In parkearkelder is parkearterrein foar it parkearjen fan persoane-auto's, dat yn 'e kelder fan in gebou oanlein is. It is dêrmei in foarm fan in parkeargaraazje, mei it ferskil dat in parkeargaraazje ek boppe de grûn boud wêze kin en in hiele gebou beslaan kin. Om 'e auto's yn en út in parkearkelder te krijen is ferlet fan in lange skeante by de yn- en útgong. Parkearkelders komme faak foar ûnder winkelsintra, kantoargebouwen en appartemintekompleksen.

De yngong fan in parkearkelder.

Parkearkelders hawwe faak mar ien parkearlaach, mar se komme ek foar mei twa of mear ferdjippings, ôfhinklik fan hoefolle auto's oft der burgen wurde moatte en hoefolle jild oft dejinge dy't it gebou sette lit, oan 'e parkearkelder útjaan wol. In skaaimerk dat in protte parkearkelders gemien hawwe, is dat se in leech plafon hawwe, sadat lange minsken der mar amper of net rjochtop stean kinne. Soks wurdt dien om romte út te sparjen. Bestelbuskes binne dan faak al te heech om der yn te passen.

In parkearkelder yn Riga.

Troch de auto's ûnder it gebou sels te parkearjen wurdt bûten it gebou romte útsparre dy't oars beskikber wêze moast om as parkearterrein te fungearjen. Dat besparret (úteinlik) op 'e kosten. Bykommende foardielen binne dat de auto's út it sicht fan foarbygongers en omwenjenden steane, wat estetysk oannimliker is, en dat de auto's net de hiele dei bleatsteane oan delslach, wyn en sinneskyn. Fral dat lêste is noflik foar bestjoerders en meiriders, mei't op in waarme sinnige dei de temperatueren yn in auto dy't op 'e sinne stiet, ûnoangenaam heech oprinne kinne.

De earste parkearkelder waard yn 1964 boud yn Los Angeles troch projektûntwikkelder Louis Lesser. Dêrby gie it om in parkearkelder fan twa ferdjippings ûnder elts fan 'e seis flatgebouwen fan tsien ferdjippings heech foar bewenning troch studinten op 'e kampus fan 'e Kalifornyske Steatsuniversiteit, Los Angeles. It idee om in parkearkelder oan 'e flats ta te foegjen waard út need berne, om't de universiteit gjin romte hie foar parkearterreinen by de flats. Anno 2018 is de parkearkelder ûnder it Nathan Phillips Square yn Toronto, dêr't romte is 2.400 auto's, ien fan 'e grutsten (en mooglik de grutste) fan 'e wrâld.

Op ferskate plakken yn Fryslân binne ek parkearkelders boud om romte foar parkearterreinen yn stêden út te sparjen. Sa is der yn Ljouwert ien ûnder it Saailân en in oarenien ûnder it Aldehoustertsjerkhôf.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.