In orgasme, ek wol klimaks, hichtepunt of yn 'e sprektaal klearkommen neamd, is de hommelse ûntlading fan opheape sekuële opwining by in minske of oar organisme nei in perioade fan seksuële stimulaasje. It wurd komt fan it Grykske ὀργασμός, orgasmos, dat "opwining" of "opswellen" betsjut.

By de minske

bewurkje seksje
 
Sinnenrausch (om 1890), troch Franciszek Żmurko

By de minske wurdt in orgasme feroarsake troch stimulaasje fan 'e penis (benammen de nút) en/of de prostaat by manlju en de fagina (benammen de klitoris en/of it G-plak) by froulju. (Hoewol't de wittenskip oant yn 'e tweintichste iuw miende dat froulju gjin orgasme belibje koene.) By manlju giet in orgasme mank mei ejakulaasje fan sperma út 'e testikels fia de urinebuis. It is lykwols ek mooglik foar manlju om in orgasme te hawwen sûnder te ejakulearjen, in saneamd drûch orgasme of omkeard orgasme (wêrby't de útstjit fan sperma nei de blaas giet ynstee fan fia de penis nei bûten ta). Ek is it mooglik om yn it gefal fan in útstelde ejakulaasje (foar in diel) te ejakulearjen sûnder dat der (al) in orgasme berikt is. By froulju kin by it berikken fan in orgasme froulike ejakulaasje fan faginaal focht plakfine.

In orgasme resultearret by de minske yn spiergearlûkings yn 'e regio fan it bekken, dy't karakterisearre wurde troch seksueel geniet en behearske wurde troch it autonoom senuwstelsel. Orgasmes wurde faak assosjearre mei oare ûnfrijwillige reäksjes, wêrûnder spiergearlûkings yn oare dielen fan it lichem, in algemien eufoarysk gefoel en ek gauris mei lichemsbewegings (benammen fan it ûnderlichem) en fokalisaasjes (kroanjen, útroppen of gjalpen).

Seksuële stimulaasje mei in orgasme ta gefolch kin resultearje út solitêre praktisaasje (masturbaasje), en út omgong mei ien of mear partners. Yn it lêste gefal giet it faak, mar hoecht it net te gean, om it hawwen fan geslachtsferkear, mei't ek oare foarmen fan seksuële stimulaasje, lykas net-penetrative seks ('drûchneuken') en oare seksuële aktiviteit in orgasme feroarsaakje kin. Teffens komt it (fral yn 'e puberteit) in soad foar dat minsken troch seksueel tinte dreamen yn harren sliep in orgasme krije; yn sa'n gefal sprekt men fan in wiete dream.

De perioade folgjend op in orgasme, as der yn prinsipe gjin oanstriid mear bestiet ta it dielnimmen oan seksuële aktiviteit, hjit de refraktêre perioade. By minsken is dat faak in rêstperioade dêr't men jin folslein yn ûntspanne kin om't by it orgasme de neurohormoanen oksytosine en prolaktine en ferskate endorfinen frijkommen binne. By manlju kin de refraktêre perioade, ôfhinklik fan lichaamlike kondysje en âldens, útinoar rinne fan in minút oant mear as in healoere. As de penis yn dy tiid op 'e nij stimulearre wurdt, kin dat ûnoangenaam oant sels pynlik wêze. By froulju, dy't mearfâldige orgasmes ûnderfine kinne, is de refraktêre perioade folle minder fan belang oant sels ûnbesteand. Oan 'e oare kant slagget it 1 op 'e 10 froulju, krekt as in folle lytser persintaazje fan 'e manlju, nea om in orgasme te berikken, in krupsje dy't anorgasmy hjit.

Orgasmes komme ek by bisten foar en binne by de measte manlike sûchdieren ferlykber mei dy by manlju. Wyfkes fan in protte sûchdieresoarten en guon oare soarten, lykas alligators, hawwe in klitoris, en soene dus in orgasme berikke kinne moatte. Der is op dit mêd noch net in soad wittenskiplik ûndersyk dien, útsein oangende seksualiteit by dolfinen, dat bisten binne dy't nei't it skynt krekt as minsken geslachtsferkear bedriuwe om redens dy't neat mei fuortplanting te krijen hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.