Nâle
De nâle is it plak by minsken (en oare wringedieren) dêr't ûnder it swierwêzen (of yn it aai) alle bloed en fiedingsstoffen de foetus en letter it embryo berikke fan it lichem fan 'e mem út (of út 'e út 'e djerre fan it aai wei). Nei de berte (of it útkommen fan it aai) bliuwt der troch it ferdrûgjen fan 'e nâlstring in groede efter. De nâle hat by de minske sadwaande in symboalyske betsjutting fan ferbyntenis mei it libben krigen. Hoewol't dit lichemsdiel nei it ôffallen fan 'e nâlstring gjin funksje mear hat en in groede is, wurdt it sels no't tsjintwurdich plastyske sjirurzjy hiel gewoan wurden is, nea fuorthelle, om't in minske sûnder nâle algemien as ûnfolslein beskôge wurdt. Sûnt likernôch 2000 is it foar froulju gewoan wurden om in nâlpiercing te nimmen, sadat de nâle fersierd wurde kin mei in sieraad.
Foarm
bewurkje seksjeDe foarm fan 'e nâle is ôfhinklik fan hoe't de groede him ûntjout. Dêrom ferskilt de foarm by eltsenien, sels by ienaaiïge twillingen, dy't fierders lichaamlik identyk binne. Der binne fjouwer ferskiningsfoarmen dy't in protte foarkomme:
- innie: in út it Ingelsk oernommen beneaming foar in ovale oant rûne ûndjippe holte (dit is de meast foarkommende ferskiningsfoarm);
- outie: in út it Ingelsk oernommen beneaming foar in licht oant sterk útpuoljende nâle;
- boltsje: in innie mei yn 'e midden in licht útpuoljend diel dat lykwols net út 'e holte komt;
- knoopke: in platte nâle dy't wol wat wei hat fan in rûne, platte knoop.
Jonge bern en swiere froulju hawwe soms tydlik in outie, dy't by it âlder wurden of nei beëiniging fan it swierwêzen (wer) feroaret yn in boltsje. As de outie groanysk is moat by in te fier útpuoljende nâle (nâlbrek) soms operatyf yngrypt wurde om 'e foarm fan 'e nâle te korrizjearjen.
Religy en mytology
bewurkje seksjeYn ferskate mytologyen en kosmologyen wurdt sprutsen fan in 'nâle fan 'e wrâld'. Dêrmei wurdt in plak oantsjut dat it sintrum fan 'e wrâld of it begjin fan 'e minsklike kultuer wêze soe. Foar de âlde Griken wie de nâle fan 'e wrâld it plak Delfy, dêr't it orakel fan Apollo him befûn. Neffens de Inka's wie Cuzco, yn it hjoeddeiske Perû, de nâle fan 'e wrâld. Ek Peaske-eilân, yn 'e Stille Oseaan, waard wol sa neamd.
Yn guon streamings fan it kristendom wurdt oant op 'e dei fan hjoed diskusje fierd oer de fraach oft Adam en Eva, dy't neffens it skeppingsferhaal fan 'e Bibel de earste minsken wiene, al of net in nâle hiene. Op ferskate Midsiuwske skilderijen binne yn it ramt fan dat debat net inkeld de geslachtsdielen fan Adam en Eva bedutsen mei in figeblêd, mar binne ek harren nâlen troch strategysk pleatste ûnderdielen fan 'e ôfbylding oan it gesicht ûntlutsen. Yn sokke gefallen die de skilder dat om net by de kontroverse belutsen te wurden. It probleem is it folgjende:
- As Adam in nâle hie, dan hat God (dy't him neffens it skeppingsferhaal fan klaai makke) him der bewust útsjen litten as wied er út in mem berne. Dat soe in foarm fan mislieding wêze.
- As Adam lykwols gjin nâle hie, soe dat betsjutte dat er ta in oare soarte hearde as de hjoeddeistige minske. Dêrút soe folgje dat de erfsûnde net mooglik is.
Om't sawol it bestean fan in oprjochte God as it bestean fan 'e erfsûnde hoekstiennen binne fan it kristlik leauwe, is dit teologysk dilemma ûnoplosber.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|