Sinnamon Love, echte namme: Kamilah Rouse (Flint (Michigan), 31 desimber 1973), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, fetysjmodel, dominatriks, pornografysk aktrise en pornoregisseur fan mingd Afro-Amerikaansk, Dútsk, Yndiaansk en Louisiaansk-Kreoalsk komôf, dy't op 't heden wurksum is as publisiste, kollumniste, radiopresintatrise en seksuologe. Har artystenamme is troch de jierren hinne op ferskate manearen ferhaspele, ta Sinemon Love, Cinnamon Love, Sinnamon, Sinamon, Sinemon, Sinnamen, Cinnamon en Sinnamone. Neffens har offisjele opjefte is se in petiterige 1.55 m lang, mei in gewicht fan 54 kg en kupmaat 34D.

Sinnamon Love
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Sinemon Love, Cinnamon Love,
Sinnamon, Sinamon, Sinemon,
Sinnamen, Cinnamon, Sinnamone
echte namme Kamilah Rouse
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 31 desimber 1973
berteplak Flint (Michigan)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
Dútsk
Yndiaansk
Louisiaansk-Kreolsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, fetysjmodel,
dominatriks, pornoaktrise,
regisseur
jierren aktyf 19932010
offisjele webside
sinnamonlove.com

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Sinnamon Love waard yn 1973 berne yn it yndustrystedsje Flint, yn 'e steat Michigan, dêr't se ek opgroeide. Mei 16 jier ferfear se nei it Kalifornyske Los Angeles, dêr't se in jier earder as normaal har middelbere-skoaldiploma helle. Love troude wylst se noch studearre oan it Santa Monica Kolleezje, mar it houlik einige al rillegau yn in skieding, wêrby't se efterbleau mei twa lytse bern.

Pornokarriêre

bewurkje seksje

Love wurke oerdeis as ferkeapster yn in kleanwinkel en learde jûns foar ferpleechster, doe't se benei kommen waard troch in ympressario út 'e pornoyndustry, dy't har foarrekkene hoefolle mear oft se fertsjinje koe as pornoaktrise. Sadwaande makke Love yn 1993, doe't se 20 jier wie, har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile hja neitiid yn 284 films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Wicked Pictures, Sin City, Vivid Entertainment, Evil Angel, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Elegant Angel, Anabolic Video, New Sensations, Devil's Film, VCA Pictures en Red Light District.

 
Sinnamon Love.

Ek wurke Love wol foar minder bekende studio's, lykas Pure Play Media, West Coast Productions, Platinum X Pictures, Seymore Butts Home Movies en de op ebony-porno taleine labels Black Ice en Afro-Centric Productions. Fierders wie Love ek in protte foar pornosites op it ynternet yn 't spier, lykas Brazzers en Kink.com. Se waard yn 2011 nominearre foar in AVN Award (de Oskars fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory skandalichste sêne, foar har optreden yn 'e film Rough Sex 2. Yn 2009 waard se ynhuldige as lid fan 'e Urban X Hall of Fame en yn 2011 as lid fan 'e AVN Hall of Fame.

Njonken har aktearwurk wie Sinnamon Love ek aktyf as glamourmodel, neakenmodel (yn mear as 30 ûnderskate neakenblêden), fetysjmodel en dominatriks. Yn 2000 regisearre hja sels de pornofilm My Black Ass 4, dy't it jiers dêrop twa nominaasjes foar in AVN Award yn 'e wacht sleepte. Love wie yn 1995 te gast op 'e tillefyzje yn it praatprogramma fan presintator Jerry Springer, en letter ek yn dat fan Tyra Banks. Hja hat ynterviews jûn oan kranten en tydskriften as de L.A. Times, London GQ en de Philadelphia Inquirer.

Fierders stie se yn 2003 op 'e earste omslach fan it hiphop- en pornoblêd Fish 'n Grits, tegearre mei rapper Redman, en wurke se yn 2005 mei oan in realitytillefyzjeprogramma op 'e betelstjoerder Playboy TV, wêrby't se mei sjonger Cee-Lo Green op salsa-les gie. Fanôf juny 2007 wie se boppedat mei-presintatrise fan it programma Fetish at Night, op 'e ynternetstjoerder PrimeTimeUncensored. Yn 2010 wurke se mei oan in reklamespotsje fan 'e Free Speech Coalition tsjin piraterij op it ynternet. Yn 2010 gie Sinnamon Love in jier lang op toernee mei The Punany Poets út it HBO-programma Real Sex. Mei-inoar brochten hja in teätershow op 'e planken dy't wijd wie oan sekspositive poëzij en seksûnderwiis. Oan 'e ein fan dat jier loek Love har foargoed út 'e pornoyndustry werom.

 
Sinnamon Love.

Lettere karriêre

bewurkje seksje

Sûnt de beëiniging fan har pornokarriêre wurket Love as publisiste op it mêd fan seksûnderwiis, seksuology en de pornoyndustry, wylst se as kollumniste bydragen leveret foar websiden oer hiphop, it grutbringen fan bern en feminisme. Yn 2011 sette hja útein mei in ynternetradioprogramma op DTFRadio.com, dat de namme Sex, Love & Hip Hop hat. Dêrfoar hat hja fraachpetearen mei hiphopartysten en lieders fan 'e Afro-Amerikaanske mienskip yn 'e Feriene Steaten.

Dêrnjonken wurdt Love faak as sprekster frege op akademyske en feministyske gearkomsten dy't de pornoyndustry oangeane, mar ek oer ûnderwerpen as sekswurk, de minsklike seksualiteit, seksûnderwiis, relaasjes, bondaazje en SM. Mei't ien fan har bern it syndroom fan Asperger hat (in stoarnis dy't ta it autistyske spektrum heart), hat Love har ek ûntjûn ta in aktiviste op it mêd fan passend ûnderwiis foar autistyske bern yn 'e earmere buerten fan 'e Amerikaanske binnenstêden.

Priveelibben

bewurkje seksje

Sinnamon Love is de mem fan twa dochters en ien soan. Hja hat aaistokkanker hân, mar is folslein genêzen, hoewol't der al in aaistôk en in aailieder by har ferwidere binne. Har hobbys binne itensieden en it spyljen fan boerdspultsjes. Love wennet yn New York.

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2001 AVN Award nominearre bêste fideo mei in etnysk tema My Black Ass 4 (rezjy)
nominearre bêste anale sekssêne (fideo) My Black Ass 4 (rezjy)
2009 Urban X Award ynhuldige Urban X Hall of Fame n.f.t.
2011 AVN Award nominearre skandalichste sekssêne (mei Orpheus Black, Shane Diesel en Richard Mann) Rough Sex 2
ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.
CineKink Audience Choice Award wûn Bring It-kategory Rough Sex 2

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.