Loona Luxx, echte namme: Angelique Rey (Biarritz, 31 desimber 1979), is in rêstend Frânsk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Italjaansk-Egyptysk Arabysk komôf, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Loona Lux, Luna Luxx en Droona Lauren.

Loona Luxx
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Loona Lux, Luna Luxx,
Droona Lauren
echte namme Angelique Rey
nasjonaliteit Frânsk
berne 31 desimber 1979
berteplak Biarritz (Frankryk)
etnisiteit Italjaansk
Egyptysk-Arabysk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 20072016
offisjele webside
www.loona-luxx.com (deade link)

Libben bewurkje seksje

Luxx waard berne op Aldjiersdei 1979 yn it Súdfrânske baaiplak Biarritz, oan 'e kust fan 'e Golf fan Biskaje. Hja waard yn 2008 ûntdutsen troch de Italjaanske pornoregisseur Francesco Fanelli en makke noch datselde jiers, op har 27ste, har debút yn dy syn pornografyske film Revenge. Luxx ferfear al rillegau nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. Dêr wurke hja foar sokke foaroansteande pornolabels as Diabolic, Digital Sin, Evil Angel en New Sensations.

Yn totaal spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn rom fjirtich pornofilms, mar yn nammenstemear fideo's foar pornowebsiden. Dêrby wurke se gear mei stjerren as Rocco Siffredi en Lexington Steele. Luxx hat mei har wurk al seis nominaasjes foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld) yn 'e wacht sleept, en ek hat se in kear nominearre west foar in Hot d'Or, de wichtichste Jeropeeske pornografypriis. Njonken har aktearkarriêre is Loona Luxx ek wurksum as model foar neakenblêden en as stripper.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2009 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne Top Wet Girls
nominearre bêste point of view-sêne Pole Position POV 8
nominearre bêste opfiering fan in striptiis Raw
nominearre bêste triosekssêne Superwhores 11
nominearre bûtenlânsk artyste fan it jier n.f.t.
Hot d'Or nominearre bêste Frânske artyste n.f.t.
2010 AVN Award nominearre bêste anale sekssêne Anal Buffet

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: