de republyk. Fan de befolking stimde 54.87% tsjin de republyk en in soad republikeinen skreaunen harren ferlies ta oan de persoanlike populêrens fan Elizabeth. Ek yn eigen lân bleau de keninginne neffens ûndersiken populêr. Doe't Elizabeth har diamanten jubileum fierde, stie 90% efter de monargy.

Yn 2002 ferstoar har suster Margaret. In grutte klap foar de foarstinne wie yn 'e maaitiid fan 2021 it ferstjerren fan har man Philip nei in siikbêd , mei wa't hja in lokkich houlik fan 73 jier hân hie. Har man is 99 jier woarn.

De lêste jierren hie de keninklike famylje te lijen fan negative publisiteit troch de omgong fan Elizabeth's soan Andrew mei de feroardiele sededelinkwinten Jeffrey Epstein en Ghislaine Maxwell, syn rjochtsaak mei Virginia Giuffre en de beskuldigingen fan seksuëel ûnfoech gedrach. Ek de ferhûzing fan beppesizzer Harry en syn frou Meghan nei de Feriene Steaten en harren fraachpetear mei Oprah Winfrey soargen foar negative publisiteit. Dochs bleau neffens ferskillende omfragen de populêrens fan de monargy yn Grut-Brittanje heech en by it platina-jubileum fan Elizabeth die bliken dat benammen de persoanlike populêriteit fan Elizabeth dêr oan bydroech.

 
De keninginne yn 2007

Elizabeth is de monarch dy't it langst op de Britske troan sitten hat. Op 9 septimber 2015 briek hja it record fan keninginne Fiktoaria, dat op 63 jier, sân moannen en twa dagen stie.

Elizabeth's 25-jierrich en 50 jierrich jubileum waarden yn 1977 en 2002 fierd. Mei in grut folksfeest waard yn juny 2012 it 60-jierrich jubileum fierd. It platina-jubileum fierde Elizabeth yn 2022.

Sûnens en dea

bewurkje seksje

Op 8 septimber 2022 makke Buckingham Palace bekend dat de keniginne, dy't yn Balmoral residearre, ûnder medysk tafersjoch stie nei't artsen harren soargen uteren oer har sûnens. De ferklearring wie: "Nei fierdere evaluaasje fan fan 'e moarn meitsje de artsen fan de keninginne harren soargen oer de sûnens fan Hare Majesteit en hawwe har oanrikkemandearre om ûnder medysk tafersjoch te bliuwen". Noch twa dagen earder hie de keninginne dy tiisdeis Liz Truss as nije premier fan Grut-Brittanje beneamd.

De twa âldste bern fan de keninginne, prins Charles mei syn frou Camila, en prinses Anne wiene by har doe't hja dy middeis rêstich ynslepte.

De offisjele ferklearring wie (yn it Frysk):

De keninginne is fan 'e middei fredich ferstoarn op Balmoral. De kening en de keninginne-gemalin bliuwe jûn op Balmoral en komme moarn werom nei Londen.

Har twa jongste bern prins Andrew en prins Edward en de beppesizzers William en Harry wiene ûnderwies, mar kamen pas nei it ferstjerren. Elizabeth sil op moandei 19 septimber njonken har man, prins Philip, begroeven wurde yn de King George VI Memorial Chapel fan de St George's Chapel yn it noardlik diel fan it Kastiel fan Windsor .

Religieuze oertsjûging

bewurkje seksje
 
Elizabeth en Philip nei in tsjinst yn de Anglikaanske tsjerke fan Canberra

Elizabeth wie in djip religieus persoan en naam haar kroaningseed tige earnst. Hja stie oan it haad fan de Tsjerke fan Ingelân en gyng regelmjittich nei tsjerke en ek al wie hja gjin haad fan de Tsjerke fan Skotlân, as hja yn Skotlân wie gyng hja ek dêr nei tsjerke.

Hja stipe ynterreligieuze kontakten en moete lieders fan oare tsjerken, lykas fiif pausen: Pius XII, Jehannes XXIII, Jehannes Paulus II, Benediktus XVI en Fransikus. Faak ferwurke hja yn har Krystboadskip oan it Mienebest in persoanlike opmerking oer har leauwen. Yn 2000 sei hja:

Foar in soad fan ús binne ús oertsjûgings fan fûneminteel belang. Foar my foarmje de lear fan Kristus en myn eigen ferantwurdlikens foar God in ramt, wêryn't ik myn libben besykje te lieden. Lykas sa'n soad fan jimme haw ik yn drege tiden in soad treast helle út de wurden en it foarbyld fan Kristus.

