Ignatiy Vishnevetsky

Ignatiy Vishnevetsky (Amerikaansk-Ingelske útspr.: [ɪɡˈnɑːti ˌvɪʃnəˈvɛtski], likernôch: "ik-naa-ty visj-nuh-vet-ski"), folút: Ignatiy Igorevich Vishnevetsky (Russysk: Игнатий Игоревич Вишневецкий; sekuere transliteraasje: Ignatij Igorjevič Višnjeveckij; Russyske útspr.: [iɡˈnaːti ˈiɡɔrjeviʧ viʃnjeˈvɛʦki], likernôch: "yk-naa-ty y-gô-rjuh-vytsj vysj-njuh-vets-ki") (Moskou, 5 septimber 1986) is in Russysk-Amerikaansk sjoernalist, kollumnist en essayist. Hy waard fral bekend troch syn wurk as filmkritikus foar de online-krante The A.V. Club, de webside MUBI en it wykblêd Chicago Reader. Tegearre mei Christy Lemire wie Vishnevetsky ek presintator fan 'e tillefyzjefilmrubryk Roger Ebert Presents: At the Movies.

Ignatiy Vishnevetsky
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ignatiy Igorevich Vishnevetsky
nasjonaliteit Russysk
Amerikaansk
berne 5 septimber 1986
berteplak Moskou (Ruslân)
etnisiteit Russysk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist
aktyf as filmkritikus, kollumnist, essayist
jierren aktyf 2004 – no
offisjele webside
Ignatiy Vishnevetsky op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Vishnevetsky waard yn 1986 berne yn 'e Russyske haadstêd Moskou as de soan fan 'e Russyske dichter Igor Visjnevetski. Syn memmetaal wie Russysk, mar neffens himsels learde er al op jonge leeftyd Ingelsk troch de Amerikaanske reklamespotsjes op 'e Russyske tillefyzje. Nei de skieding fan syn âldelju emigrearre Vishnevetsky yn 1994, doe't er acht jier wie, mei syn heit nei de Feriene Steaten.

Dêr wenne Vishnevetsky de earste jierren mei syn heit, styfmem en styfbroer yn Decatur, in foarstêd fan Atlanta yn 'e steat Georgia. Yn 1998, doe't er tolve jier wie, ferfear de húshâlding nei Wauwatosa yn Wisconsin, dêr't er fuortset ûnderwiis folge oan 'e Wauwatosa East High School. Neitiid ferhuze Vishnevetsky nei Chicago, dêr't er koarte tiid filmrezjy studearre oan it Columbia Kolleezje Chicago.

Karriêre bewurkje seksje

Vishnevetsky begûn syn wurkpaad mei in ferskaat oan baantsjes, as tolk, plakoanwizer yn in bioskoop en wurknimmer fan in wasserette. Begjin 2004 rekke er fia de no net mear besteande fideoteek Odd Obsession belutsen by de filmminnende mienskip fan Chicago. Hy wie frijwilliger by in filmhûs dat North Western Avenue hiet, en rjochte letter mei oare frijwilligers dêrwei de filmwebside Cine-File.info op, dêr't er skreaune bydragen oan levere.

Yn 2006 skreau Vishnevetsky it senario foar in koarte film mei in spyldoer fan 45 minuten, dêr't er sels ek de rezjy, kamerarezjy en montaazje foar die. Koart nei't er dat projekt berêden hie, waard it meastepart fan 'e opnamen ferneatige doe't de hurde skiif fan syn kompjûter crashte. Dy ûnderfining, sa fertelde Vishnevetsky letter yn in fraachpetear, brocht him derta om tenei foltiids filmkritikus te wurden.

Vishnevetsky publisearre datoangeande in skoft in fanzine mei as titel Zero for Conduct, foar't er him by it filmblêd Tisch Film Review út New York joech en letter by de webside MUBI. Hy loek oandacht doe't er foar de online-krante The A.V. Club en it wykblêd Chicago Reader begûn te skriuwen.

Yn it neijier fan 2010 waard Vishnevetsky troch de foaroansteande filmkritikus Roger Ebert en syn frou Chaz frege om audysje te dwaan foar harren nije filmrubryk op 'e tillefyzje Ebert Presents: At the Movies. Nei ferskate kearen audysje dien te hawwen, waard Vishnevetsky útkeazen as ko-presintator fan Christy Lemire. Hy ferfong yn dy hoedanichheid Elvis Mitchell, dy't de ko-presintator west hie yn 'e earste ôflevering, mar it programma dêrnei om net bekend makke redens ferliet.

Yn 2014 gie Vishnevetsky syn earste koarte film, Ellie Lumme, yn premiêre.

Priveelibben bewurkje seksje

Vishnevetsky liet him yn 2017 naturalisearje ta Amerikaansk steatsboarger. Hy hat dêrtroch sawol de Russyske as de Amerikaanske nasjonaliteit. Hy troude op 10 jannewaris 2011 mei de byldhouster en byldzjend keunstneresse Theresa Roberts. Hja wenje yn Chicago en hawwe twa bern.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.