Clarksdale (Mississippy)

Clarksdale is it haadplak fan Coahoma County yn de Amerikaanske steat Mississippy. Clarksdale is ferneamd nei John Clark, dy't it plak mids 19e iuw stichte. Clarksdale leit oan de rivier de Sunflower yn it hert fan de Mississippydelta (Lower Mississippi Delta Region).

Clarksdale (Mississippy)
Coahoma County Mississippy mei Clarksdale
Coahoma County Mississippy mei Clarksdale
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Mississippy
County Coahoma County
Sifers
Ynwennertal 17.962 (2010)
Oerflak 35,9 km²
Befolkingsticht. 499,2 / km²
Stêdekloft n.f.t
Hichte 53 m
Oar
Stifting 1848
Tiidsône UTC-6
Simmertiid UTC-5
Offisjele webside
[]

Clarksdale is it berteplak fan de legindaryske bluesspilers Muddy Waters, John Lee Hooker en Big Jack Johnson en oaren. It wie ek it plak dêr't de skriuwer Tennessee Williams simmerdeis tahold en dêr't sjonger Nate Dogg berne waard.

Clarksdale wurdt beskôge as de widze fan de blues. Clarksdale hat it Delta Blues Museum, de Ground Zero Blues Club (mei troch ynwenner akteur Morgan Freeman oprjochte), en de Shack Up Inn.

Berne yn Clarksdale

bewurkje seksje