Kagney Linn Karter
Kagney Linn Karter, echte namme: Kagney Linn Necessary (Houston (Teksas), 28 maart 1987 - Cuyahoga County, Ohio, 15 febrewaris 2024), wie in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise, wa har artystenamme geregeldwei op ferskate manearen ferhaspele waard, ta Kagney Karter, Kagney Lynn Karter, Kagney Lyn Karter, Kagney Lin Karter en sels ta Kagney Lynn Karlen. Hja sette yn 2008 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Karter waard tige populêr, stie yn juny 2009 as Penthouse Pet yn it neakenblêd Penthouse en wûn troch de jierren hinne trije AVN Awards (de wichtichtste priis fan 'e Amerikaanske pornoyndustry), wêrûnder yn 2010 dy yn 'e kategory bêste nije stjer.
Kagney Linn Karter | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Kagney Karter, Kagney Lynn Karter, Kagney Lyn Karter, Kagney Lin Karter, Kagney Lynn Karlen | |
echte namme | Kagney Linn Necessary | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 28 maart 1987 | |
berteplak | Houston (Teksas) | |
stoarn | 15 febrewaris 2024 | |
stjerplak | Cuyahoga County, Ohio | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2008 – 2024 | |
offisjele webside | ||
www.kagneylinnkarter.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonge jierren
bewurkje seksjeKarter waard yn 1987 berne yn Houston, yn 'e Amerikaanske steat Teksas, mar groeide op yn St. Joseph, yn 'e steat Missoury, en yn Ridgeway, yn Pennsylvania. Se kaam oan har aparte foarnamme trochdat har heit in grut fan wie fan akteur James Cagney. Op 'e middelbere skoalle die se oan hurddraven en wie se lid fan it cheerleadersteam. Dêrnjonken wurke se as servearster yn in Meksikaansk restaurant en as winkelbetsjinde yn in kantoarboekhannel. Nei't se mearderjierrich wurden wie, sette Karter útein mei in wurkpaad as stripper yn Missoury, en yn 2007 waard se troch it bedriuw Déjà Vu beneamd ta Missouriaansk 'showgirl fan it jier'.
Karriêre as pornoaktrise
bewurkje seksjeDatselde jiers noch ferfear Karter nei Los Angeles, yn Súdlik Kalifornje, om te besykjen en begjin in karriêre as mainstream-aktrise en sjongster. Se krige lykwols spul mei har agint doe't dy ûntdiek dat se yn Missoury as stripper wurke hie. Neitiid begûn Karter ek yn Kalifornje wer te wurkjen as stripper, en dêrnjonken sette se útein mei wurk as neakenmodel. Karter sleat in kontrakt ôf mei LA Direct Models, ien fan 'e ynfloedrykste ympressariaten fan 'e Amerikaanske pornoyndustry, wêrnei't se yn septimber 2008, doe't se 21 jier wie, har debút as pornoaktrise makke yn in sêne mei Johnny Sins foar de webside Naughty America. Yn 2010 tekene se in eksklusyf kontrakt mei de studio Zero Tolerance Entertainment.
Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Karter tsjin 2024 yn krapoan 964 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Diabolic Video, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Elegant Angel, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Digital Playground, New Sensations, Evil Angel, Hustler Video, Adam & Eve, Devil's Film, Red Light District, Sin City, Anabolic Video, Digital Sin en Shane's World.
Fierders wurke se ek wol foar minder bekende studio's, lykas Third Degree Films, Mike Adriano Media, Pure Play Media, Metro, Girlfriends Films en Mile High Media. Ek wie Karter in protte yn 't spier foar pornografyske websiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers, Naughty America, BlacksOnBlondes en Muffia. Mei al dat wurk wûn se troch de jierren hinne trije AVN Awards (de Oscars fan 'e pornowrâld), wêrûnder yn 2010 dy yn 'e kategory bêste nije stjer. Dêrnjonken sleepte se noch 20 nominaasjes foar in AVN Award yn 'e wacht en wûn se ferskate oare prizen. Yn jannewaris 2009 rjochte se har eigen filmstudio op, mei as namme KLK Entertainment.
