Ejakulaasje
Ejakulaasje (fan it Frânske éjaculation, mei deselde betsjutting) is it útsmiten fan sperma út it manlik fuortplantingssysteem, dat ornaris mank giet mei it berikken fan in orgasme. Dit is yn 'e regel it einstadium en natuerlike doel fan seksuele stimulaasje by manlju, en teffens in essinsjeel ûnderdiel fan 'e natuerlike fuortplanting.
Beskriuwing
bewurkje seksjeBy in ejakulaasje wurdt sperma út 'e testikels fia de siedlieders nei de urinebuis fan 'e penis ta laat, wêrnei't it yn ferskate weagen út 'e penis komt. Faak spuitet it dêrby op eksplosive wize nei bûten ta, mar it kin ek mear stadichoan nei bûten lekke of drippe, benammen as de man net botte seksueel opwûn wie. Op 'e ejakulaasje folget de refraktêre perioade, wêrby't manlju net fuortendaliks wer in ereksje krije kinne of ta in nije ejakulaasje stimulearre wurde kinne. De doer dêrfan ferskilt nei persoan en omstannichheden, mar beslacht by fierwei de measte manlju minimaal tsien minuten oant in kertier.
De ejakulaasje fan sperma wurdt foarôfgien troch de ôfjefte fan foarfocht, dat gjin sperma befettet, mar funksjonearret as in natuerlik glydmiddel foar faginale of anale seks. De eigentlike ejakulaasje bestiet almeast út fiif oant tsien weagen (mei in gemiddelde fan sân), folge troch nochris in stik as fiif wêrby't gjin sperma mear nei bûten komt. As men foar eltse gearlûking likernôch in sekonde rekkenet, duorret it orgasme by de measte manlju dus likernôch tolve tellen en de eigentlike ejakulaasje sân tellen.
By guon bisten, lykas hynders, skiep en kij, kin de ejakulaasje al yn in fraksje fan in sekonde foarby wêze. By oaren, lykas bargen en everswinen, kin de ejakulaasje neffens in ûndersyk út 2013 fiif oant tsien minuten en neffens ien út 2010 wol tsien oant tritich minuten duorje, benammen as de spiraalfoarmige nút fan 'e penis fan 'e bear him fêstset yn 'e limoerhals fan 'e sûch.
De hoemannichte sperma dy't by de minske by ien ejakulaasje útsmiten wurdt, kin sterk útinoar rinne, fan 0,1 oant 10 mililiter (ta ferliking: yn in teeleppeltsje kin 5 ml en yn in ytleppel 15 ml). In folwoeksen bargebear kin per ejakulaasje wol 250 oant 300 ml sperma produsearje. De hoemannichte sperma dy't troch in man per ejakulaasje produsearre wurdt, is grutter neigeraden dat der mear tiid ferstrutsen is sûnt de lêste ejakulaasje. Alderdom soarget foar it minder wurden fan 'e hoemannichte produsearre sperma.
Ofwikende foarmen fan ejakulaasje
bewurkje seksjeIn abnormaal lytse of hielendal gjin spermahoemannichte by in ejakulaasje hjit hypospermia en kin feroarsake wurde troch in blokkade fan 'e siedlieders (lykas opsetlik oanbrocht wurdt by sterilisaasje).
Behalven troch bewuste seksuele stimulaasje kin in ejakulaasje ek spontaan foarkomme yn 'e sliep; dat wurdt in wiete dream neamd. Yn seldsume gefallen kin in spontane ejakulaasje ek feroarsake wurde troch in prostaatsykte.
Anejakulaasje is it net by steat wêzen om te ejakulearjen. Dysejakulaasje is in ejakulaasje dy't pynlik of op oare wize ûnnoflik is. Manlju dy't lije oan it seldsume postorgastysk syktesyndroom (nei de Ingelske namme postorgasmic illness syndrome ôfkoarte ta POIS) krije nei in ejakulaasje slime spierpine troch it hiele lichem en oare negative symptomen, dy't soms wol in wike oanhâlde kinne. Utstelde ejakulaasje is in oandwaning wêrby't manlju, nettsjinsteande dat se wol seksuele begearte fiele ("geil" wurde), net of mar mei muoite in orgasme berikke kinne.
By in retrograde ejakulaasje kin it sperma by it orgasme om 'e iene of oare reden de urinebuis net berikke, en siket it in oare útwei. Dêrtroch fynt de ejakulaasje dan net bûten it lichem plak, mar yn 'e blaas. Soks wurdt in drûch orgasme neamd en kin op himsels gjin kwea, hoewol't it uteraard in probleem is by de fuortplanting. It sperma sil yn 'e blaas fertinje yn 'e urine en letter mei útpisse wurde.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.
|