Audree Jaymes, echte namme: Takara Snell (Lake Forest (Illinois), 25 april 1983), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise en prostituee fan Afro-Amerikaansk komôf. Hja sette yn 2002 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Yn 't earstoan makke Jaymes ek wol gebrûk fan 'e nammen Adrianna, Adrianna DeMarco, Audry en Audrey, wylst har úteinlike artystenamme ek wol (mis)stavere waard as Audrey James. Yn 2010 beëinige Jaymes har karriêre as pornoaktrise.

Audree Jaymes
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Audrey James, Audry, Audrey,
Adrianna, Adrianna DeMarco
echte namme Takara Snell
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 25 april 1983
berteplak Lake Forest (Illinois)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise, prostituee
jierren aktyf 20022010
offisjele webside
www.audreejaymesxxx.com

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jaymes waard yn 1983 berne yn it plakje Lake Forest, yn 'e steat Illinois, mar groeide op yn 'e stêd Milwaukee, yn 'e steat Wiskonsin.[1] Yn 2002, doe't se njoggentjin jier wie, ferfear se nei Las Vegas, yn Nevada, dêr't se datselde jiers noch har debút as pornoaktrise makke yn 'e film Nice Rack 10. Jaymes hie daliks grut súkses, benammen troch har natuerlike 36DD-kup, en wie tusken 2002 en 2004 de populêrste swarte aktrise yn 'e Amerikaanske pornoyndustry.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Jaymes yn totaal yn krapoan 50 films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Devil's Film, Anabolic Video, New Sensations, Red Light District, Hustler Video, Diabolic Video en Jules Jordan Video. Fierders wurke se ek wol foar minder bekende studio's, lykas Big Top Video, Jon Dough Productions, West Coast Productions, Afro-Centric Productions en Jake Steed Productions. Yn 2004 waard Jaymes nominearre foar in XRCO Award yn 'e kategory 'ûnbesongen sirene'.

Under har karriêre wurke Jaymes gear mei manlike kollega's as T.T. Boy, Mark Davis, Jon Dough, Erik Everhard, Steve Holmes, Mr. Marcus en Mark Wood. Njonken har aktearwurk posearre se ek as neakenmodel en wurke se foar in escortservice. Fan 2004 ôf die se it wat rêstiger oan en lei se har benamme ta op modellewurk foar pornowebsiden op it ynternet. Yn 2010 loek se har hielendal út 'e pornoyndustry werom.

Lichemsskaaimerken

bewurkje seksje

Audree Jaymes is swart, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m lang, mei (alteast ûnder har karriêre yn 'e pornoyndustry) in gewicht fan 50 kg. Hja hat in natuerlike kupmaat 36DD. Behalven troch har earlellen hat Jaymes gjin piercings, en likemin hat se tatoeaazjes.

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2004 XRCO Award nominearre ûnbesongen sirene n.f.t.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Beheinde biografy fan Audree Jaymes