Dûbele penetraasje
In dûbele penetraasje, gauris ôfkoarte ta d.p. (of yn it Ingelsk: DP), en ek wol in sandwich neamd, is in foarm fan seksuële mienskip troch penetraasje wêrfoar't trije dielnimmers nedich binne, en wêrby't ien fan 'e sekspartners (yn 'e regel in frou) tusken de beide oaren (yn 'e regel manlju) yn leit en har tagelyk yn har fagina en anus penetrearje lit. Benammen yn 'e pornografy komt dizze seksuële praktyk frij geregeld foar.
Hoewol't de hjirboppe omskreaune foarm fierwei de meast foarkommende is, binne der yn totaal 12 ûnderskate farianten fan dûbele penetraasje mooglik, mei dêrûnder ek homoseksuële, lesbyske en biseksuële:
- heteroseksueel:
- in frou lit har troch twa manlju tagelyk penetrearje yn 'e fagina en de anus;
- in frou lit har troch twa manlju tagelyk penetrearje yn 'e fagina (dûbele faginale penetraasje);
- in frou lit har troch twa manlju tagelyk penetrearje yn 'e anus (dûbele anale penetraasje);
- in man lit him troch twa froulju mei foarbyndildo's tagelyk penetrearje yn 'e anus;
- biseksueel:
- in frou lit har troch in man en troch in frou mei in foarbyndildo tagelyk penetrearje yn 'e fagina en de anus;
- in frou lit har troch in man en troch in frou mei in foarbyndildo tagelyk penetrearje yn 'e fagina;
- in frou lit har troch in man en troch in frou mei in foarbyndildo tagelyk penetrearje yn 'e anus;
- in man lit him troch in man en troch in frou mei in foarbyndildo tagelyk penetrearje yn 'e anus;
- homoseksueel:
- in man lit him troch twa manlju tagelyk penetrearje yn 'e anus;
- lesbysk:
- in frou lit har troch twa froulju mei foarbyndildo's tagelyk penetrearje yn 'e fagina en de anus;
- in frou lit har troch twa froulju mei foarbyndildo's tagelyk penetrearje yn 'e fagina;
- in frou lit har troch twa froulju mei foarbyndildo's tagelyk penetrearje yn 'e anus.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |