Malcolm X (berne as: Malcolm Little en ek bekend as: Malik El-Shabazz en El-Hajj Malik El-Shabazz, fan it Arabyske الحاجؑ مالك الشبازؑ, al-Ḥaǧǧ Malīk al-Šabāzz; Omaha (Nebraska), 19 maaie 1925New York (New York), 21 febrewaris 1965), wie in Amerikaansk minskerjochte-aktivist, islamitysk predikant en publisist fan Afro-Amerikaansk komôf. Hy rekke as bern beide âlden kwyt en groeide fierhinne op yn in rige pleechgesinnen. As tsiener rekke er op it ferkearde paad, en mei 20 jier bedarre er yn it tichthûs, dêr't er yn oanrekking kaam mei de Nation of Islam. Dêr joech er him by, en nei syn frijlitting klom er al rillegau op ta ien fan 'e liedingjaande posysjes yn dy organisaasje.

Malcolm X
Malcolm X yn 1964.
Malcolm X yn 1964.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Malcolm Little
oare namme Malik El-Shabazz
El-Hajj Malik El-Shabazz
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 19 maaie 1925
berteplak Omaha (Nebraska)
stoarn 21 febrewaris 1965
stjerplak New York (New York)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
wurkpaad
berop/amt islamitysk predikant
aktyf as minskerjochte-aktivist
jierren aktyf 19481965
reden
  bekendheid
syn militante striid foar Afro-
   Amerikaanske boargerrjochten
bekendste
  wurk(en)
The Autobiography of Malcolm X

In jier as tolve lang preke Malcolm X it gedachteguod fan 'e Nation of Islam, dat in ôfwikende foarm fan 'e islaam en in swart rasisme omfieme. As sadanich kaam er kear op kear yn botsing mei net inkeld de hearskjende noarmen en wearden yn it doetiidske Amearika, mar ek mei mear moderate boargerrjochte-aktivisten. Likernôch in jier nei't er yn 1964 desyllúzjonearre de Nation of Islam de rêch takearde, waard er fermoarde troch trije leden fan de organisaasje. Hoewol't Malcolm X noch altyd in kontroversjeel figuer is, wurdt er rûnom beskôge as de wichtichste lieder fan 'e swarten yn de Feriene Steaten yn 'e twadde helte fan de tweintichste iuw nei Martin Luther King, en as ien fan de ynfloedrykste lieders dy't de Afro-Amerikaanske mienskip ea fuortbrocht hat.

Malcolm X waard yn 1925 ûnder de namme Malcolm Little berne yn Omaha, yn 'e steat Nebraska, as de fjirde fan sân bern yn it gesin fan Earl Little, dy't ôfkomstich wie út 'e steat Georgia, en dy syn frou Louise Norton, dy't fan it Karibyske eilân Grenada kaam. Earl Little wie in baptistysk lekepreker en de pleatlike foarsitter fan 'e UNIA, dy't him ynspirearje liet troch de panafrikanistyske aktivist Marcus Garvey en gjin blêd foar de mûle naam. De Omahaster ôfdieling fan de rasistyske Ku Klux Klan beskôge Little syn aktiviteiten yn 'e UNIA as "it meitsjen fan problemen", en nei ferskate bedrigings wie it gesin yn 1926 twongen om 'e stêd te ferlitten.

 
Side út 'e Amerikaanske folkstelling fan 1930, mei op regel 59 en de folgjenden it gesin fan Earl Little.

De Littles wennen in skoftke yn Milwaukee, yn 'e steat Wiskonsin, mar fêstigen har úteinlik yn Lansing, yn Michigan. Dêr krigen se te meitsjen mei de aktiviteiten fan in oare blanke rasistyske groep, it Swarte Legioen. Yn 1929 baarnde it hûs fan 'e Littles oan 'e grûn ta ôf, en Earl Little beskuldige doe it Swarte Legioen fan belutsenens. Yn 1931, doe't Malcolm X seis jier wie, kaam syn heit om by wat offisjeel in ferkearsûngelok hiet te wêzen, al beskôge syn mem it as moard troch leden fan it Swarte Legioen. Ien fan 'e beide fersekeringsmaatskippijen dêr't Earl Little in libbensfersekering by ôfsletten hie, bewearde dat er selsmoard dien hie, sadat se wegerje koene om 'e fersekering út te beteljen. Sadwaande waarden Malcolm X en syn mem en bruorren en susters nei syn heite dea yn de earmoede stoart. Se moasten in diel fan harren tún ferhiere en de jonges giene op jacht om it gesin itende te hâlden.

Yn 1937, doe't Malcolm X tolve jier wie, rekke syn mem swier fan in man dêr't hja mei omgie en fan wa't hja ferwachte dat er mei har trouwe soe. Doe't dyselde lykwols foar 't ferstân krige dat se fan him yn ferwachting wie, spile er fan ruten. Ein 1938 stoarte Louise Little emosjoneel yn, en waard se opsletten yn it psychiatrysk sikehûs fan Kalamazoo. De bern waarden útinoar helle en nei pleechgesinnen stjoerd. It soe 24 jier duorje foar't Malcolm X en syn bruorren en susters de frijlitting fan harren mem bewurkmasterje koene. Op 'e middelbere skoalle koe Malcolm X goed meikomme, mar hy hold op mei learen nei't ien fan syn blanke ûnderwizers tsjin him sein hie dat abbekaat wurden, wat syn dream wie, "gjin reälistysk doel foar in nikker" wie.

 
Malcolm X yn 1964.

Kriminele jierren

bewurkje seksje

Oant syn njoggentjinde wenne Malcolm X ferskate jierren by syn healsuster Ella Little-Collins yn, te Roxbury, in fierhinne swarte buert yn Boston. Yn dy tiid ûnderhold er himsels mei in ferskaat oan baantsjes. Neitiid ferfear er nei Flint, yn Michigan, mar tsjin 1943 bedarre er yn Harlem, yn New York. Dêr joech er him oer oan in libben fan drugsdealen, gokken, ôfparsing en dieverij. Teffens wied er poaier en neffens syn meast resinte biografyen hied er út en troch ek sels seks mei manlju yn ruil foar jild. Yn Harlem stied er bekend as Detroit Red, om't er út Michigan kaam en fanwegen it rodzige hier dat er urven hie fan syn Skotske pake oan memmekant. Hy waard oproppen foar de tsjinstplicht, mar ôfkard doe't er by de keuring sei dat er graach nei it Suden ta stjoerd wurde woe om "nikkersoldaten te organisearjen [...] en guon gewearen te stellen om blanken mei dea te sjitten."

Ein 1945 kearde Malcolm X werom nei Boston, dêr't hy en fjouwer oaren in rige ynbraken diene by rike blanke gesinnen. Begjin 1946 waard er arrestearre doe't er in stellen horloazje ophelje woe dat er reparearje litten hie, en yn febrewaris fan dat jier begûn er oan in finzenisstraf fan acht oant tsien jier foar ynbraak en heling. Yn it tichthûs krige Malcolm X kunde oan John Bembry, in eigenûnderrjochte man dy't er letter omskriuwe soe as "de earste man dy't ik ea folslein respekt ôftwingen sjoen hie... mei wurden." Under ynfloed fan Bembry begûn er alles te lêzen dat er besette koe.

 
Malcolm X by in parsekonferinsje yn 1964.

Nation of Islam

bewurkje seksje

It wie om dy tiid hinne dat ferskaten fan syn bruorren en susters yn har brieven oan Malcolm X oer de Nation of Islam begûnen te skriuwen. Dat wie doedestiden in relatyf nije religieuze beweging dy't in ôfwikende foarm fan 'e islaam preke en dêropta in swart rasisme. De Nation hold út dat swarten it oarspronklike folk fan 'e wrâld wiene, en dat blanken net mear as demoanen wiene. Dêrút folge dat swarten superieur wiene oan blanken. Ek leaude de Nation of Islam dat de ûndergong fan it blanke ras noch mar in kwestje fan tiid wie. Boppe-al woe de Nation dat de Afro-Amerikanen selsfoarsjennend wurde soene, sadat se net mear fan 'e blanken ôfhinklik wiene. It eindoel wie om alle swarten (de "Afrikaanske diaspoara") nei Afrika weromkeare te litten, dêr't se yn frijheid en isolaasje fan 'e rest fan 'e wrâld in eigen bestean opbouwe kinne soene.

Yn 't earstoan hie Malcolm X, dy't ateïst wie, gjin belangstelling foar sokke fratsen, mar úteinlik liet er him yn 1948 troch syn broer Reginald oerhelje. Hy hold op fan smoken en wegere noch langer bargefleis te iten. Doe't er syn libben oertocht, kaam er ta de konklúzje dat eltse relaasje dy't er ea mei in blanke hân hie, ferwrongen wie troch ûnearlikens, ûnrjocht, ynklauwerigens en haat. It wie foar him dan ek net dreech om oan te nimmen dat alle blanken demoanen wiene. Ein 1948 skreau er in earste brief oan Elijah Muhammad, de lieder fan 'e Nation of Islam, dy't útrûn op in jierrenlange briefkerij. Koarte tiid letter joech er him formeel by de organisaasje. Yn 1950 naam er de namme "Malcolm X", wêrby't de X stie foar syn oarspronklike Afrikaanske famyljenamme dy't him troch blanke slavehâlders foargoed ûntnomd wie.

Nei't er yn augustus 1952 frijkommen wie, besocht Malcolm X Elijah Muhammad yn Chicago. Yn juny fan it folgjende jier waard er beneamd ta helppredikant fan Timpel Nûmer Ien, yn Detroit. Letter dat jier stifte er in nije timpel foar de Nation of Islam yn Boston, en yn 1954 waard er oansteld as haad fan 'e timpel yn Harlem. Malcolm X ûntjoech him ta in bejeftige sprekker, en it lidmaatskip fan 'e Harlemske timpel groeide dan ek fluch. Yn 1955 stifte er noch trije nije timpels, yn Springfield (Massachusetts), Hartford (Konnetikut) en Atlanta.

 
Malcolm X yn petear.

Yn 1957 rekke Malcolm X bekend by it Amerikaanske publyk, doe't er lieding joech oan in demonstraasje fan leden fan de Nation of Islam foar in Newyorksk plysjeburo dêr't trije leden fan 'e organisaasje fêstholden waarden dy't yngrepen hiene doe't se seagen hoe't in swarte troch ferskate blanke plysjes yninoarslein waard. De mannen wiene raar ôfseame mei plysjekneppels, en ien fan har, in Johnson Hinton, hie dêrby slim holleletsel oprûn, mar waard medyske soarch ûntsein. Nei't op befel fan Malcolm X fiifhûndert man fan 'e Nation of Islam it plysjeburo op militaristyske wize omsingele hiene, stie de plysje ta dat Hinton nei it sikehûs ta brocht waard. Nei't er syn doel berikt hie, makke Malcolm X in hângebeart nei de kliber lju bûtendoar, en dêrop draaiden de leden fan 'e Nation of Islam har as ien man om en joegen har yn stilte ôf. It wie in fertoan fan macht dêr't de blanken raar fan skrokken. Likegoed besleat in grand jury om 'e plysjes dy't Hinton en de oaren yninoarslein hiene, net te ferfolgjen.

Malcolm X syn radikale opfettings wiene net inkeld foar blanke Amerikanen in boarne fan soarch, mar foar moderate swarten krektsa. Lieders fan 'e Amerikaanske Boargerrjochtebeweging makken him en de Nation of Islam út foar ûnferantwurdlike ekstremisten dy't de bredere Afro-Amerikaanske mienskip net fertsjintwurdigen en inkeld skea tabrochten oan 'e striid foar lykberjochtiging. Mar Malcolm X hie in like lege miening fan 'e Boargerrjochtebeweging. Hy neamde Martin Luther King in "omkoal" en de oare boargerrjochtelieders "sukkels" dy't nei de pipen fan it blanke regear dûnsen. Wylst de Boargerrjochtebeweging tsjin 'e rasseskieding focht, stie Malcolm X krekt in folsleine skieding tusken Afro-Amerikanen en blanken op alle mêden fan 'e maatskippij foar. De Boargerrjochtebeweging woe de swarten yntegrearje yn de Feriene Steaten troch har û.m. it kiesrjocht te jaan, mar de Nation of Islam ferbea syn leden om diel te nimmen oan it politike proses, en woe úteinlik alle swarten nei Afrika weromkeare litte, mei as tydlike tuskenoplossing de fêstiging fan in ûnôfhinklike swarte steat yn it Amerikaanske Suden, dy't Nij-Afrika komme moatte soe te hjitten. Malcolm X fersmiet ek de strategy fan pasifisme fan 'e Boargerrjochtebeweging, en sei dat swarten wat him oangie harsels op alle mooglike manearen ferdigenje en foarúthelpe moasten.

 
Malcolm X Boulevard, yn New York.

Syn boadskip hie in grutte ynfloed op syn taharkers, dat almeast jonge Afro-Amerikanen yn stêden yn it noarden en westen fan 'e Feriene Steaten wiene, dy't har nocht derfan hiene om almar wer te hearren dat se geduld dwaan moasten foar frijheid, gerjochtichheid, gelikensens en respekt. Hja fûnen dat Malcolm X harren rjochtlike griven in stik better ûnder wurden brocht as de tuike-tuike manear fan dwaan dy't de Boargerrjochtebeweging foar de moade hie. Op dy manear waard Malcolm X nei Elijah Muhammad de meast ynfloedrike lieder fan 'e Nation of Islam. It wie benammentlik oan him te tankjen dat de organisaasje yn de fyftiger jierren syn lidmaatskip omheech sjitten seach fan 500-1.200 lju oant wol 25.000-75.000 man (om't de Nation of Islam syn lidmaatskipssifers geheim hâldt, rinne de skattings datoangeande frijwat útinoar).

Tsjin 'e ein fan 'e jierren fyftich brûkte Malcolm X in nije namme, Malik El-Shabazz, hoewol't er by it grutte publyk bekend bleau as Malcolm X. Syn dwaan en litten krige no wiidweidich omtinken yn de Amerikaanske media, en syn útlittings waarden mei belangstelling of wearze (al neigeraden de lêzer) folge. Yn 1959 stjoerde de lokale telefyzje fan New York in dokumintêre oer him en de Nation of Islam út, ûnder de titel De Haat út Haat Fuortkommen. Yn 1960 waard er ûnder de Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes útnûge op 'e offisjele resepsjes fan ferskate Afrikaanske lannen, en mette er de presidinten Gamal Abdel Nasser fan Egypte, Ahmed Sékou Touré fan Guinee, Fidel Castro fan Kuba en de lettere presidint Kenneth Kaunda fan Sambia.

 
De iennichste moeting fan Martin Luther King (l.) en Malcolm X (rj.), op 26 maart 1964.

Brek mei de Nation of Islam

bewurkje seksje

Meitiid ûntstie der in skeel tusken Malcolm X en Elijah Muhammad, de lieder fan 'e Nation of Islam. Dat wie fral te witen oan 'e grutte bekendheid dy't Malcolm X krige, wêrmei't er Muhammad yn syn skaad stelde. In protte leden fan 'e organisaasje begûnen te tinken dat Malcolm X miskien wol in bettere lieder wêze soe, en Muhammad fielde him bedrige. Dêr kaam noch by dat Malcolm X him wat langer wat minder oan 'e oarders fan Muhammad gelegen lizze liet. Sa liet er him yn 1963, nei de moard op presidint John F. Kennedy, yn 'e media lytsachtsjend oer de presidint út, wylst Muhammad de hiele organisaasje in sprekferbod oer Kennedy oplein hie.

Boppedat kaam yn dyselde snuorje oan it ljocht dat Muhammad mei jonge siktaresses fan 'e organisaasje omsloech, wat folslein yngie tsjin 'e lear fan 'e Nation of Islam. Malcolm X woe de geroften dêroer earst net leauwe, mar dat feroare nei't er praat hie mei Muhammad syn soan Wallace en ferskate froulju dy't de lieder derfan beskuldigen mei harren in bûtenechtlike relaasje ûnderholden te hawwen. Muhammad befêstige de geroften yn 1963 en besocht dêrby syn dieden te behimmeljen troch nei de mearwiverij fan bibelske profeten te ferwizen.

Op 8 maart 1964 kundige Malcolm X publyklik oan dat er út de Nation of Islam stapte. Hy sei dat dat net betsjutte dat er syn islamityske leauwe opjoech, mar hy fûn dat de Nation him "safier brocht hie as dy him bringe koe". Hy joech ek oan dat er útseach nei gearwurking mei lieders fan de Boargerrjochtebeweging, eat dat Elijah Muhammad him oant doe ta ferbean hawwe soe. Malcolm X rjochte doe de Muslim Mosque, Inc. op, in religieuze organisaasje, en de Organisaasje fan de Afro-Amerikaanske Ienheid, in sekuliere groep dy't it panafrikanisme útdroech (it idee dat alle Afrikanen/swarten yn ien lân feriene wurde moatte).

 
Louis Farrakhan, de hjoeddeiske lieder fan 'e Nation of Islam, en de man dy't wierskynlik efter de moard op Malcolm X siet.

Priveelibben

bewurkje seksje

Yn 1955 wie Malcolm X yn 'e kunde kommen mei de jonge swarte frou Betty Sanders. Om't it omgean fan in inkele man mei in inkele frou tsjin 'e regels fan 'e Nation of Islam wie, makke er har it hôf by lêzings en oare groepsbarrens, yn it bywêzen fan tsientallen of soms hûnderten oaren. Yn jannewaris 1958 frege er har oer de tillefoan om mei him te trouwen, en krige daliks tawurd. De brulloft fûn twa dagen letter plak. Hja krigen seis dochters: Attallah (1958, ferneamd nei Attila de Hun); Qubilah (1960; ferneamd nei Kûbilai Khan); Ilyasah (1962, ferneamd nei Elijah Muhammad); Gamilah Lumumba (1964, ferneamd nei Patrice Lumumba); en de twilling Malikah en Malaak (1965, berne nei harren heite dea en ferneamd nei him).

Lêste jier en dea

bewurkje seksje

Yn syn lêste libbensjier ûntjoech Malcolm X him ta in folle evenrediger man as dat er earder west hie. Hy bekearde him ta de sûnnityske islaam, gie op pylgertocht nei Mekka, yn Saûdy-Araabje, en krige sadwaande it rjocht om de islamityske earetitel El-Hajj ("de pylger") foar syn namme te setten. Neitiid seid er dat it sjen, yn Mekka, fan moslims fan "alle kleuren, fan blau-eagige blûne lju oant swarthûdige Afrikanen", dy't allegear mei-inoar omgiene as inoars gelikensen, him dúdlik makke hie hoe't rasisme oerkomd wurde koe. Malcolm X besocht ek Afrika, dêr't er op 'e nij mei ferskate steatshaden prate, en Frankryk en it Feriene Keninkryk.

 
It poadium yn 'e Audubon Ballroom nei de moard. Yn it dekôr binne de kûgelgatten troch de plysje mei kryt omsirkele.

Werom yn 'e Feriene Steaten reizge er it hiele lân troch om by lêzings syn nije ideeën út 'e doeken te dwaan. Op 26 maart 1964 hied er, foar de earste en de lêste kear, in flechtige moeting mei Martin Luther King, doe't de beide manlju yn Washington, D.C. oanwêzich wiene by it debat yn 'e Amerikaanske Senaat oer de Boargerrjochtewet fan 1964. Yn april joech er syn meast ferneamde taspraak, bekend as The Ballot or the Bullet ("It Stimbiljet of de Kûgel"), wêryn't er Afro-Amerikanen oanrette om te stimmen, mar warskôge dat as de blanken oanholden om swarte kiezers te behinderjen om har te registrearjen, it nedich wêze kinne soe om 'e wapens tsjin 'e blanke oerhearsking op te nimmen.

Yn febrewaris 1964 liet de Nation of Islam de auto fan Malcolm X opblaze. Dat hiele fierdere jier boaze de deilisskip tusken him en de organisaasje almar fierder oan. De deadsbedrigings streamden binne en sawol Elijah Muhammad as de lieder fan 'e Nation yn Boston, Louis X (tsjintwurdich bekend as Louis Farrakhan) lieten ferskate kearen witte dat se Malcolm X graach dea sjen soene. Yn febrewaris 1965 waard it hûs fan Malcolm X platbaarnd. En op 21 febrewaris, doe't Malcolm X risselwearre om yn 'e Audubon Ballroom in 400 man tellende gearkomste fan 'e Organisaasje fan de Afro-Amerikaanske Ienheid ta te sprekken, ûntstie der in opskuor ûnder de mannichte. Wylst Malcolm X en syn liifwachten nei de râne fan it poadium rûnen om regaad te meitsjen, sprong in man nei foarren ta en skeat him mei in jachtgewear mei in ôfseage loop fan deunby yn it boarst. Dêrop bestoarmen twa oaren it poadium wylst se Malcolm X mei semy-automatyske wapens ûnder fjoer namen. Hy waard om healwei fjouweren de middeis dea ferklearre, koart nei't er yn it Presbyteriaanske Kolumbia Sikehûs oankommen wie. Neffens de lykskôging wied er troch alve kûgels en tsien hagelkerlen (út it jachtgewear) yn it boarst, it lofterskouder en de earms en skonken rekke.

 
The Autobiography of Malcolm X yn 'e biblioteek fan it Wite Hûs.

Ien fan 'e dieders, Nation of Islam-lid Talmadge Hayer (ek wol bekend as Thomas Hagan), waard troch de lulke mannichte yninoar slein foar't de plysje arrivearre. Tsjûgen identifisearren de oare dieders as Nation of Islam-leden Norman 3X Butler en Thomas 15X Johnson. Alle trije waarden yn maart 1966 feroardiele ta libbenslange finzenisstraf. Hayer bekende skuld, mar wegere te sizzen wa't syn hantlangers west hiene, behalven dan dat Butler en Johnson it net wiene. Sawol Butler as Johnson holden altyd út dat se ûnskuldich wiene. Butler, no Muhammad Abdul Aziz, waard frijlitten yn 1985 en kaam yn 1998 oan it haad fan de Nation of Islam-timpel yn Harlem te stean. Johnson, no Khalil Islam, kearde him yn it tichthús fan de Nation of Islam ôf en bekearde him ta de sûnnityske islaam. Hy waard yn 1987 frijlitten en stoar yn 2009. Hayer, no Mujahid Halim, kaam yn 2010 frij.

Fan 23 oant 26 febrewaris 1965 brochten mooglik wol 30.000 minsken Malcolm X de lêste eare troch by syn deakiste lâns te gean. By de begraffenis, op 27 febrewaris, dy't holden waard yn 'e Harlemske Faith Temple fan de Tsjerke fan God yn Kristus, dêr't romte wie foar tûzen oanwêzigen, wie safolle folk dat der bûtendoar lûdsprekkers opsteld wurde moasten sadat eltsenien de tsjinst folgje koe. Malcolm X waard begroeven op it Ferncliff Cemetery yn Hartsdale, dêr't syn freonen de skeppen fan de deagravers lienden om it grêf eigenhandich fol te goaien. It boek The Autobiography of Malcolm X, dat koart nei de moard publisearre waard, wurdt yn 'e Feriene Steaten beskôge as ien fan de ynfloedrykste non-fiksjewurken fan 'e tweintichste iuw.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.