Elizabeth hie har namme ferbûn oan mear as 600 organisaasjes en goede doelen. De 'Charities Aid Foundation' rûsde dat Elizabeth troch har rol as beskermfrou yn har regear meiholp om mear as £ 1,4 miljard yn te sammeljen. Hja hold fan hynstesport en hûnen, fral fan har Welsh Corgi's. Al sûnt 1933 wie hja in grut leafhawwer fan dat hûneras. Yn dat jier skafte de famylje foar it earst sa'n hûntsje oan, dy't de namme Dookie krige.

Oer de rykdom fan keninginne Elizabeth wurdt al jierren spekulearre. Yn 1971 rûsde Jock Colville, har eardere privésekretaris en direkteur fan har bank, Coutts, it fermogen op £ 2 miljoen (tsjintwurdich (2021) likernôch £28 miljoen). Buckingham Palace neamde yn 1993 in rûzing fan £ 100 miljoen "swier oerdreaun". Yn 2002 erfde Elizabeth it eigendom fan har mem, dat neffens in rûzing £ 70 miljoen bedroech. De Sunday Times Rich List 2020 rûsde har persoanlike fermogen op £ 350 miljoen en dêrmei stie hja op it 372e plak fan de rykste ynwenners fan Grut-Brittanje. In list fan de Sunday Times skreau har yn 1989 in fermogen fan £ 5.2 biljoen ta (tsjintwurdich likernôch £ 13.8 biljoen), mar dat wie ynklusyf it ûnreplik guod fan de steat.

De Royal Collection, dy't tûzenen histoaryske objekten en de Britske kroanjuwielen omfiemje, is gjin persoanlik eigendom fan it keningshûs. Troch in trust wurdt it oan de keninklike famylje ta harren foldwaan steld. Itselde jildt foar de kastielen en offisjele residinsjes lykas Buckingham Palace en it Kastiel fan Windsor en foar it hartochdom Lancaster, mei in ûnreplik guodportefeuille fan £ 472 miljoen yn 2015.

It lekken fan de Paradise Papers yn 2017 ynformearre dat it hartochdom Lancaster ek ynvestearings hie yn de twa belestingparadijzen (Kaaimaneilannen en Bermuda). Sandringham House en Kastiel Balmoral wiene privé-eigendom fan de keninginne. It Britske Crown Estate, mei in fermogen fan £ 14,3 miljard yn 2019, is ek yn in trust ûnderbrocht en kin net troch de monarch persoanlik ferkocht wurde.

Elizabeth II,
Keninginne fan it Feriene Keninkryk

(1926-)
Heit:
George VI,
Kening fan it Feriene Keninkryk

(1895–1952)
Pake:
George V,
Kening fan it Feriene Keninkryk

(1865–1936)
Oerpake:
Eduard VII,
Kening fan it Feriene Keninkryk

(1841–1910)
Oerbeppe:
Alexandra,
Keninginne fan it Feriene Keninkryk,
prinsesse fan Denemark

(1844–1925)
Beppe:

Victoria Maria,
Keninginne fan it Feriene Keninkryk,
prinsesse fan Teck

(1867–1953)
Oerpake:
Frans,
hartoch fan Teck

(1837–1900)
Oerbeppe:
Maria Adelheid,
Hartoginne fan Teck,
prinsesse fan Grut-Brittanje

(1833–1897)
Mem:
Elizabeth Bowes-Lyon,
keninginne fan it Feriene Keninkryk

(1900–2002)
Pake:
Claude Bowes-Lyon,
greve fan Strathmore en Kinghorne

(1855–1944)
Oerpake:
Claude Bowes-Lyon,
greve fan Strathmore en Kinghorne

(1824–1904)
Oerbeppe:
Frances Bowes-Lyon,
grevinne fan Strathmore en Kinghorne

(1833–1922)
Beppe:
Cecilia Bowes-Lyon,
grevinne fan Strathmore en Kinghorne

(1862–1938)
Oerpake:
Charles Cavendish-Bentinck
(1817–1865)
Oerbeppe:
Louisa Cavendish-Bentinck
(1832–1918)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Elizabeth II