Shane's World (folút eins: Shane's World Studios) is in Amerikaanske pornografyske filmstudio dy't fêstige is yn Valencia, yn 'e steat Kalifornje. It waard yn 1996 oprjochte troch pornoaktrise Shane, de doetiidske freondinne fan pornoprodusint, -regisseur en -akteur Seymore Butts, dy't har namme oan it bedriuw joech. Yn 1999, doe't sy har fanwegen har trouwen (net mei Butts) út 'e pornoyndustry weromloek, ferkocht se de studio mei namme en al.

Shane's World Studios
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor pornografyske filmstudio
haadkertier Valencia (Kalifornje)
oprjochte 1996
oprjochter Shane
offisjele webside
www.shanesworld.com

Shane's World wie ien fan 'e earste pornoprodusinten dy't har taleine op realitypornografy. Yn harren films wurde pornoaktrises meinommen út harren eigen wrâldsje wei en wurdt alles filme dat der bart. De studio briek yn 2003 troch mei de film Shane's World 32: Campus Invasion, dy't opnommen waard op 'e kampus fan 'e Universiteit fan Indiana. It skandaal dat dêrtroch ûntstie, makke Shane's World yn ien klap bekend by in breder publyk.

De studio besleat dat de Amerikaanske universiteiten in gat yn 'e merk wiene, en sette útein mei de College Invasion-rige. Fan diel 3 ôf lieten de filmmakkers de pornostjerren gauris seksuële omgong hawwe mei echte studinten. Shane's World beweart dat de studio eltse moanne hûnderten brieven ûntfangt wêryn't se troch studinten frege wurde om in film op te nimmen op harren universiteit. Fan 2007 ôf produsearret Shane's World ek in College Invasion Male-searje, wêryn't universiteiten besocht wurde troch homoseksuële manlike pornoakteurs.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.