Tongpiercing
In tongpiercing of tongepiercing is in piercing dy't troch de tonge hinne makke wurdt. Dizze foarm fan 'e piercing ken in lange skiednis, benammen yn Midden-Amearika. Yn 'e Westerske kultuer is de tongpiercing sûnt de 1980-er jierren ynboargere rekke. Tongpiercings binne der yn ferskate foarmen en kinne ferskillende medyske problemen feroarsaakje. Ta dit soarte fan lichemsfersiering kin besletten wurde om ferskate redens: om 'e estetyske wearde, om útdrukking te jaan oan 'e eigen identiteit of fanwegen de ekstra stimulaasje by dielname oan orale seks.
Skiednis
bewurkje seksjeDe praktyk fan it meitsjen fan tongpiercings giet yn Midden-Amearika hûnderten jierren tebek, mei't it yn sawol de Azteekske as de Maya-beskaving foarkaam. Dêrfan binne yllustraasjes oerlevere mei preesters dy't in rituële tongpiercing ûndergeane en dan bloed út 'e mûle sûgd krije of rûge koarden troch de piercing lûke dy't bedoeld binne om 'e pine oanboazje te litten, en sa de goaden te ferearjen. Der bestiet lykwols gjin bewiis dat sokke tongpiercings permanint fan aard wiene. In soartgelikense praktyk kaam en komt noch foar by fakirs út Súd-Aazje, dy't har tonge en/of wangen trochboarje om harren steat fan trâns te bewizen.
Yn 'e Westerske kultuer kaam it oanbringen fan permaninte tongpiercings ein jierren santich, begjin jierren tachtich yn 'e moade by in subkultuer, foar in part om't doe gaadlik stiel rûnom beskikber kaam om sieraden fan te meitsjen foar sokke piercings. Dêrby giet it om saneamde studs, dy't besteane út in koart steafke mei in breder knopke oan elts fan 'e beide úteinen. As der yn dit ramt fan in 'tongring' sprutsen wurdt, doocht dat net, want in ring wurdt frijwol nea troch in tongpiercing oanbrocht. Anno 2015 wurde tongpiercings net mear beskôge as 'ekstreem', en foarmje se in ridlik akseptearre part fan 'e Westerske mainstream-kultuer. Lykwols binne se net mear sa populêr as yn 2011, want sûnt is de tongpiercing weromgien fan it twadde nei it fjirde plak op 'e list fan populêrste piercings by sawol manlju as froulju.
Soarten tongpiercings
bewurkje seksjeDe meast foarkommende tongpiercing is in fertikale piercing troch de midden fan 'e tonge hinne. As der twa tongpiercings yn in rige efterinoar pleatst binne, wurdt dat soms in angel bite neamd. Twa tongpiercings njonkeninoar hjit in venom bite. Fierders is snake-eyes de namme foar in tongpiercing wêrby't in krom steafke horizontaal troch it puntsje fan 'e tonge oanbrocht wurdt. Ta einbeslút is der ek noch de tongfrenulumpiercing, wêrby't in horizontale piercing oanbrocht wurdt troch de tongrym, de weefselploai oan 'e ûnderkant fan 'e tonge. Sa'n piercing wurdt yn 'e regel net as in echte tongpiercing sjoen.
Medyske beswieren
bewurkje seksjeTongpiercings kinne ferskate medyske swierrichheden feroarsaakje. Sa hat 14% oant 41% fan 'e lju dy't sieraden troch in tongpiercing drage skea oan it gebit, lykas as slitaazje oan 'e tosken en yn it slimste gefal ôfbrutsen tosken. In oar probleem is it weromwiken fan it sêfte weefsel yn 'e mûle, wêrûnder it toskfleis, wat de stabiliteit fan it gebit yn gefaar bringt. Soks komt by 19% oant 68% fan 'e lju foar dy't sieraden troch in tongpiercing drage. Fierders biedt de tongpiercing in dreech skjin te hâlden hoekje dat kolonisearre wurde kin troch ûnwinske baktearjes, of troch skimmels, lykas de Candida albicans.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |