Groepseks
Groepseks is minsklike seksuële aktiviteit dêr't in groep(ke) persoanen by belutsen is. As it derop oankomt, kin fan groepseks sprutsen wurde sadree't der mear as twa persoanen seks hawwe, mar seks troch trije persoanen wurdt yn 'e regel oantsjut as in trioke, en de beneaming 'groepseks' wurdt pas brûkt as it om fjouwer of mear persoanen giet. Groepseks kin beoefene wurde troch lju fan alle seksuële oriïntaasjes en geslachten. Yn 'e pornografy hat it him ta in wier subsjenre ûntwikkele. It komt ek foar mank beskate bisten, lykas bonobo's en sjimpansees.
Skaaimerken
bewurkje seksjeGroepseks is frijwol altyd in foarm fan flechtich seksueel kontakt. Yn 'e regel fynt it plak op in besletten orgy of seksfeest of in semy-iepenbiere gearkomste fan swingers, mar it kin ek foarfalle yn bordelen, massaazjesalons of seksklubs. Yn lannen dêr't net-monogame seks taboe of yllegaal is, wurdt groepseks soms yn it ferhoalene bedreaun yn priveewenten, hotelkeamers of priveeklubs.
Faak is groepseks in wichtich elemint yn seksuële fantasijen. Ut ferskate grutte seksuologyske wittenskiplike ûndersiken hat bliken dien dat 54% oant 88% fan 'e minsken der (wolris) oer fantasearret om ta te sjen hoe't oaren seks bedriuwe (foyeurisme), en dat 40% oant 42% fan 'e minsken der (wolris) oer fantasearret om troch oaren bestrúnd te wurden ûnder it bedriuwen fan seks (ekshibysjonisme). Hoewol't by foyeurisme en ekshibysjonisme yn prinsipe mar twa persoanen aktyf hoege diel te nimmen oan it seksueel kontakt, is it te beärgumintearjen dat de trêde, tasjende (en mooglik masturbearjende partij) der dochs in foarm fan groepseks fan makket.
Foarmen
bewurkje seksjeGuon farianten fan groepseks komme sa faak foar (of binne sa sensasjoneel) dat se bekend binne ûnder in eigen namme:
- bûkkake: in út Japan kommend ferskynsel wêrby't ferskate manlike dielnimmers oan groepseks yn it gesicht ejakulearje fan ien froulike of manlik dielnimmer.
- circle jerk ("sirkelôflûking"): in groep manlju dy't inoar masturbearje, wêrby't de lêste yn 'e rige wer kontakt makket mei de earste.
- daisy chain ("blommekeatling"): in groep manlju, froulju of manlju en froulju dy't yn in sirkelfoarmige formaasje tagelyk orale seks mei-inoar hawwe.
- dûbele penetraasje: ien persoan (yn 'e regel in frou) dy't troch twa oaren tagelyk penetrearre wurdt, ornaris yn 'e fagina en de anus.
- gangbang: in groep persoanen dy't allegear (tagelyk of om bar) seks bedriuwe mei ien sintrale persoan.
- trioke: trije persoanen dy't seks mei-inoar hawwe.
Broadsje aap-ferhalen
bewurkje seksjeOer groepseks geane om it hoartsje broadsje aap-ferhalen of urban legends, dy't maatskiplik faak liede ta in morele panyk wêrby't eltsenien der syn ôfgriis oer útsprekt en der in djipdollend ûndersyk nei ynsteld wurdt. Sokke ûndersiken komt dan yn 'e regel út nei foarren dat fan it hiele ferhaal neat oan wie. Sa gie om 2000 hinne it ferhaal dat jonge tiners fan in jier as tolve yn 'e grutte stêden yn Ingelân en de Feriene Steaten saneamde 'Mars-feestjes' holden (ferneamd nei de Mars-reep), wêrby't se raande sûkelarje oer inoars geslachtsdielen geaten om it der dan wer ôf te slikjen. En yn 2003 libbe yn 'e Feriene Steaten it fenomeen fan saneamde 'reinbôgefeestjes', dêr't sels in ôflevering fan it praatprogramma fan Oprah Winfrey oan wijd waard. Op dy feestjes soene tinerfamkes ferskillende kleuren lippestift opdwaan, wêrnei't se om 'e beurt orale seks hawwe soene mei in stikmannich jonges, sadat harren penisen alle kleuren fan 'e reinbôge krigen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.
|