Michael Stefano, echte namme: Michael Vito Menta (Hartford (Konettikut), 29 augustus 1969), is in rêstend Amerikaansk pornografysk akteur, regisseur en filmprodusint fan etnysk Italjaansk komôf. Syn artystenamme wurdt ek (mis)stavere as Michael Stephano, en hy hat ek wol gebrûk makke fan 'e skûlnammen Michael Long, Mike Long, Luciano en Mike Stefano. Hy sette yn 1997 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn mear as tûzen films. Teffens regissearre er in oansjenlik oantal en as produsint wied er belutsen by û.m. de studio Platinum X Pictures. Yn 2015 beëinige Stefano syn belutsenens by de pornoyndustry foargoed.

Michael Stefano
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Michael Long, Mike Long,
Luciano, Mike Stefano,
Michael Stephano
echte namme Michael Vito Menta
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 29 augustus 1969
berteplak Hartford (Konettikut)
etnisiteit Italjaansk
wurkpaad
wurksum as pornoakteur, regisseur,
filmprodusint
jierren aktyf 19972010, 20112015
offisjele webside
Michael Stefano op Twitter

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Michael Stefano waard yn 1969 berne yn Hartford, yn 'e Amerikaanske steat Konettikut, sa't er sels yn jannewaris 2001 in fraachpetear mei it tydskrift AVN fertelde. (Oare boarnen, dy't wolle dat er yn Kalifornje berne is, binne dus mis.) Hy begûn yn 1996 te wurkjen as regisseur fan pornografyske films foar de filmstudio Extreme Associates, dêr't er lykwols yn july 2001 by wei gie. Neitiid wurke er as regisseur benammen foar de studio's Red Light District, West Coast Productions en Platinum X Pictures. Tusken 1996 en 2013 wie Stefano ferantwurdlik foar de rezjy fan 165 films.

Yn 1997, doe't er 28 jier wie, sette Stefano ek útein mei in karriêre as pornoakteur. Nei in skatting fan himsels spile er dêrby troch de jierren hinne yn mear as tûzen films en mear as trijetûzen sênes. De Internet Adult Film Database (IAFD) telde foar him begjin 2017 1.201 films, mar dêr sitte ek in oansjenlik tal kompilaasjefideo's by. Stefano wurke as akteur û.m. foar sokke foaroansteande labels as Red Light District, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, New Sensations, Evil Angel, Diabolic Video, Sin City, Adam & Eve, Anabolic Video, Vivid Entertainment, Digital Sin, Hustler Video, Brazzers en Elegant Angel. Dêrnjonken wied er ek wol foar minder bekende studio's yn 't spier, wêrûnder Mile High Media, Extreme Associates, Platinum X Pictures, Metro, Legend Video, Third Degree Films, Pure Play Media en West Coast Productions.

Under syn karriêre wurke Stefano gear mei aktrises as Ava Addams, Asa Akira, Alexis Amore, Andi Anderson, Eva Angelina, Davia Ardell, Lady Armani, Cherokee d'Ass, Briana Banks, Tyra Banxxx, Belladonna, Lexi Belle, Bethany Benz, Audrey Bitoni, Tori Black, Vanessa Blue, Julia Bond, Amy Brooke, Ashlynn Brooke, Jenna Brooks (Bambi Bliss), Codi Bryant (America Moore), Asia Carrera, Kayla Carrera, Lily Carter, Catalina, Cherokee, Cassandra Cruz, Renae Cruz, Courtney Cummz, Cytherea, Daisy Marie, Claire Dames, Dana DeArmond, Sophie Dee, Jewel De'Nyle, Lexi Diamond, Skin Diamond, Kelly Divine, Bobbi Eden, Alana Evans, Rita Faltoyano, Jada Fire, Kimberly Franklin, Ashlyn Gere, Havana Ginger, Savannah Gold, Sasha Grey, Nina Hartley, Marica Hase, Jenna Haze, Jenny Hendrix, Audrey Hollander, India, Kylie Ireland, Sara Jay, Dani Jensen, Jessica Jewel, Julia Ann, Kayme Kai, Kimberly Kane, Kagney Linn Karter, Katja Kassin, Anissa Kate, Katsuni, Bridgette Kerkove, London Keyes, Austin Kincaid, Remy LaCroix, Melissa Lauren, Francesca Le, Brooklyn Lee, Lucy Lee, Leanni Lei, Leyla Lei, Ashlynn Leigh, Mia Lelani, Shawna Lenée, Rebeca Linares, Alexis Love, Brianna Love, Shy Love, Loona Luxx, Eve Madison, Candy Manson, Jade en Nyomi Marcela, Madelyn Marie, Mary Jane, Janet Mason, Tanner Mayes, Jynx Maze, Marie McCray, Gianna Michaels, Trina Michaels, Mariah Milano, Carmel Moore, Cayden en Christa Moore, Mason Moore, Tiffany Mynx, Kristi Myst, Alexandra Nice, Mya Nichole, Nika Noire, Brittany O'Connell, Joyce Oliveira, Olivia O'Lovely, Madison Parker, Mini Pipes, Teagan Presley, Priva, Taylor Rain, Harley Raine, Riley Reid, Amy Ried, Kristina Rose, Sativa Rose, Daphne Rosen, Karma Rosenberg, Natalia Rossi, Faye Runaway, Jasmin St. Claire, Katie St. Ives, Andy San Dimas, Mônica Santhiago, Hillary Scott, Alexandra Silk, Selena Silver, Aurora Snow, Lela Star, Bobbi Starr, Rachel Starr, Jada Stevens, Lara Stevens, Misty Stone, Delilah Strong, Kapri Styles, Mika Tan, Tanya Tate, Alexis Texas, Lucy Thai, Bianca Trump, Flower Tucci, Angelina Valentine, Dana Vespoli, Vicky Vette, Candace Von, Amile Waters, Kelly Wells, Simone West en Ricki White.

Michael Stefano wûn fjouwer AVN Awards (de Oscars fan 'e pornowrâld): twa yn 2004, yn 'e kategoryen bêste anale sekssêne (fideo) en manlike artyst fan it jier; ien yn 2006, yn 'e kategory bêste triosekssêne (f/m/m); en ien yn 2011, yn 'e kategory bêste groepsekssêne. Ek waard Stefano yn 2010 ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame, en hat er nochris 23 kear foar in AVN Award nominearre west. Fierders hat er ek twa XRCO Awards en in Adam Film World Guide Award wûn.

Op in stuit wie Stefano troch in blessuere twongen om in skoft rêst te nimmen as akteur. Yn dy rekke er nauwer by de produksjekant fan 'e pornoyndustry belutsen. Yn july 2001 frege er de ferneamde pornostjer Jewel De'Nyle om mei him te trouwen. Hja joech him tawurd en it houlik fûn op 9 maart 2002 plak. Yn 2003 rjochte Stefano tegearre mei syn frou de filmstudio Platinum X Pictures op, in ûndernimming dy't finansjeel ûnderstipe waard troch it fêstige label Red Light District. Koarte tiid letter giene Stefano en De'Nyle lykwols útinoar, wêrnei't Stefano Candy Shop oprjochte, in filmstudio dy't him spesjalisearre yn 'e produksje fan ynterrasiale pornografy. Letter rjochte er ek noch de studio Michael Stefano Productions op. Yn 2010 kundige er oan dat er ophold as akteur, regisseur en produsint, mar yn 2011 makke er in comeback. Yn 2013 hold er fannijs op as regisseur, en yn 2015 loek er him úteinlik hielendal (en diskear foargoed) út 'e pornoyndustry werom.

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
jier priis resultaat kategory foar syn optreden yn
1999 XRCO Award wûn bêste groepsekssêne (mei Iroc, Tiffany Mynx, Stryc-9 en Van Damage) Asswoman in Wonderland
wûn meast ûnderwurdearre 'swurdfjochter' n.f.t.
2000 AVN Award nominearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
2001 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (fideo) (mei Jessica Darlin, Chris Handsome en Backley Jakic) Last Breath
2004 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Naudia Nice) Fresh New Faces
nominearre bêste groepsekssêne (fideo) (mei Ashley Blue, Erik Everhard en Steve Holmes) Full Anal Access
wûn bêste anale sekssêne (fideo) (mei Giselle en Celine Tran) Multiple P.O.V.
wûn manlike artyst fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
2005 Adam Film World Guide Award wûn manlike artyst fan it jier n.f.t.
AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Katja Kassin) Fresh Meat 18
nominearre bêste triosekssêne (f/m/m) (mei Monique en Steve Holmes) The Pussy Is Not Enough 2
nominearre bêste groepsekssêne (fideo) (mei Leyla Lei, Britney Madison, Monique, Jackie Moore, Sabrina Snow, Manuel Ferrara,
Sledge Hammer, Steve Holmes, Darren James, Sean Michaels, Brian Pumper en Vic Sinister)
Epic Global Orgies
nominearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
2006 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Sandra Romain) Mind Fuck
nominearre bêste groepsekssêne (fideo) (mei Melissa Lauren, Keri Sable, Sophia, Erik Everhard, Manuel Ferrara en John Strong) Anal Expedition 6
nominearre bêste groepsekssêne (fideo) (mei Jada Fire, Marie Luv, Manuel Ferrara en Steve Holmes) Cum Guzzlers 3
nominearre bêste groepsekssêne (fideo) (mei Katja Kassin, Erik Everhard en John Strong) Tear Me a New One
nominearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
wûn bêste triosekssêne (f/m/m) (mei Tyla Wynn en John Strong) Tease Me Then Please Me 2
2007 AVN Award nominearre bêste gearwurking yn in sekssêne (mei Amy Ried) New Whores on the Block
nominearre bêste anale sekssêne (mei Genesis Skye en John Strong) Anal Violation
nominearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
2009 AVN Award nominearre bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Jenny Hendrix en Delilah Strong) The Jenny Hendrix Anal Esperience
Xbiz Award nominearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
2010 AVN Award nominearre bêste anale sekssêne (mei Gianna Michaels) Big Wet Asses 15
nominearre bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Rebeca Linares en Kristina Rose) Kristina Rose: Dirty Girl
nominearre bêste groepsekssêne (mei Andi Anderson, Adrianne Nicole, Madison Parker, Bobbi Starr en Toni Ribas) Evil Anal 10
ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.
2011 AVN Award wûn bêste groepsekssêne (mei Gracie Glam, Kristina Rose en Alexis Texas) Buttwoman vs. Slutwoman
2013 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Alexis Texas) D3viance
nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Lexi Belle) Performers of the Year 2012
nominearre bêste anale sekssêne (mei Kristina Rose) Kristina Rose: Unfiltered
XRCO Award nominearre bêste comeback n.f.t.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.