Ashlynn Leigh, echte namme ûnbekend (Dallas, 11 maaie 1992), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise wa har artystenamme oft ek wol misstavere wurdt as Ashlyn Leigh. Neffens har offisjele opjefte is se 1.66 m, mei in gewicht fan 57 kg en kupmaat 34B.

Ashlynn Leigh
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Ashlyn Leigh
echte namme ?
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 11 maaie 1992
berteplak Dallas (Teksas)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2011 – no
offisjele webside
ashlynnleigh.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Ashlynn Leigh waard yn 1992 berne yn it Teksaanske Dallas, en groeide op yn Haltom City, in foarstêd fan Fort Worth. Se wurke as stripper en as barkeeper foar't se yn novimber 2010, doe't se achttjin jier wie, foar it earst belutsen rekke by de Amerikaanske pornoyndustry. Hja ferfear dêrop nei Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, en makke yn 2011 har debút yn in pornografyske film.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Leigh sûnt yn likernôch 110 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande studio's as Evil Angel, Adam & Eve, Hustler Video, Third Degree Films, Elegant Angel, Zero Tolerance, Devil's Film, New Sensations, Digital Sin en Pure Play Media. Teffens hat se in protte wurke foar pornosites as Brazzers en Kink.com. Yn 2013 en nochris yn 2014 waard Leigh nominearre foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornoyndustry).

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2013 AVN Award nominearre bêste orale sekssêne Massive Facials 5
2014 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Annika Amour, Lily Cade, Shyla Jennings,
Pepper Kester, Annabelle Lee, Aaliyah Love, Taliah Mac en Tracey Sweet)
Lesbian Fuck Club

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: