Alpha (film út 2018)
Alpha is in Amerikaanske prehistoaryske aventoerefilm út 2018 ûnder rezjy fan Albert Hughes, mei yn 'e haadrol Kodi Smit-McPhee. De titel betsjut "alfa", yn 'e sin fan 'e lieder fan in ridel wolven. It ferhaal giet oer in jonge jager dy't troch syn stamme foar dea efterlitten wurdt en dêrnei allinne oerlibje moat yn 'e wyldernis. Dêrby slút er freonskip mei in ferwûne wolf. Alle akteurs yn 'e film sprekke in fiktive prehistoaryske taal, dy't optocht waard troch antropologe Christine Schreyer. Alpha krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en groeide yn 'e bioskopen út ta in beskieden kommersjeel súkses.
Alpha | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Albert Hughes | |
produsint | Albert Hughes Andrew Rona | |
senario | Daniele Sebastian Wiedenhaupt | |
kamerarezjy | Martin Gschlacht | |
muzyk | Michael Stearns Joseph S. De Beasi | |
filmstudio | Columbia Pictures Studio 8 The Picture Company | |
distribúsje | Sony Pictures Releasing | |
spilers | ||
haadrollen | Kodi Smit-McPhee Chuck | |
byrollen | Jóhannes Haukur Jóhannesson Natassia Malthe Marcin Kowalczyk Jens Hultén Leonor Varela | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 17 augustus 2018 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | aventoerefilm | |
taal | fiktive taal | |
spyltiid | 96 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $51 miljoen | |
opbringst | $98,2 miljoen |
Plot
bewurkje seksjeYn Jeropa yn it Let-Paleolitikum, 20.000 jier lyn, risselwearret in lytse stamme fan jager-sammelders foar in reis nei de fiere jachtfjilden om itensfoarrieden oan te lizzen foar de kommende winter. Tau, it stamhaad, lit syn teenagesoan Keda en dy syn leeftydsgenoat en maat Kappa dit jier meigean op jacht. Syn frou Rho sit yn noed oer har soan om't se fan miening is dat er noch net ree is foar soks. Tau is it net mei har iens en as de jagers ôfsette, nimt er Keda mei tsjin har beswieren yn.
De jagers folgje in paad dat oanjûn is troch grutte stiensteapels, makke troch harren foarâlden. Underweis moetsje se op in ôfsprutsen plak de jagers fan in oare lytse stamme, dy't oanfierd wurde troch it stamhaad Xi. As de jagers in wyld swyn ferwûnje en fange, stelt Tau Keda op 'e proef troch him it bist deadzje te litten, mar Keda stelt syn heit teloar troch te wifkjen.
Op in jûn, as de jagers om in grut kampfjoer hinne sitte, lûke se de oandacht fan in grutte hoaleliuw, dy't tusken harren troch springt en, foar't se it tsjinkeare kinne, de jonge Kappa meiskuort de nacht yn. As se Kappa syn deadsgjalp earne yn it tsjuster hearre, witte se dat se neat mear foar him dwaan kinne. De oare moarns liedt Tau in koarte útfearttsjinst wêrby't de jagers in lytse steapel fan stiennen meitsje dy't de oergong fan Kappa nei de geastewrâld symbolisearret.
Nei in wike reizge te hawwen, berikke de jagers de jachtfjilden, dêr't se in keppel steppebizons op 'e rin en oer de râne fan in kliff jeie, sadat se te pletter falle. Neitiid slachtsje de jagers de karkassen en helje it bêste fleis derôf, dat se mei werom nei hûs nimme. De rest litte se lizze foar de iesiters. Ien grutte bizonbolle keart lykwols op 'e tiid om en falt Keda oan, dy't dom genôch yn in rjochte line útnaait. Dravendewei kin er it nea winne fan 'e bolle, dy't him ynhellet en fan 'e fuotten rint. De bolle keart op 'e nij om en falt wer oan, wêrby't ien fan syn mânske hoarnen fêst rekket yn 'e bûntkraach fan Keda. Tau en de oaren besykje it bist te deadzjen, mar it smyt Keda fan it klif en springt der dan sels efteroan.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
De bolle falt te pletter mank de rest fan 'e keppel oan 'e basis fan it klif, mar Keda komt telâne op in smelle richel healwei it klif, dêr't er ûnberikber is foar de oare jagers. Tau wol likegoed oer de râne fan it klif klimme, mar hy wurdt tsjinholden troch it befreone stamhaad Xi en syn eigen jager Sigma, dy't him derfan oertsjûgje dat it gekkewurk is om by it klif del te klauterjen en dat se net him ek noch ferlieze kinne. Keda jout gjin libben mear en nei't er in dei en in nacht boppe-oan it klif oan syn soan roppen hat, moat ek Tau tajaan dat er dea is. Underwilens hawwe de oare jagers it slachtwurk dien en binne ree om werom nei hûs, en mei in swier moed hâldt Tau op 'e nij in útfearttsjinst wêrby't in lytse stiensteapel makke wurdt. Dêrnei sette se ôf.
