Justin Slayer, echte namme: Eugene Bell (Los Angeles, 10 septimber 1972), is in Amerikaansk rêstend pornoakteur, -regisseur en -filmprodusint fan mingd Afro-Amerikaansk komôf. Hy sette yn 1995 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en wie op ferskate wize belutsen by de produksje fan frijwat films. Yn 2012 beëinige Slayer syn karriêre yn 'e pornoyndustry.

Justin Slayer
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Eugene Bell
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 10 septimber 1972
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as pornoakteur, regisseur,
filmprodusint
jierren aktyf 19952012
offisjele webside
Justin Slayer op Twitter

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Justin Slayer waard yn 1972 berne yn Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, yn in etnysk Afro-Amerikaanske húshâlding. Yn 1995 sette er as regisseur útein mei in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Yn 'e 2000-er jierren hie Slayer in protte súkses mei filmsearjes as Phatty Girls (fan 2003 ôf), oer negroïde froulju mei grutte stuten; Big Booty White Girls (fan 2004 ôf), oer blanke froulju mei grutte stuten; Mami Culo Grande (fan 2005 ôf), oer Latina's mei grutte stuten; en Booty I Like (fan 2006 ôf), oer froulju mei grutte stuten yn it algemien.

Yn 2007 wûn Slayer de AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategoryen 'bêste searje oer in minderheid (Latina)' en 'bêste searje oer in minderheid (swart)' mei Mami Culo Grande, resp. Phatty Girls. Yn 2009 wûn er foar Mami Culo Grande 6 de AVN Award yn 'e kategory 'bêste film mei in minderheidstema (Latina)'. Datselde jiers waard him ek de Urban X Award takend yn 'e kategory 'bêste regisseur (gonzo)'. Yn 2008 waard er fierders nominearre foar de AVN Awards foar 'bêste regisseur', foar de film Merc, en foar 'regisseur fan it jier', foar syn hiele oeuvre. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) regissearre Slayer yn syn karriêre yn totaal 106 pornofilms, dy't foar in grut part útbrocht waarden by de filmstudio Evil Angel. Nei't er yn 2008 syn eigen studio Justin Slayer International oprjochte hie, ferskynden dêr ek in protte fan syn films.

Fan 2001 ôf, doe't er 29 jier waard, wie Slayer ek aktyf as pornoakteur. Yn dy hoedanichheid wied er neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) by yn totaal 298 films belutsen. Dy waarden produsearre troch sokke foaroansteande labels as Red Light District, Hustler Video, New Sensations, Evil Angel, Devil's Film en Anabolic Video. Fierders wurke Slayer ek wol foar minder bekende studio's, lykas West Coast Productions, Metro, Mile High Media, Candy Shop, Afro-Centric Productions en syn eigen Justin Slayer International. En teffens wied er wol yn 't spier foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder Reality Kings en Brazzers. As akteur waard Slayer troch de jierren hinne nominearre foar sân ûnderskate AVN Awards.

Under syn karriêre wurke Slayer gear mei aktrises as Anikka Albrite, Cherokee d'Ass, Bridgette B, Nyomi Banxxx, Belladonna, Bethany Benz, Julia Bond, Jenna Brooks (Bambi Bliss), Angelina Castro, Lexi Cruz, Courtney Cummz, Cytherea, Sophie Dee, Nikita Denise, Ava Devine, Devon, Allura Eden, Jada Fire, Havana Ginger, Esperanza Gomez, India, Janet Jacme, Sara Jay, Audree Jaymes, Julia Ann, Katja Kassin, Eve Laurence, Avena Lee, Kaylani Lei, Laura Lion, Brianna Love, Sinnamon Love, Marie Luv, Nyomi Marcela, Janet Mason, Sabrine Maui, Kiara Mia, Gianna Michaels, Trina Michaels, Mariah Milano, Joyce Oliveira, Olivia O'Lovely, Caroline Pierce, Olivia del Rio, Karma Rosenberg, Mônica Santhiago, Aurora Snow, Jada Stevens, Delilah Strong, Shyla Stylez, Mika Tan, Lucy Thai, Flower Tucci, Michelle Tucker, Juelz Ventura, Dana Vespoli, Candace Von en Ricki White.

Yn 2012 loek Justin Slayer him út 'e pornoyndustry werom.

Lichemsskaaimerken

bewurkje seksje

Justin Slayer is swart, mei swart hier, hoewol't er yn 'e regel syn holle kealskeard hie. Neffens syn offisjele opjefte is er 1.83 m lang, mei in gewicht fan 86 kg. Hy hat gjin piercings, útsein gatsjes troch earlellen, en likemin hat er tatoeaazjes.

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
jier priis resultaat kategory foar har optreden yn
2004 AVN Award nominearre bêste triosekssêne (mei Lucy Lee en Mark Anthony) Chasing the Big Ones 16
2006 AVN Award nominearre bêste sekssêne yn in produksje opnommen yn it bûtenlân (mei Sandra Romain) Just Fuckin’
2007 AVN Award nominearre bêste anale sekssêne (fideo) (mei Flower Tucci) Big Booty White Girls 4
nominearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
wûn bêste searje oer in minderheid (Latina) Mami Culo Grande
wûn bêste searje oer in minderheid (swart) Phatty Girls
2008 AVN Award nominearre bêste akteur (fideo) Merc
nominearre bêste regisseur (fideo) Merc
nominearre bêste fideografy Merc
nominearre regisseur fan it jier oeuvre
2009 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (mei Aninha, Ana Bela, Viviane, Jorge Carmichael en Nat Turnher) Mami Culo Grande 6
wûn bêste film mei in minderheidstema (Latina) Mami Culo Grande 6
Urban X Award wûn bêste regisseur (gonzo) n.f.t.
2010 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Sarah Vandella) Booty I Like 5

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: