It Hûs Windsor (Ingelsk: House of Windsor), oarspronklik it Hûs Saksen-Coburg en Gotha, is sûnt 1917 de namme fan de Britske keninklike famylje. Kening George V feroare de oarspronklike Dútsk-hearrende efternamme fan de keninklike famylje 1917 yn it Ingelsk-hearrende Windsor (nei it Kastiel fan Windsor). Dat die er om de befolking gerêst te stellen dy't, nei it útbrekken fan de Earste Wrâldkriich, woe dat alle konneksjes mei Dútslân ferbrutsen wurde soene.

Wapen fan it hûs Windsor

De Dútske namme komt oarspronklik fan it houlik tusken keninginne Victoria en Albert fan Saksen-Coburg en Gotha, soan fan hartoch Ernst I fan Saksen-Coburg en Gotha, yn febrewaris 1840.

Lykwols, de nammeferoaring gou allinnich foar de neikommelingen yn de manlike line fan Keninginne Victoria, en net yn de froulike line. Yn april 1952, twa moanne nei 't se op de troan kaam, brocht keninginne Elizabeth II dúdlikheid oer de namme fan de dynasty troch in ferklearring foar de Privy Council oer te jaan dat it "Myn wil en myn winsk is dat ik en myn bern tenei ûnderdiel útmeitsje sille fan it Hûs en de Famylje fan Windsor, en dat myn neikommelingen dy 't troud binne en harren neikommelingen de namme Windsor drage sille."

Letter, op 8 febrewaris 1960, lei Elizabeth II in twadde ferklearring ôf dat hjasels en har fjouwer bern ûnderdiel útmeitsje soene fan it Hûs en de Famylje fan Windsor, en dat har oare neiteam yn manlike line de namme Mountbatten-Windsor (Mountbatten fan har man, prins Philip) drage soene. De namme fan dy famylje wie oarspronklik Battenberg en waard yn de Earste Wrâldkriich, op fersyk fan de Ingelske kening George V, mei itselde argumint as by de famylje Windsor feroare yn it mear Ingelsk hearrende Mountbatten.

Eltse takomstige Britske monarch kin de famyljenamme wer feroarje, sûnder rekken te hâlden mei de nammeferoaringen dy't George V en Elizabeth II ynfierd hawwe. Sa soe Charles III, de keninklike famylje bygelyks Mountbatten neame kinne.

Oant no ta binne / wiene der fiif Windsor-monargen:

  1. George V
  2. Edward VIII
  3. George VI
  4. Elizabeth II
  5. Charles III - de hjoeddeiske kening fan it Feriene Keninkryk

Keppelingen om utens

bewurkje seksje