Karriêre as neakenmodel
bewurkje seksjeNjonken har aktearwurk wie Karter ek tige aktyf as neakenmodel. Yn 2009 posearre se sawol foar it neakenblêd Hustler as foar AVN, it faktydskrift fan 'e Amerikaanske pornoyndustry, en pronke se by beiden op 'e omslach. Datselde jiers wie se ek de Penthouse Pet fan 'e moanne juny foar it ferneamde neakenblêd Penthouse. Teffens stie se op 'e omslach fan it fotoboek Erotic Dream Girls, fan 'e foaroansteande neakenfotografe Holly Randall, dat yn oktober fan 2009 publisearre waard. Fierders wurke se yn 2012 mei oan 'e BBC-dokumintêre Twilight of the Porn Stars, fan programmamakker Louis Theroux.
Karriêre as sjongster
bewurkje seksjeUnder de namme Kagney Necessary brocht Karter as sjongster yn 2018 in EP út mei as titel The Crossover. Yn 2022 ferskynde in twadde EP fan har, dy't The Take Over hiet.
Dea
bewurkje seksjeKarter ferstoar troch selsmoard yn Cuyahoga County, Ohio op 15 febrewaris 2024. Se wie 36 jier âld. Har dea waard fjouwer dagen letter meld troch TMZ.[1]
Lichemsskaaimerken
bewurkje seksjeKagney Linn Karter wie blank, mei blauwe eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte wie se 1.63 m lang, mei in gewicht fan 54 kg, en kupmaat 34D, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Se hie gjin tatoeaazjes, mar wôl ferskate piercings, wêrûnder in nâlpiercing, twa hûdpiercings ûnder de nâle en piercings troch har klitoris en har rjochterskamlippe.
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2010 | AVN Award | nominearre | bêste solosekssêne | Not Married with Children XXX |
nominearre | bêste lesbyske groepsekssêne (mei Kayden Kross en Holly West) | Swing Time | ||
nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (mei Mark Ashley) | Swimsuit Calendar Girls 2 | ||
nominearre | bêste byrol fan in aktrise | Not Married with Children XXX | ||
wûn | bêste POV-sekssêne | Pound the Round P.O.V. | ||
wûn | bêste nije stjer | n.f.t. | ||
Xbiz Award | wûn | nije stjer fan it jier | n.f.t. | |
XRCO Award | wûn | bêste nije stjer | n.f.t. | |
2011 | AVN Award | nominearre | bêste striptease | Slut Worthy |
nominearre | bêste solosekssêne | Flying Solo 2 | ||
nominearre | bêste lesbyske groepsekssêne (mei Nikki Jayne, Tory Lane en Faye Reagan) | The Condemned | ||
nominearre | bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Shyla Stylez en Mark Ashley) | Pornstar Workout 2 | ||
nominearre | froulike artyst fan it jier | n.f.t. | ||
2012 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske groepsekssêne (mei Marie Luv en Sarah Vandella) | All About Kagney Linn Karter |
nominearre | bêste orale sekssêne (mei Breanne Benson, Allie Haze en Mike Adriano) | American Cocksucking Sluts | ||
nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (mei Mick Blue) | Breast in Class 2: Counterfeit Racks | ||
nominearre | bêste triosekssêne (f/m/m) (mei Ramón Nomar en Anthony Rosano) | All About Kagney Linn Karter | ||
nominearre | bêste anale sekssêne (mei Manuel Ferrara) | All About Kagney Linn Karter | ||
nominearre | bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Ramón Nomar en Toni Ribas) | Kagney Linn Karter Is Relentless | ||
nominearre | bêste byrol fan in aktrise | Beverly Hillbillies XXX: A XXX Parody | ||
nominearre | bêste aktrise | Official Silence of the Lambs Parody | ||
Urban X Award | wûn | bêste anale sekssêne (mei Prince Yahshua) | Prince the Penetrator | |
XRCO Award | nominearre | bêste aktrise | n.f.t. | |
2013 | AVN Award | nominearre | bêste anale sekssêne (mei Prince Yahshua) | Prince the Penetrator |
nominearre | bêste byrol fan in aktrise | The Godfather XXX: A DreamZone Parody | ||
Xbiz Award | nominearre | froulike artyst fan it jier | n.f.t. | |
2014 | AVN Award | wûn | bêste boarsten (publykspriis) | n.f.t. |
2018 | NightMoves Award | wûn | bêste boarsten (redakteurskar) | n.f.t. |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Kagney Linn Karter
- (in) Biografy en filmografy fan Kagney Linn Karter yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Kagney Linn Karter yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Biografyske gegevens fan Kagney Linn Karter op FreeOnes
- (in) Beheinde biografy fan Kagney Linn Karter
- (in) Unoffisjele biografy fan Kagney Linn Karter
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|