Freonskip

(Trochferwiisd fan Befreone)

Freonskip is in relaasje fan wjerssidige affeksje tusken twa of mear persoanen. As it dêrby om manlju of jonges giet, sprekt men fan freonen, maten of kammeraten; as it om froulju of famkes giet, sprekt men fan freondinnen of kammeraatskes. Freonskip is in sterkere ynterpersoanlike bân as kunde, mar in swakkeren as leafde. It ferskynsel freonskip wurdt wittenskiplik bestudearre yn 'e sosjology, de sosjale psychology, de antropology en de filosofy. Yn dat ramt binne ferskate teoryen opsteld om freonskip te ferklearjen, wêrûnder de sosjale útwikselingsteory, de equity-teory en de relasjonele dialektyk. Ut ûndersyk is bleken dat minsken mei neie freonskippen har oer it algemien lokkiger fiele as lju dy't sokke bannen net hawwe.

Twa jonge freondintsjes.
Freon wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: freon (betsjuttingsside).

Hoewol't der in grut ferskaat oan soarten freonskip bestiet, benammen ôfhinklik fan 'e sosjale status en klasse fan 'e lju dy't deryn behelle binne, komme beskate skaaimerken yn frijwol alle freonskippen foar. Dêrby giet it oan affeksje, sympaty, empaty, earlikens, altruïsme, wjerssidich begryp en begrutsjen, aardichheid oan it selskip fan 'e oare, fertrouwen en de mooglikheid om flaters te begean sûnder dat jins freon of freondinne jin dêrop ôfrekkenet. Der bestiet yn prinsipe gjin praktyske beheining oan hokker lju oft freonskip slute kinne, mar dochs is it sa dat freonen en freondinnen oer it algemien deselde maatskiplike eftergrûn hawwe: faak komme se út deselde maatskiplike klasse, hawwe se itselde berop of deselde leafhawwerij of hearre se ta deselde demografyske groep.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.