Marica Hase
Marica Hase, echte namme: 長谷真理香, Hase Marika (yn it Japansk stiet de efternamme foaroan) (Tokio, 29 oktober 1984), is in Japansk glamourmodel, neakenmodel, fetysjmodel, pornografysk aktrise en mainstream-aktrise, dy't ek wol koartwei bekendstiet as Marika (まりか of 茉莉香). Hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Marianne en Hasemari.
Marica Hase | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Marika Hase, Marika, Marianne, Hasemari | |
echte namme | 長谷真理香, "Hase Marika" | |
nasjonaliteit | Japansk | |
berne | 29 oktober 1984 | |
berteplak | Tokio (Japan) | |
etnisiteit | Japansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, fetysjmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2009 – no | |
offisjele webside | ||
pure-marika.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeMarica Hase is hikke en tein yn 'e Japanske haadstêd Tokio, en sette yn 2007 útein mei in karriêre as gravueremodel, in spesifyk soarte fan Japansk glamourmodel. Yn 2008 publisearre se in fotoboek mei neakenfoto's fan harsels. Yn desimber 2009, doe't se 25 jier wie, makke se har debút yn 'e pornografyske film Actual Gravure Idol x AV Debut, foar de studio Soft on Demand (SOD). Nei't se dêr ferskate dvd's útbrocht hie, stapte Hase oer nei it EROTICA-label. Yn totaal spile se yn sa'n 200 Japanske pornofilms, al binne dêrby sammel-dvd's en werútbrochte ferzjes meiteld.
Ein maart 2012 kundige Hase oan dat se fan doel wie om oersee te gean. It is tige seldsum dat Japanske pornoaktrises yn it bûtenlân wurkje, sawol fanwegen de taalbarriêre as om't der suver gjin konneksjes besteane tusken pornoyndustry yn Japan en dy yn 'e rest fan 'e wrâld. Likegoed ferfear Hase letter dat jier nei Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Dêr makke se in goede start doe't se yn jannewaris 2013 as Pet of the Month yn it ferneamde neakenblêd Penthouse stie. Hoewol't se yn Japan noch altyd ûnder de namme "Marika" wurket, besleat se om foar har wurk yn Amearika de stavering te feringelskjen ta "Marica". Har namme wurdt lykwols noch gauris ferhaspele ta Marica Haze, Mirika en sels Marica Maze, en dêr hat hja op har blôch har beklach oer dien.
Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Hase ûnderwilens bûten Japan yn mear as 50 pornofilms spile, foar it meastepart foar sokke foaroansteande studio's as Evil Angel, Jules Jordan Video, Elegant Angel, West Coast Productions, Digital Sin en Adam & Eve. Ek hat se wurke foar guon Jeropeeske studio's, lykas de Italjaanske Mario Salieri Entertainment Group. Fierders hat Hase ek aktyf west foar pornosites as Brazzers, Kink.com en Mofos.
Yn har heitelân Japan is Hase fierders ek wurksum as mainstream-aktrise. Sa hie se de haadrol yn 'e horrorfilm Daredemo Yokata (All Night Long), út 2009, fan regisseur Katsuya Marsumura.
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2014 | AVN Award | nominearre | bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Henessy en Ian Scott) | Fashionable Fuckers |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (ja) Offisjele webside fan Marica Hase
- (in) Biografyske en filmografy fan Marica Hase yn 'e FreeOnes
- (in) Biografyske en filmografy fan Marica Hase yn 'e Internet Adult Film Database
- (in) Biografyske en filmografy fan Marica Hase yn 'e Adult Film Database
- (in) Biografyske en filmografy fan Marica Hase yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |