Fotoboek
In fotoboek is in boek dat publisearre wurdt mei de bedoeling om foto's sjen te litten. It kin wol wêze dat der ek tekst yn stiet, mar dy nimt in ûnderstypjende rol oan foar de foto's oer, bgl. troch te fertellen wêr't de foto nommen is en wat derop te sjen is. Soms befetsje fotoboeken alhiel gjin tekst. Sokke útjeften hawwe ornaris in grutter formaat as dat foar in boek gewoan is. Se wurde almeast yn in beheinde oplaach publisearre om't der net in geweldich soad fan ferkocht wurde, en dat feit yn 'e mande mei it grutte formaat en it ôfdrukken fan plaatsjes, dat dochs al djoerder is as it ôfdrukken fan tekst, makket fotoboeken yn 'e regel frij prizich. It fotoboek is besibbe oan it coffee table book en wurdt ek gauris as sadanich brûkt.
De ierste fotoboeken waarden karakterisearre troch it gebrûk fan fotografyske printingsmetoaden as ûnderdiel fan harren reprografyske technology. Fotografyske printen waarden dêrby oan it boek tafoege ynstee fan der yn ôfprinte te wurden op itselde papier dat ek foar de tekst brûkt waard. Sadwaande waarden fotoboeken oarspronklik útbrocht yn tige beheinde oplagen oan in netwurk fan befoarrjochte lêzers. Om't sokke wurken tige kwetsber wiene foar ljocht en skansearrings dy't feroarsake waarden troch gebrûk, binne der tsjintwurdich frijwol gjint mear fan oer. It earste fotoboek fan allegear wie mooglik Photographs of British Algae: Cyanotype Impressions, út 1853, fan Anna Atkins. Ayuのデジデジ日記 (Ayu no Deji Deji Nikki), fan 'e Japanske popsjongster Ayumi Hamasaki, dat yn 2009 publisearre waard, wie it earste fotoboek ea dêr't mear as 100.000 eksimplaren fan ferkocht waarden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|