Jade Marcela, echte namme: Claudia Marcelia (Djakarta, 22 juny 1980), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, pornografysk aktrise en pornoregisseur fan etnysk Javaansk komôf, dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke hat fan 'e skûlnammen Marcela Jade, Marcella Montes, Marcela Montes, Jade M., Jade, Jill en Kristi. Har úteinlike artystenamme waard ek faak misstavere as Jade Marcella. Neffens har offisjele opjefte is Marcela 1.63 m lang, mei in gewicht fan 46 kg en kupmaat 33B. Har jongere suster Nyomi Marcela wie foarhinne ek aktyf as pornoaktrise.

Jade Marcela
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Jade Marcella, Marcela Jade,
Marcella Montes, Marcela Montes,
Jade M., Jade, Jill, Kristi
echte namme Claudia Marcelia
nasjonaliteit Yndonezysk
Amerikaansk
berne 22 juny 1980
berteplak Djakarta (Yndoneezje)
etnisiteit Javaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise,
regisseur
jierren aktyf 19992006
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Neffens de measte boarnen waard Jade Marcela op 22 juny 1980 berne yn 'e Yndonezyske haadstêd Djakarta,[1][2] en net yn 'e Amerikaanske steat Hawaï, sa't de Internet Movie Database (IMDb) beweart. (De IMDb wol ek hawwe dat Marcela en har jongere suster Nyomi in twilling binne, wylst alle oare boarnen der ienriedich oer binne dat dat net sa is.) Yn alle gefallen wiene Marcela har âlden ôfkomstich út Tegal, yn 'e Yndonezyske provinsje Midden-Java. Se emigrearren lykwols al koart nei har berte nei de Feriene Steaten. It is mooglik dat se earst in lyts hoartsje op Hawaï trochbrocht hawwe, mar tsjin 'e simmer fan 1981 hiene se har yn súdlik Kalifornje fêstige, dêr't Marcela opgroeide.

Yn 1999 makke se koart nei har njoggentjinde jierdei har debút yn in pornografyske film. Neitiid spile Marcela, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD), yn totaal yn 285 pornofilms, wêrby't se gauris meiwurke oan sênes mei anale seks en dûbele penetraasje. Fierders spile se yn teminsten trije sênes mei har suster Nyomi. Marcela wie û.m. wurksum foar sokke foaroansteande labels as Hustler Video, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Anabolic Video, New Sensations, Evil Angel, West Coast Productions, Diabolic Video, Elegant Angel, Adam & Eve, Sin City, Devil's Film, Red Light District, VCA Pictures, Seymore Butts Home Movies en Jill Kelly Productions.

Njonken har aktearwurk wie Marcela ek aktyf as neakenmodel, wêrby't se foar ferskate neakenblêden posearre, en yn 2005 en 2006 regissearre se sels seis pornofilms, twa foar de studio Torrid Video en fjouwer foar Defiance Films. Yn 2001 waard se nominearre foar in XRCO Award. Uteinlik hold Marcela yn 2006, nei't se troud wie, op mei har wurk as aktrise, al bleau se dêrnei noch ferskate jierren efter de skermen by de pornoyndustry belutsen.

Jade Marcela wie de earste pornoaktrise fan Yndonezysk komôf dy't bekendheid krige, en har karriêrekar soarge yn har konservatyf islamityske bertelân foar frijwat kontroverse. De regint fan Tegal, it berteplak fan har âldelju, rôp har sels op om har wurk op te jaan en har yn Yndoneezje nei wenjen te setten, dêr't hy har dan in "respektabeler" baan besoargje soe.

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2001 XRCO Award nominearre ûnderwurdearre sirene n.f.t.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Biografyske gegevens en filmografy fan Jade Marcela yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
  2. Biografyske gegevens fan Jade Marcela op FreeOnes