Esperanza Gomez, folút: Esperanza Gómez Silva (Belalcázar, 18 maaie 1980), is in Kolombiaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise, dy't ek wol wurke hat ûnder inkeld har foarnamme Esperanza (wat yn it Spaansk "hope" betsjut). Har ropnamme is Espe. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m lang, mei in gewicht fan 55 kg en kupmaat 36D, dy't se krigen hat troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean.

Esperanza Gomez
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Esperanza, Espe Gomez
echte namme Esperanza Gómez Silva
nasjonaliteit Kolombiaansk
berne 18 maaie 1980
berteplak Belalcázar (Kolombia)
etnisiteit Kolombiaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2009 – no
offisjele webside
www.esperanzagomez.org

Libben en karriêre bewurkje seksje

Esperanza Gomez waard yn 1980 berne yn it Kolombiaanske Belalcázar. Op har sande woe se al model wurde. Yn 2005, doe't se 22 jier wie, stie as Playmate yn it neakenblêd Playboy. Datselde jiers waard se by in missferkiezing de titel Miss Playboy TV Colombia. Yn dy hoedanichheid die se ek mei oan 'e ferkiezing fan Miss Playboy TV Latinoamerica & Iberia, mar dêr foel se bûten de prizen.

Yn 2009, doe't se har ûnderwilens yn 'e Amerikaanske steat Floarida nei wenjen set hie, makke se har debút as pornoaktrise. Dat earste jiers spile se yn twa pornografyske films fan 'e minder bekende studio Justin Slayer International, te witten: Confessions over Cocktales 2 en South Beach Cruisin' 3. Sûnt hat se, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD), yn 21 pornofilms te sjen west, wêrûnder noch ferskate fan Justin Slayer International en guon oare ûnbekendere labels, mar ek in stikmannich fan 'e mear foaroansteande studio Pure Play Media. Dêrnjonken hat se ek in hiel soad wurke foar pornosites as Bang Bros, Naughty America en Brazzers. Yn 2013 waard se nominearre foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld).

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2013 AVN Award nominearre ûnderwurdearre stjer fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.