Flower Tucci, echte namme: Carole Molloy (Burbank (Kalifornje), 2 jannewaris 1981), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, pornoregisseur en radiopresintatrise fan mingd Iersk-Italjaansk-Spaansk-Sweedsk komôf, dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol inkeld de namme Flower brûkt hat. Neffens har offisjele opjefte is se 1.68 m, mei in gewicht fan 57 kg en kupmaat 36B.

Flower Tucci
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Flower
echte namme Carole Molloy
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 2 jannewaris 1981
berteplak Burbank (Kalifornje)
etnisiteit Iersk
Italjaansk
Spaansk
Sweedsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, regisseur
jierren aktyf 2002 – no
offisjele webside
www.flowertucci.com

Karriêre

Flower Tucci is hikke en tein yn Burbank, in stêd yn it suden fan 'e steat Kalifornje, ûnder de reek fan Los Angeles. Oer har bertedatum bestiet wat betizing, mei't de Internet Movie Database (IMDb) en de Adult Film Database (AFDB) 2 jannewaris 1977 jouwe en de Internet Adult Film Database (IAFD) 2 jannewaris 1978. Op Tucci har MySpace-side, dy't se, nei't men oannimme mei, sels opsteld hat, stiet lykwols dat se berne is op 2 jannewaris 1981, en yn in fraachpetear mei Porn Valley News hat se yn 2006 ek oanjûn dat dat har bertedatum is.

Nei't Tucci de middelbere skoalle ôfrûne hie, wurke se as taartfersierster yn in bakkerij, doe't se reägearre op in advertinsje yn it blêd LA Weekly, wêryn't froulju mei in tsjep foarkommen wurk oanbean waard yn 'e pornoyndustry. Tucci makke yn 2002 har debút yn in pornografyske film. Har earste sêne wie mei de swarte akteur Lexington Steele yn Balls Deep 6.

 
Flower Tucci yn 2009.

Tucci naam de skûlnamme Flower oan, fanwegen de blommige tatoeaazje op har rêch, en foege letter de efternamme Tucci ta om har te ûnderskieden fan in eardere pornoaktrise fan Aziatysk komôf. It is de bedoeling dat dy efternamme útsprutsen wurdt as /'tʊʃi/ (likernôch "tus-sjy"), lykas it Amerikaansk-Ingelske wurd tushy, dat "kontsje" betsjut; dêrby is it lykwols op in Italjaanske wize stavere dy't eins útsprutsen wurde moatte soe as /'tuʧi/ ("tûtsjy").

Yn 'e pornoyndustry stiet Tucci benammentlik bekend om har fermogen ta froulike ejakulaasje (sprektaal: squirting), en dat wurdt dan ek yn in grut tal fan har films foar it fuotljocht brocht. Tucci hat yn krapoan 450 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande studio's as Adam & Eve, Evil Angel, Seymore Butts Home Movies, Elegant Angel, Digital Playground en Pure Play Media. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as Reality Kings, Brazzers en Kink.com. Dêrmei hat se twa kear in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld) wûn en dêr nochris fjirtjin kear in nominaasje foar yn 'e wacht sleept.

Njonken har aktearwurk hat Tucci yn 2007 en 2009 ek twaris in film regissearre. Fierders hat se yn it ferline twa radioprogramma's (The Porn Hunnies Smut Top 20 en Tushy Talk) presintearre op 'e no opdoekte stjoerder KSEX. Ek is hja wurdfierster en model foar de yn Los Angeles fêstige kleanprodusint Mofowear, en ferskynde hja op 'e tillefyzje feskate kearen yn 'e realitysearje Family Business, oer pornoakteur, -regisseur en -produsint Seymore Butts. Yn 2009 kaam se yn it nijs doe't se in rjochtsaak oanspande tsjin RK Netmedia, de memme-ûndernimming fan Reality Kings, om 'e rjochten op 'e domeinnamme FlowerTucci.com werom te krijen nei't har kontrakt mei RK Netmedia ôfrûn wie.

Prizen en nominaasjes

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2005 AVN Award nominearre bêste orale sekssêne (mei Johnny Thrust) Gag Factor 15
nominearre bêste groepsekssêne (fideo) (mei Aria, Cytherea, Mari Possa en Julian) Anal Surprise Party
2006 AVN Award nominearre bêste solosekssêne She Squirts 15
nominearre bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Mari Possa, Samantha Ryan en Selena Silver) War of the Girls
nominearre bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Van Damage) Cheek Freaks
nominearre bêste triosekssêne f/f/m (mei Angela Stone en Lee Stone) Flower's Squirt Shower
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
wûn bêste spesjaliteitspublikaasje (squirting) Flower's Squirt Shower
2007 AVN Award nominearre bêste anale sekssêne (fideo) (mei Justin Slayer) Big Booty White Girls 4
nominearre skandalichste sekssêne (mei Angela Stone, Cytherea, Felony, Kat, Lexi Love en Mark Davis) The Great American Squirt Off
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
wûn bêste groepsekssêne (fideo) (mei 19 oaren) Fashionistas Safado: The Challenge
XRCO Award nominearre orgastysk analiste n.f.t.
2009 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Stephanie Crane, Mickey Graham, Audrey Hollander, Desire Moore, Brooke Scott, Misty Stone en Holly Wellin) The Violation of Flower Tucci
nominearre skandalichste sekssêne (mei Jada Fire, Annette Schwarz, Britney Stevens, Angela Stone, Nadia Styles, Kylie Wylde en Ariel X.) Squirt Gangbang 2
2010 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Dana DeArmond, Jada Fire, Sindee Jennings, Lexi Love en Britney Stevens) Squirt Gangbang 4
nominearre skandalichste sekssêne (mei Dana DeArmond, Jada Fire, Sindee Jennings, Lexi Love en Britney Stevens) Squirt Gangbang 4

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.