Eve Madison, echte namme: April Lessington (New York, 9 juny 1982), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf, dy't fral bekend stiet om har grouwe stuten. Yn it begjin fan har karriêre hat hja inkeld ek wol wurke ûnder de namme Ariel Lessington.

Eve Madison
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Ariel Lessington
echte namme April Lessington
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 9 juny 1982
berteplak New York (New York)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20092010
offisjele webside
www.clubevemadison.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Madison waard berne yn 1982 en is hikke en tein yn 'e Bronx, in wyk fan 'e stêd New York. Hja makke har debút yn in pornografyske film yn 2009, doe't se 27 jier wie. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se yn it folgjende goed jier yn 16 ûnderskate pornofilms, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Red Light District, New Sensations, Digital Sin, Elegant Angel en Shane's World.

Teffens hat Eve Madison wol wurke foar minder bekende studio's, lykas West Coast Productions en Black Ice. Fierders hat se ek in protte yn 't spier west foar pornosites op it ynternet, wêrûnder BangBros, Brazzers, Porn.com en JizzBomb. Dêrnjonken posearre hja ek as neakenmodel foar ferskate neakenblêden.

Hoewol't se har yn 'e rin fan 2010 alwer út 'e pornoyndustry weromloek, wûn Madison al gau oan populariteit, benammen fanwegen har grouwe stuten. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m, mei kupmaat 34B, in mulmaat fan 24 inches (60,9 sm) en in heupmaat fan 36 inches (91,4 sm). Sadwaande spile se in protte yn films en ynternetsênes dy't talein wiene op it stutefetisjisme, mar ek die se wol oan ynterrasiale pornografy.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: