Christy Lemire (berne as: Christy Nemetz; Los Angeles, 30 augustus 1972) is in Amerikaansk sjoernaliste dy't bekend wurden is as filmkritika, podcaster en presintatrise. Yn it ferline wurke se foar parseburo Associated Press en die se in skoft de presintaasje fan 'e filmrubryk Ebert Presents: At the Movies.

Christy Lemire
Christy Lemire (l.) mei Matt Sayles.
Christy Lemire (l.) mei Matt Sayles.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Christy A. Nemetz Lemire
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 30 augustus 1972
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist
aktyf as filmkritika, presintatrise
jierren aktyf 1993 – no
offisjele webside
www.christylemire.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Lemire waard yn 1972 as Christy Nemetz berne yn it Cedars of Lebanon Hospital yn Los Angeles, dat anno 2023 it haadkertier oan 'e Amerikaanske westkust is fan 'e Scientologysekte. Se groeide op yn 'e Los Angelynske wyk Woodland Hills en studearre yn 1993 ôf oan 'e Súdlike Metodistyske Universiteit yn University Park (Teksas) mei in bachelorgraad yn sjoernalistyk

Karriêre bewurkje seksje

Lemire kaam yn 1999 foar it parseburo Associated Press (AP) te wurkjen en ferfear yn 2000 nei New York, dêr't se ferslach die fan 'e pleatslike entertainmentsektor. Yn 2004 waard se oansteld as de earste foltiids filmkritikus fan AP. Njonken har wurk mei it skriuwen fan artikels ferskynde se yn dy snuorje ek yn praatprogramma's op 'e Amerikaanske tillefyzje as The Today Show en Good Morning America om dêr mûnling har oardiel oer nij útkommen films te jaan.

Yn 2003 wie Lemire yn 'e mande mei Meredith Vieira presintatrise fan 'e filmrubryk The View. Dêr soarge se foar opsjen doe't se op 'e tillefyzje mei Vieira in tongtút útwiksele yn reäksje op 'e tút fan Madonna en Britney Spears by de útrikking fan 'e MTV Video Music Awards.

Fierders foel Lemire yn 'e 2000-er jierren trije kear yn foar de mei kanker oanhelle filmkritikus Roger Ebert yn 'e filmrubryk At the Movies. Dêrby wurke se gear mei Ebert syn ko-presintator Richard Roeper. Doe't Ebert yn 2010 in nij programma begûn, mei as titel Ebert Presents: At the Movies, keas er Lemire en Ignatiy Vishnevetsky út as presintators, mei't er dat wurk doe sels net mear dwaan koe. Ebert Presents: At the Movies bestie lykwols mar ien seizoen (51 ôfleverings), dat rûn fan 2010 oant en mei 2011.

Fan 2010 oant en mei 2018 presintearre Lemire yn 'e mande mei Ben Mankiewicz fan Turner Classic Movies, Alonso Duralde fan TheWrap en Matt Atchity fan Rotten Tomatoes de filmrubryk What the Flick?! op it tillefyzjenetwurk The Young Turks, útstjoerd fia YouTube. Yn augustus 2018 waard dat fierders súksesfolle programma troch The Young Turks stopset om't it netwurk him útslutend talizze woe op it ferslaan fan serieus nijs. Mei Duralde sette Lemire de rubryk doe fuort yn 'e foarm fan in podcast, mei as titel Breakfast All Day. Dy wie te beharkjen fia Lemire har persoanlike webside.

Priveelibben bewurkje seksje

Christy Lemire wenne anno 2013 yn Palos Verdes Estates yn Kalifornje. Hja is troud mei tillefyzjeprodusint Chris Lemire, en se hawwe in soan, Nicolas, dy't berne waard yn novimber 2008. Lemire hat harsels omskreaun as in katolyk dy't fan har leauwe fallen is.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.