Davia Ardell
Davia Ardell, echte namme: Christina Walsh (Las Vegas (Nevada), 17 maart 1975), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise, wa har artystenamme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Davia Adrell, Davia Ardel of Davia Arrdell. Hja hat ek wol wurke ûnder de skûlnammen Davia, Davia Linn en Stormy Weathers (of Stormy Weather, Stormy Wheather of Stormy Wheathers). Hja sette yn 1995 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Ardell waard benammen bekend om har grutte (silikoane)boarsten, har kirjende kreunjen ûnder de seks en har anale sekssênes. Yn 2009 beëinige se har karriêre as pornoaktrise.
Davia Ardell | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Davia, Davia Adrell, Davia Ardel, Davia Arrdell, Davia Linn, Stormy Weather, Stormy Weathers, Stormy Wheather, Stormy Wheathers | |
echte namme | Christina Walsh | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 17 maart 1975 | |
berteplak | Las Vegas (Nevada) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 1995 – 2009 | |
offisjele webside | ||
www.xxxdaviaardell.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeArdell waard yn 1975 berne yn Las Vegas, yn 'e Amerikaanske steat Nevada,[1][2] of mooglik yn Houston, yn 'e steat Teksas,[3][4] (de boarnen sprekke inoar tsjin). Hja begûn frijwol daliks te wurkjen as stripper nei't hja yn 1993 mearderjierrich wurden wie. Yn in stripklub yn Las Vegas kaam se yn 'e kunde mei pornoaktrise Danyel Cheeks. Dy beiden rekken befreone, en úteinlik yntrodusearre Cheeks Ardell yn 'e Amerikaanske pornoyndustry.
Yn 1995, doe't se tweintich jier wie, makke Ardell har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se neitiid yn mear as 250 films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Adam & Eve, Vivid Entertainment, Elegant Angel, Wicked Pictures, VCA Pictures, Hustler Video, Sin City, Anabolic Video, New Sensations, Evil Angel en Devil's Film.
Ardell spile fierders ek yn ferskate produksjes fan it Sweedske Private-label. Ek wurke se wol foar minder bekende Amerikaanske studio's, lykas Metro, Leisure Time Entertainment, Coast to Coast Video, Legend Video, Platinum X Pictures en Third Degree Films en foar it Kanadeeske Mile High Media. Dêropta wie se ferskate kearen yn 't spier foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder Reality Kings en Brazzers.
Njonken har aktearwurk posearre Ardell ek wol neaken foar manljusblêden. Sûnt 2007 wie ek wer aktyf as stripper, wêrby't se as feature dancer by stripklubs yn heul de Feriene Steaten en Kanada lâns reizge. Uteinlik loek Ardell har yn 2009, nei in karriêre fan fjirtjin jier, út 'e pornoyndustry werom, hoewol't der noch films mei nij materiaal fan har útkamen oant yn 2013.
Lichemsskaaimerken
bewurkje seksjeDavia Ardell is blank, mei ljochtbrune eagen en fan natuere brún hier dat se ornaris blondearje lit. Neffens har offisjele opjefte is se mar 1.50 m lang, mei in gewicht fan 55 kg, en kupmaat 36D, wêrfoar't se in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien hat. Behalven troch har earlellen hat in piercing troch har klitoris, mei dêropta in tongpiercing, in labret en in nâlpiercing. Se hat in lytse tatoeaazje op 'e mulfinger fan har rjochterhân, in floral op har lofterskouderblêd en in tatoeaazje fan in skorpioen op har rjochterstút.
Filmografy (seleksje)
bewurkje seksje
|
|
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Davia Ardell
- (in) Davia Ardell op MySpace
- (in) Biografy en filmografy fan Davia Ardell yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Davia Ardell yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Biografyske gegevens fan Davia Ardell op FreeOnes