Kristi Myst
Kristi Myst, echte namme: Jeanette Dollar (Solvang (Kalifornje), 25 desimber 1973), is in Amerikaansk rêstend neakenmodel, pornografysk aktrise en pornoregisseur, wa har skûlnamme ek wol (mis)stavere wurdt as Kristy Mist, Kristy Myst of Christy Myst. Dêrnjonken hat hja ek wol wurke ûnder de nammen Pamela Sanderson, Jenny D'Mornay en Tina Harlow. Myst sette yn 1995 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en waard al rillegau tige súksesfol. Har meast ferneamde wurk wie de Buffy the Vampire Layer-rige, in searje parodyen op 'e populêre urban fantasy-tillefyzjesearje Buffy the Vampire Slayer. Yn 2001 beëinige Myst har karriêre as pornoaktrise.
Kristi Myst | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Kristy Mist, Kristy Myst, Christy Myst, Jenny D'Mornay, Tina Harlow, Pamela Sanderson | |
echte namme | Jeanette Dollar | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 25 desimber 1973 | |
berteplak | Solvang (Kalifornje) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise, regisseur | |
jierren aktyf | 1995 – 2001 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeMyst waard yn 1973 berne yn Solvang, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, en groeide op yn Simi Valley, in foarstêd fan Los Angeles. Foar't hja yn 'e Amerikaanske pornoyndustry behelle rekke, wurke hja as toskedoktersassistinte by in praktyk yn Los Angeles. Omtrint 1994 posearre se foar it neakenblêd Hustler, wêrby't se op 'e cover stie, en letter wurke se ek mei oan fotoreportaazjes yn High Society en New Rave.
Yn 1995, doe't se 22 jier wie, makke Myst har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se neitiid yn mear as 130 films, hoewol't dêr frijwat kompilaasjefideo's tusken sitte mei âld materiaal. Myst wurke in protte foar de kontroversjele lytse studio Extreme Associates, mar wie ek wol yn 't spier foar labels as Sin City, Adam & Eve, Evil Angel, Vivid Entertainment, VCA Pictures, Metro, Caballero Home Video en Leisure Time Entertainment.
Myst wist al rillegau in grutte skare fans te winnen. Har bekendste films hearden ta de Buffy the Vampire Layer-rige, in searje parodyen op 'e populêre urban fantasy-tillefyzjesearje Buffy the Vampire Slayer. Myst ferfolle yn dy films de titelrol, dy't yn 'e oarspronklike searje spile waard troch Sarah Michelle Gellar. Ien fan dy films, Buffy Down Under (1996) wie de bêstferkeapjende Australyske pornofilm aller tiden. Under har karriêre sleepte Myst trije nominaasjes foar AVN Awards (de Oscars fan 'e pornowrâld) yn 'e wacht, en yn 2001 wûn se de AVN Award yn 'e kategory bêste anale sekssêne foar har gangbang yn In the Days of Whore, in produksje fan Extreme Associates.
Njonken har aktearwurk wie Myst yn 1998 ek aktyf as regisseur. Yn 1999 sette se fierders útein mei in karriêre yn it Amerikaansk wrakseljen. Yn 2001 joech se har by de Wrestling Vixxxens-webside fan Tammy Lynn Sytch en Missy Hyatt. Myst har lêste pornofilm wie Extremely Yours, Kristi Myst, dy't yn jannewaris 2001 opnommen waard, mar pas útkaam yn 2002. Neitiid loek se har werom út 'e pornoyndustry om har ta te lizzen op har houlik en gesin. Yn in fraachpetear út 2005 omskreau Myst harsels as "foltiids-mem".
Lichemsskaaimerken
bewurkje seksjeKristi Myst is blank, mei griene eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.63 m lang, mei (alteast ûnder har karriêre) in gewicht fan 50 kg. Hja hat kupmaat 34D, wêrfoar't hja in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien hat. Myst hat gjin piercings, mar wol ferskate tatoeaazjes, wêrûnder in bân fan stikeltrie om har lofterboppe-earm, in soartgelikense bân om har rjochterankel, en in blom rjochts op har ûnderbúk.
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2000 | AVN Award | nominearre | bêste anale sekssêne (fideo) (mei Evan Stone) | L.A. 399 |
XRCO Award | nominearre | bêste anale sekssêne of sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Tom Byron) | Whack Attack 6 | |
2001 | AVN Award | nominearre | skandalichste sekssêne | Cocktails |
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
wûn | bêste anale sekssêne (fideo) (mei ferskate oaren) | In the Days of Whore | ||
FICEB Ninfa Award | wûn | bêste anale sekssêne (mei ferskate oaren) | Orgías Vikingas | |
XRCO Award | nominearre | bêste orgastysk analiste | n.f.t. | |
nominearre | bêste aktrise (inkel optreden) | In the Days of Whore | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
wûn | bêste groepsekssêne (mei ferskate oaren) | In the Days of Whore |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Biografy en filmografy fan Kristi Myst yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Kristi Myst yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Biografyske gegevens fan Kristi Myst op FreeOnes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|