Gieren fan de Alde Wrâld
De gieren fan de Alde Wrâld foarmje twa ûnderfamyljes fan rôffûgels út de famylje fan de haukfûgels (Accipitridae). Se binne fûgels fan Súd-Jeropa, Súd-Aazje en Afrika. De gieren fan de Nije Wrâld hearre net ta de famylje fan de haukfûgels en foarmje in aparte famylje (Cathartidae) yn it skift fan de rôffûgels of haukeftigen (Accipitriformes). De gieren binne iesiters en fuorje harren mei karkassen fan deade dieren. Folle gieren hawwe in keale of heal keale kop mei in pear fearren of allinnich in bytsje dûns. Dêrmei kinne se makliker de waarmte fan harren kop regelje.
Gieren fan de Alde Wrâld | ||
lammegier (Gypaetus barbatus) | ||
Taksonomy | ||
klasse: | fûgels (Aves) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
rangleas: | bitterfûgels (Afroaves) | |
skift: | haukeftigen (Accipitriformes) | |
famylje: | haukfûgels (Accipitridae) | |
ûnderfamylje: | gieren fan de Alde Wrâld 1 (Gypaetinae) | |
ûnderfamylje: | gieren fan de Alde Wrâld 2 (Aegypiinae) | |
Taksonomy
bewurkje seksjeDe twa ûnderfamyljes fan de gieren fan de Alde Wrâld binne net nau besibbe mei-inoar. De fûgels fan de iene ûnderfamylje, dy ‘t fan de Gypaetinae, binne besibbe mei de huningfalken (Perninae); de fûgels fan de oare ûnderfamylje, dy fan de Aegypiinae, binne nauwer besibbe mei de earnen (Aquilinae). De posysje fan it skaai Eutriorchis binnen de Gypaetinae is net alhiel wis.
- Gieren fan de Alde Wrâld, 2 ûnderfamyljes:
- Underfamylje: Gypaetinae:
- Skaai: Gypohierax, 1 soarte:
- palmgier (Gypohierax angolensis)
- Skaai: Gypaetus, 1 soarte:
- lammegier (Gypaetus barbatus)
- Skaai: Neophron, 1 soarte:
- Skaai: Eutriorchis, 1 soarte:
- Madagaskarslange-earn (Eutriorchis astur)
- Skaai: Gypohierax, 1 soarte:
- Underfamylje: Aegypiinae:
- Skaai: Necrosyrtes, 1 soarte:
- kapgier (Necrosyrtes monachus)
- Skaai: Gyps, 8 soarten:
- wytrêchgier (Gyps africanus)
- Bengaalske gier (Gyps bengalensis)
- Yndyske gier (Gyps indicus)
- tinsnaffelgier (Gyps tenuirostris)
- sparwergier (Gyps rueppelli)
- sniegier (Gyps himalayensis)
- feale gier (Gyps fulvus)
- Kaapske gier (Gyps coprotheres)
- Skaai: Sarcogyps, 1 soarte:
- readkopgier (Sarcogyps calvus)
- Skaai: Trigonoceps, 1 soarte:
- wytkopgier (Trigonoceps occipitalis)
- Skaai: Aegypius, 1 soarte:
- muontsegier (Agypius monachus)
- Skaai: Torgos, 1 soarte:
- eargier (Torgos tracheliotos)
- Skaai: Necrosyrtes, 1 soarte: