Cody Bryant

(Trochferwiisd fan Codi Bryant)

Cody Bryant, echte namme ûnbekend (Oklahoma City (Oklahoma), 28 febrewaris 1984), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan Afro-Amerikaansk komôf, wa har artystenamme faak misstavere wurdt as Codi Bryant. Se brûkt ek wol de skûlnamme America Moore. Neffens har offisjele opjefte is se 1.73 m lang en 60 kg. Hja is bekend om har boarsten, mei kupmaat 36DD (dy't se krigen hat troch boarstfergrutting), en fral ek om har grouwe stuten (dy't natuerlik binne).

Cody Bryant
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Codi Bryant, America Moore
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 28 febrewaris 1984
berteplak Oklahoma City (Oklahoma)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20092014
offisjele webside
www.clubamericamoore.com

Karriêre bewurkje seksje

Se is berne is yn Oklahoma City, yn 'e steat Oklahoma. Se makke har debút yn in pornografyske film yn 2009, doe't se 25 jier wie. Sûnt hat se yn goed tritich films spile, gauris fan it subsjenre fan 'e ynterrasiale pornografy, foar labels as Elegant Angel en Jules Jordan Video. Dêrnjonken hat se fral ek foar ynternetsites wurke, lykas BangBros en RealityKings.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: