Cherokee d'Ass
Cherokee d'Ass, echte namme Yohanna Renee Kerr (11 febrewaris 1976), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan Afro-Amerikaansk komôf, wa har artystenamme ek wol stavere waard as "Cherokee Dass". Hja moat net betize wurde mei in oare Amerikaanske pornoaktrise, Cherokee, dy't fan Yndiaansk komôf is.
Cherokee d'Ass | ||
![]() | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Cherokee, Cherokee Dass | |
echte namme | Yohanna Renee Kerr | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 11 febrewaris 1976 | |
berteplak | ? (Kalifornje) | |
etnisiteit | ![]() | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 1999 – 2012 | |
offisjele webside | ||
www.cherokeedass.com |
Libben en karriêreBewurkje
Cherokee d'Ass waard berne yn it suden fan 'e steat Kalifornje en groeide op yn Los Angeles. Se rekke yn 'e pornoyndustry behelle doe't se yn 1999 reägearre op in fakatuere wêrfan't se op dat stuit noch net wist dat it om pornografysk optreden gie. Nei't se har beprate litten hie troch de lju dy't de fakatuere pleatst hiene, makke se koarte tiid letter har debút yn in pornografyske film. Sûnt spile se yn 141 pornofilms, foar labels as Black Ice, Hustler Video, Elegant Angel, Red Light District, Bang Productions, West Coast Productions en Evil Angel. Yn 2009 sleepte se in nominaasje foar in AVN Award (de Oskars fan 'e pornowrâld) yn 'e wacht. Cherokee d'Ass is 1.60 m, mei in gewicht fan 68 kg. Yn 2007 liet se har boarsten fergrutsje fan in kup B nei in kup D, mar se stiet benammen bekend om har grouwe stuten, mei in heupwiidte fan 52 inch, oftewol 132 sm. Yn 2012 loek Cherokee d'Ass har út 'e pornoyndustry werom.
Prizen en nominaasjesBewurkje
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2009 | AVN Award | nominearre | ûnderwurdearre stjer fan it jier | n.f.t. |
2011 | Urban X Award | wûn | grouste kont fan 'e pornoyndustry | n.f.t. |
Keppelings om utensBewurkje
- (in) Offisjele webside fan Cherokee d'Ass
- (in) Biografy en filmografy fan Cherokee d'Ass yn 'e Internet Movie Database
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|