Francesca Le, echte namme: Erika Sherwood (Los Angeles, 28 desimber 1970), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise en pornoregisseur fan Meksikaansk etnysk komôf, wa har namme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Francesca Lé, Francesca Lee, Francesca Leigh en Francesca Lei, en dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Erica Estrada en Francesca. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m, mei in gewicht fan 52 kg en kupmaat 34C.

Francesca Le
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Francesca Lé, Francesca Lee,
Francesca Leigh, Francesca Lei,
Erica Estrada, Francesca
echte namme Erika Sherwood
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 28 desimber 1970
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Meksikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, regisseur
jierren aktyf 19921994 & 2000 – no
offisjele webside
www.francescalive.com
Francesca Le op 'e útrikking fan 'e XRCO Awards yn 2007, mei har XRCO Hall of Fame-trofee.

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Francesca Le, dy't in nicht fan pornoaktrise Krystal Summers is, waard ein 1970 berne yn it Kalifornyske Los Angeles. Se begûn yn 1990 as neakenmodel te posearjen foar ûnderskate Amerikaanske neakenblêden, en wurke letter ek as stripper yn guon stripklubs. Yn 1992, doe't se 21 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Yn 1994 hold Le op mei aktearjen, en sette se ynstee útein mei it regisearjen fan pornofilms. Nei 1997 wurke se ek op 'e ferkeapôfdieling fan 'e pornostudio Extreme Associates, dêr't se yn 'e kunde kaam mei har lettere man, pornoakteur Mark Wood.

Yn 2000 makke Le har comeback as pornoaktrise. Yn 2002 troude se mei Wood, en datselde jiers rjochten se tegearre it pornolabel LeWood Productions op, dat syn distribúsje oarspronklik dwaan liet troch Exquisite Multimedia en Juicy Entertainment, mar sûnt 2012 in op dat mêd in oerienkomst hat mei pornogigant Evil Angel. Mids 2014 wie Le noch altyd aktyf as sawol pornoaktrise as pornoregisseur.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat hja ûnderwilens yn mear as 520 pornofilms spile, wylst se der mear as 130 regisearre hat. Dêrby hat se û.m. wurke foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Elegant Angel, Third Degree Films, Zero Tolerance, VCA Pictures, Diabolic Video, Devil's Film, Sin City, Jules Jordan Video, Pure Play Media, Digital Playground, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Red Light District en Anabolic Video. Teffens hat se in protte wurke foar pornosites as Brazzers, Kink.com en Muffia. Le hat troch de jierren hinne 2 AVN Awards (de Oskars fan 'e pornoyndustry) wûn, wylst se foar nochris 8 oaren nominearre west hat. Se is ynhuldige yn sawol de AVN Hall of Fame as de XRCO Hall of Fame. Ek wûn se yn 2014 noch in XRCO Award foar milf fan it jier.

Yn 2011 hie Francesca Le in lyts iroanysk kameoroltsje yn 'e fideoklip fan it nûmer P.A.P. (People against Porn) fan 'e Noarske technomuzikanten Da Tweekaz. Dat waard produsearre troch muzykprodusint Dirty Workz.

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
1994 AVN Award wûn bêste groepsekssêne (film) (mei Crystal Wilder, Tiffany Million, Lacy Rose, Jon Dough en Rocco Siffredi) New Wave Hookers 3
2005 AVN Award wûn bêste orale sekssêne (fideo) (mei Ava Devine, Guy DiSilva, Rod Fontana, Steven French, Scott Lyons,
Mario Rossi en Arnold Schwarzenpecker)
Cum Swallowing Whores 2
ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.
2007 XRCO Award ynhuldige XRCO Hall of Fame n.f.t.
2008 AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Stephanie Swift) Girlvana 3
2009 CAVR Award wûn milf fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre milf fan it jier n.f.t.
2010 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (mei Tori Black, Ben English en Anthony Rosano) TMSleaze
nominearre milf/cougar-artyste fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre milf fan it jier n.f.t.
2011 AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (mei Kelly Divine, Jasmyn Jolie en Phoenix Marie) F for Francesca
nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Chris Charming en Prince Yahshua) F for Francesca
nominearre milf/cougar-artyste fan it jieer n.f.t.
Urban X Award ynhuldige Urban X Hall of Fame n.f.t.
2012 AVN Award nominearre milf/cougar-artyste fan it jier n.f.t.
2013 AVN Award nominearre milf/cougar-artyste fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre milf fan it jier n.f.t.
2014 XRCO Award wûn milf fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.