Hartford (Konettikut)

(Trochferwiisd fan Hartford (Konnetikut))

Hartford is de haadstêd fan de Amerikaanske steat Konettikut. It plak leit oan de rivier de Konettikut yn it midden fan de steat.

Hartford
Stedssilhûet Hartford, fan de Konettikut ôf sjoen
Stedssilhûet Hartford, fan de Konettikut ôf sjoen
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Konettikut
Sifers
Ynwennertal 124.512 (2006)
Oerflak 46,5 km²
Befolkingsticht. 2.776 / km²
Stêdekloft 1.212.381
Hichte 18 m
Oar
Stifting 1637
Tiidsône EST (UTC−5)
Simmertiid EDT (UTC−4)
Offisjele webside
http://www.hartford.gov

De stêd Hartford is de op twa nei grutste stêd fan Konettikut (nei Bridgeport en New Haven).

Hartford is de "fersekeringshaadstêd" fan de Feriene Steaten - in oantal grutte fersekeringsmaatskippijen hawwe der harren haadkantoar.

Neidat de Nederlânske ûntdekkingsreizger Adriaen Block it gebiet ferkend hie yn 1614, setten bûnthannelers fan de koloanje Nij-Nederlân dêr yn 1623 in hannelspost op, dy't troch de pleatslike yndianen Suckiaug neamd waard. De namme fan dy hannelspost wie "Huys de Hoop". Yn 1633 wie de post in lyts fort wurden troch útwreiding mei in blokhûs en in pallisade en in lyts garnisoen soldaten mei in stikmannich kanonnen út Nij Amsterdam.

De earste Ingelske kolonisten kamen yn 1636

Fan de befolking is 9,5 % âlder as 65 jier en bestiet foar 33,2 % út ienpersoanshúshâldings. De wurkleazens berint 4,8 % (sifers folkstelling 2000). Likernôch 40,5 % fan de befolking fan Hartford bestiet út hispanics en latino's, 38,1 % is fan Afrikaanske oarsprong en 1,6 % fan Aziatyske oarsprong. It ynwennertal sakke fan 137.289 yn 1990 nei 121.578 yn 2000.

Berne yn Hartford

bewurkje seksje

Jannewaris hat in trochsneed temperatuer fan -4,1 °C, yn july is dat 23,2 °C. Jierliks falt der trochstrings 1121,2 mm delslach (op basis fan de mjitperioade 1961-1990).