In dei letter of dêromtrint wurdt Keda wekker as in gier him foar in kadaver oansjocht en him pikt. De jonge hat syn ankel slim ferstûke, mar hat gin oare kar as om te besykjen en klim by de rest fan it klif del. In stjalprein soarget foar in hommels opkommende floed yn it it ravyn, en as er syn grip ferliest, falt er sadwaande yn it kolkjende wetter ynstee fan op 'e stiennen. Nei't de floed him earne útspuid hat, spalket Keda syn ferwûne skonk en giet op 'e siik nei syn heit en de oare jagers. As er it stiensteapeltsje fynt, dat se foar him opboud hawwe, kriget er foar it ferstân dat se miene dat er dea is en dat se sûnder him op hûs oan gien binne. Hy beseft dat er op 'e iene of oare manear op eigen krêft sjen moat thús te kommen ear't de strange winter ynfalt en it reizgjen ûnmooglik makket.
Koart nei't er stadich mankepoatsjend oan syn reis begûn is, wurdt Keda oanfallen troch in ridel wolven. Hy wit oan harren te ûntkommen troch beskûl yn in beam te sykjen. Ien fan 'e wolven, dy't him by de skonk fêsthat, slacht er fan him ôf mei syn mês. Dêrby ferwûnet er it bist slim, sadat it efterlitten wurdt troch de oare leden fan 'e ridel as se ôfsette. Keda, dy't de sitewaasje fan 'e wolf identifisearret mei syn eigen, kriget begrutsjen mei it bist, bynt it de bek ticht en nimt it mei. As er it laitsjen fan in ridel hoalehyena's heart, siket er mei de wolf beskûl yn in heechleine grot.
Dêr bliuwe se in stikmannich dagen, wylst Keda syn eigen skonk en de wûne fan 'e wolf fersoarget en iten siket foar himsels en it bist. Stadichoan wit er it fertrouwen fan 'e wolf te winnen, dy't er fuorret en boarnt. Hy fêstiget syn eigen dominânsje oer de wolf troch himsels earst iten te jaan, wylst er it bist op syn miel wachtsje lit. Keda beslút de wolf 'Alfa' te neamen, nei de lieder fan in ridel. As er úteinlik mei in fierhinne genêzen skonk ôfset nei hûs om't er net langer doar te wachtsjen yn ferbân mei de oankommende winter, besiket er Alfa werom te stjoeren nei syn ridel. De wolf hat lykwols in eigen wil, en beslút ynstee Keda te folgjen. Underweis leare se geandewei om tegearre te jeien om oan iten te kommen, en harren relaasje ûntjout him fierder.
Op in jûn komt der in ridel grânzgjende wolven op Keda syn kampfjoer ôf, mar as de bisten Alfa sjogge, kenne se dy wer. Keda stjoert de wolf dan werom nei syn ridel en mei syn allen jouwe de wolven har ôf en litte Keda gewurde. Op eigen manneboet set Keda syn reis fuort wylst de langferwachte winter einlings ynfalt mei snie en temperatueren ûnder it friespunt. Op in beferzen mar sjocht er in ridel wolven by it kadaver fan in grut bist. Hy ken Alfa werom en draaft op him ôf, mar sakket troch it iis. Alfa ferlit de ridel om him út it wetter te helpen en bliuwt neitiid by him.
Trochdat er wiet rekke is, hat Keda it wei krigen, en njonkelytsen boazet syn ferkâldenens oan ta brongitis of longûntstekking en begjint er bloed op te hoastjen. As hy en Alfa in man fine dy't deaferzen is, nimme se dy syn pylk-en-bôge mei. Letter wurde se neisitten troch in ridel hoalehyena's, wêrfoar't se beskûl sykje yn in grot. Dy blykt lykwols al bewenne te wurden troch in hoaleliuw, dy't harren tenei komt. Alfa besiket Keda te beskermjen troch de striid mei de folle gruttere kateftige oan te gean, en rekket slim ferwûne. Keda wit de hoaleliuw úteinlik mei in pylk dea te sjitten. As se wer fierder geane, kin Alfa mar mei muoite meikomme. Uteinlik falt er der hielendal hinne, wêrnei't de almar mear bloed hoastjende Keda, dy't wegeret syn freon efter te litten, it bist draacht.
