In dildo of keunstpenis is in langrûnen plastyk of lateks objekt mei in glêde ôfwurking, meastentiids yn 'e foarm fan in minsklike pyst. Dit kin brûkt wurde as seksboartersguod om ta seksuele tefredenens te kommen troch it yn 'e fagina of anus te stekken en op en del te beweegjen. It is ek in objekt foar seksueel fetisjisme. Yn tsjinstelling ta de fibrator hat in dildo gjin trilmotor.

In 18 sentimeter silykoanen dildo

Dildo's binne fan alle tiden. Men kin noch net krekt sizze oant hoefier ferlyn yn 'e skiednis de dildo foar 't earst brûkt waard. Mar der binne bewizen dat de dildo mei wissichheid 2006 ferlyn brûkt is. Benammen op antyk Gryksk keramyk binne der guon seksuele hannelingen mei dildo's ôfbylde en lyksa by it opgraven muorreskilderings yn Pompeï bygelyks.

It wurdsje "dildo" soe ferwize kinne nei ark dy't op boaten brûkt waard. As der in gat yn 'e boat siet koene hja der in dildo ynstekke, op dizze wize is Dildo, Newfoundland in plakje yn Kanada mei de namme fan it histoaryske skippersark. Oare suggesjes foar de etymology fan it wurd is it Italjaanske wurd "diletto" (Frysk: optein).

Olisbos is in klassyk begrip foar in dildo, fan it Grykske ολισβος; in godemiche is in dildo mei de foarm fan in pyst mei skroatum. Yn guon moderne talen, kin de namme "dildo" ferskate betsjuttings hawwe, lykas yn it Russysk (Фаллоимитатор, letterlik "ferrifele ymitaasje"), Spaansk (Consolador, letterlik "fertreasting") of yn it Welsk (cala goeg, letterlik "ferrifele pyst").

 
In lateks dildo mei dûbele kop(46 sentimer)

In dildo dy't yn 'e anus stutsen wurd en deryn bliuwt foar in beskate tiid wurd in buttplug neamd. Dildos dy't brûkt wurde foar herheljende anale penetraasje, wurde ornaris as ienfâldige "dildos" beskôge en moat in flakke basis hawwe om hjir feilich mei boartsjen te kinne. Der binne ek "dûbele penetraasje-dildo's", mei ferskate foarmen steande yn deselde rjochting foar it tagelyk anaal en faginaal stimulearjen, of foar twa persoanen dy't ien dildo meiïnoar diele. Yn dit gefal, wurd de troch beide persoanen tagelyk brûkt en op itselde stuit hawwe beide persoanen stimulaasje.

Der binne dildos makke foar froulju om in oar manlik of froulik persoan te stimulearjen, dizze wurde in foarbynpyst neamd, of in foarbynpystdildo, dy't nei binnen ta droegen wurde kin, soms mei fibrearende masinas keppele om utens.

Foarbyn dildos kinne in dûbel-ein ha, hokker brûkt wurde kin by in pearke dy't anaal of faginaal eksperimintearje wol. Hja kinne ek brûkt wurde foar seksuele penetraasje by de man.

Oare dildos omfiemje ûntwerpen dy't oan de holle fan ien partij past wurde kine, opblaasbere dildos, en dildos mei sûg koppen keppele oan de basis. Mei helpmiddels foar dildos kinne je in dildo om je middel hâlde, op 'e holle sette, of op fêste ûndergrûn pleatsen.

It is noch mar koartlyn dat de dildo sosjaal akseptearre waard, en wurd as seksboartersguod hieltyd populêrder. Der is op it stuit in riik ferskaat en dildos wurde no ek mei djoere materialen makke.