Op 't langelêst kriget Keda it doarp fan syn stamme yn sicht, wêrnei't er der fan sykte en útputting hinne falt. Syn skokte mar blide heit Tau en mem Rho drave op him ta en helpe him en syn wolvefreon nei binnen ta yn in waarme tinte. De froulike sjamaan fan 'e stamme fersoarget de ferwûnings en oandwanings fan Keda en Alfa, mar Keda is ferbjustere as Alfa, dy't er foar in rikel holden hie, dêr yn 'e tinte it libben skinkt oan in hiel nêst jonge wolfkes. Omreden fan 'e help dy't Alfa bean hat oan ien fan harren, wurde mem en jongen troch de sjamaan en it stamhaad as nije leden fan 'e stamme ferwolkomme, wêrnei't de wolvejongen as earste wolven mank minsken grutbrocht wurde.
Yn it lêste byld fan 'e film komt tsjin it ljocht fan 'e opgeande sinne in groep jagers oer in heuvelrêch hinne, beselskippe fan harren nuete wolven.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Keda | Kodi Smit-McPhee |
Alfa | Chuck |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Tau | Jóhannes Haukur Jóhannesson |
Rho | Natassia Malthe |
Sigma | Marcin Kowalczyk |
Xi | Jens Hultén |
de sjamaan | Leonor Varela |
Nu | Mercedes de la Zerda |
Kappa | Spencer Bogaert |
De rol fan 'e wolf Alfa waard spile troch Chuck, in Tsjechoslowaakske wolfshûn. Yn 'e edysje fan 'e film dy't útbrocht waard yn it Feriene Keninkryk en Ierlân wie in Ingelsktalige voice-over tafoege dy't ynsprutsen wie troch Morgan Freeman. Yn 'e Feriene Steaten en alle oare lannen ûntbriek de voice-over.
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeDe produksje fan Alpha waard yn septimber 2015 oankundige as in projekt fan Studio 8, ûnder de wurktitel The Solutrean (it Solutréen wie in Let-Paleotityske fjoerstienarkmakkersstyl yn West-Jeropa). De film waard regissearre troch Albert Hughes yn syn rezjydebút los fan syn broer Allen Hughes, mei wa't er foartiid fiif films tegearre makke hie. Hy wurke op basis fan in senario dat skreaun wie troch Daniele Sebastian Wiedenhaupt. As produsinten wiene by it projekt Albert Hughes en Andrew Rona belutsen foar de filmstudio's Columbia Pictures, Studio 8 en The Picture Company. Der wie foar Alpha in budget fan $51 miljoen beskikber. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Martin Gschlacht, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Michael Stearns en Joseph S. De Beasi.
De opnamen duorren fan febrewaris oant maaie 2016 en fûnen plak yn Britsk-Kolumbia, op Iislân en yn it Provinsjaal Park Dinosaurus by Patricia, yn Alberta. Yn Britsk-Kolumbia waard filme yn Drumheller, Burnaby en Vancouver. Yn Vancouver waard in grutte filmset boud oan 'e Boundary Road by it krúspunt mei East Kent Avenue. Yn Alberta kamen by de opnamen nei't it skynt fiif Amerikaanske bizons om (dy't trochgean moasten foar Jeropeeske steppebizons). Nei in ûndersyk nei dat ynsidint wegere de American Humane Association de film syn wenstige sertifikaat "By dizze produksje waarden gjin bisten ferwûne" te jaan (dy't ornaris as ûnderdiel fan 'e ôftiteling fermeld wurdt). Twa dagen foar de premiêre fan Alpha rôp bisterjochte-organisaasje PETA op ta in boycot fan 'e film.
Taal
bewurkje seksjeAlle akteurs yn 'e film sprekke in fiktive taal dy't skepen waard troch Christine Schreyer, in heechleararesse antropology oan 'e kampus yn Okanagan fan 'e Universiteit fan Britsk-Kolumbia (UBC). Hja neamde dy optochte taal Beama, en liet har by de kreaasje ynspirearje troch de hypotetyske oertalen Proto-Nostratysk, Proto-Jeraziatysk en Proto-Dené-Kaukazysk.
Distribúsje
bewurkje seksjeYn juny 2017 waard de film omneamd fan The Solutrean ta Alpha. De distribúsje fan 'e film waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing, de distribúsjepoat fan Sony Pictures, dat de memme-ûndernimming fan Columbia Pictures is. Alpha iepene op 17 augustus 2018 yn 'e Amerikaanske bioskopen. Op 13 novimber 2018 kaam er út op dvd en blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeOp 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Alpha in frij heech goedkarringspersintaazje fan 80%, basearre op 130 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei't er goed yn byld brocht is en der goed yn aktearre wurdt, biedt [de film] in fan wolven fuortsterke epysk aventoer, dat opwinende aksje fermingt mei in ekstra poarsje hûnige sjarme." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Alpha in goedkarringspersintaazje fan 63%, basearre op 26 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeAlpha brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $35,9 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $62,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $98,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $51 miljoen betsjut dat in winst fan $47,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |